Mei de bêste winsken foar twatûzen-alve!

(Dit plaatsje is oars wol in archyffoto fan ôfrûn jannewaris. Safolle snie leit der op it stuit net yn’e Legeaën.)
Tiisdei, achtentweintich desimber 2010.
Posted by André Looijenga on 28/12/2010
Mei de bêste winsken foar twatûzen-alve!

(Dit plaatsje is oars wol in archyffoto fan ôfrûn jannewaris. Safolle snie leit der op it stuit net yn’e Legeaën.)
Tiisdei, achtentweintich desimber 2010.
Posted in Skylk | Tagged: Legeaën | Leave a Comment »
Posted by André Looijenga on 23/12/2010
Àl ‘glûpende kâld’, mar de fearten rane wer. It iis giet wer oan diggels, en de dreamen fan op hurd wetter alve stêden om te riden ek. Fan’e middei gie ik yn Grins de boekemerk yn’e Harmony by del. Fêst foar-krystrituëel. Lykas altyd tôge ik de tas fol (net iens sa) âlde boeken mei nei hûs. De opbringst wie foar it stypjen om earme froulju yn Pakistan op eigen fuotten te helpen. Pakistan, at der ien lân op’e wrâld is dat de ôfrûne jierren de pleagen fan Egypte oer him hinne krige… En tagelyk rillegau fergetten rekket yn’e deistige nijsnúnder.
Ien fan myn oankeapen wie in Rink van der Velde. Pake Sytse, út 1975, mei miskyn wol it meast ûnsjogge omkaft dat ik ea op in Frysk boek seach. Sa ûnsjuch, ik toan him hjir mar net. It siet ús folksskriuwer net mei mei de uterlike fersoarging fan syn dochs sa goed ferkeapjende wurk. Goed, de earste printinge fan De Fûke hat in moai omslach, stylfol en alhiel by de tiid (foar it Fryslân fan’e jierren sechtich). Mar dat der yn’e Rink-van-der-Velde-betinkingsspecial fan de Moanne okkerdeis in blier artikel oer de omkaften fan Van der Velde syn boeken stie, fûn ik hast wrang. At je op allinne de foarkanten ôfgiene, soene syn boeken meast net boppe de streekromantsjes en moppeboekjes útstekke.
It is echt hiel wichtich dat boeken der goed útsjogge. Mar ik bin bang dat dat yn Fryslân noch net by alle útjouwers (en skriuwers) bekind is. Printwurk yn Times New Roman, of júst yn skraachleaze kompjûterlettertsjes. Pocketsjes en omkaften dy’t guodkeapte, klysjee en earmtlikens útstriele… foaral Friese Pers Boekerij hat der patint op.
No ja, en tagelyk ferskine der ek heule moaie nije útjeften hear. Ek yn it Frysk. It kin àl.
Fierders bin ik dizze fakânsje dwaande mei myn promoasje-ûndersyk. Wêrfoar’t ik yn febrewaris foar in wiidweidich kongres nei Rome sil. Dat, it kin àl. En nije wike sil ik noch foar in pear dagen op’e sneup yn in lyts lantsje hjir net fier fuort, mei in eigen lyts taaltsje. In Fryslantsje yn’e Ardinnen. Mar hawar, dêr lêze jim skylk mear oer op it Deiblôch.
En ik rin om mei plannen foar Fryske boeken. Ek dêroer letter mear. Dat se kreaze typografy en in kreas omkaft krije, sil ik yn alle gefal foar soargje. En faaks ferkeapje se ek noch.
Tongersdei, trijentweintich desimber 2010.
Posted in Dien, Lêzen, Skriftekennisse, Skylk | Tagged: Alvestêdetocht, útjouwers, boek, Pakistan, promoasje, reedride, Rink van der Velde, typografy | 2 Comments »
Posted by André Looijenga on 22/12/2010
“Ik skriuw ultrakoarte ferhalen,” sei de man mei sykjende eagen en in burd as in meand maisfjild, “ik neam se ûkazes.”
“Aha, ja,” andere ik, “ynteressant no, nijsgjirrich, en…”
“Dat, hâld dy no de waffel fierder,” ûnderbruts er.
.
Woansdei, twaëntweintich desimber 2010.
Posted in Skreaun | 4 Comments »
Posted by André Looijenga on 14/12/2010
Posted in Skylk | Tagged: Steven H.P. de Jong | Leave a Comment »
Posted by André Looijenga on 11/12/2010
Fûn yn in boekje mei fersen fan Elias Annes Borger (1786-1820), berne op’e Jouwer en ferstoarn as professor yn Leiden.
(It boekje hat de sljochte titel Gedichten, “zevende druk, Amsterdam, Gebr. E. & M. Cohen”. In jiertal stiet der net by. Op grûn fan omkaft en lettertype datearje ik it om 1890 en 1900 hinne. Sjoch by in oar oer de ynhâld derfan hjirre.)
In Frysk dissertaasjefers, lykas dat fan Everwinus Wassenbergh út 1763 dat ik earder behannele. Elias Annes Borger beskriuwt in nijsgjirrige ferskining fan Gysbert Japicx. Dy’t him lykwols net helpt om in Frysk fers te skriuwen, mar júst ôfret en doch oan ”boere friesk” foar heechdravende doeleinen. Lykas by de jonge Wassenbergh is Frysk hjir de taal fan’e simpele bûtensteander, dy’t ynbrekt yn it akademyske dekoarum. Bot ironysk oars dat Gysbert Japicx foar dat doel út’e deaden ta ús helle wurdt, om’t hy no krekt it Frysk sa foar heechkliuwende saken brûkte. Ik freegje my dan ek ôf hoefolle fan it wurk fan Gysbert at Borger lêzen hie, doe’t er dit skreau.
It motyf fan de âlde dichter dy’t de jonge yn in dream besiket, is klassyk. Borger, tige klassyk skoalle, koe it faaks út’e fragminten fan’e Annalen fan’e Romeinske dichter Ennius. Dy beskreau in dream wêryn’t er Homerus mette, dy’t him ta dichter wijde.
Oon myn graete makker Beernd Freêrk Tydeman, da hy zyn disseretasie fordiffendjerje zoe.
.
Wol tjienkeer hab ik it prabjerre
Of ik nin rymke meitje koe,
Dat ik uws Tydeman forjerre,
Wanneer hy dispuwtjertje zoe.
.
Mar ‘k wist net ik moast beginne,
Altied mankierre er wat oon;
Ik mogte peinsje, ‘k mogt forsinne,
Ievig warde it spul fordoon.
.
‘t Begoon my eynlik te fortritten,
(In nin wonder, zieker wier!)
Ik warde wurg fin al dat sitten
Mei beide hànnen in ‘t hier.
Posted in Fryskens, Skriftekennisse, Taal | Tagged: Elias Annes Borger, Gysbert Japicx, klassiken, Midfrysk, poëzy | 3 Comments »
Posted by André Looijenga on 08/12/2010

Foar it ferlanglistke... Alice yn Wûnderlân
Fan’e jûn wie ik wer ris yn Tresoar te finen. In Moannejûn oer Tiny Mulder, no. Troch dize en snie fûn ik út wurk myn wei nei it Âldehouster Tsjerkhôf. Rom op’e tiid antichambrearre ik earst mar even by Obe Postma en J.J. Slauerhoff. Net it minste selskip sa as foarprogramma. Bai Juyi wie der ek by, mar inkeld yn oersetting. Wat in hânskriften hiene Fryslâns twa grutste earste-helte-20e-ieuske literaten oars ek. Út harren briefkaarten en oantekenboekjes koe ik yn it dimmen muséumljocht net wiis wurde.
Doe it haadoptreden fan’e jûn. Tiny Mulder har Lewis Carroll samling waard oerdroegen oan Tresoar. Har likegoed skriuwende efterneef, Nicolaas Matsier, dy’t tafalligernôch de beide Alice-boeken yn it Nederlânsk oerset hie, spruts. Gedichten klonken, wy learden by oer de fernijing fan it berneboekesjânre yn’e jierren ’50, foto’s en animaasjes dûnsen oer it skerm, Albertina Soepboer sei moais oer mearkes. Bert Looper fan Tresoar hie it oer in besprek dat er (herkenber foar my…) skreaun hie as krekt-ôfstudearre jongkeardel. Ta beslút song Roel Slofstra. Miende dy it echt dat er de gitaar oan’e wylgen hongen hat? Twa musical-eftige lieten oer in diktatoriale hoanne, út begjin ’80 fan Tiny Mulder. De man syn stim is in losrinnend monumint: hy sjongt it Frysk sa kreas en fersoarge as it Nederlânsk fan in Boudewijn de Groot.
Nei ôfrin kaam ik noch oer Douwe Kalma te sprekken. Faaks hat hy dochs myn yntroduksje ta literêr Frysk west. Men seach dêr nuver fan op. Ik bin bang dat myn namme skylk makke is as Douwe Kalma-kenner en Jongfriesiolooch… Kin ik my yn Frysk-kulturiele kriten net mer fertoane sûnder mei Dearsums dizige drakedeader assosjearre te wurden… Mar goed, myn plande blôchke oer syn nuvere sonnettesyklus De fjûrren fen Sint Marten moast der dochs ris fan komme. En der binne jubiléa op komst: op 18 oktober 2013 sil Douwe Kalma sechtich jier ferstoarn wêze, en, neffens my wichtiger, yn 2015 is it hûndert jier lyn dat er de Jongfryske Mienskip begûn.
En sa mette ik ek noch de wrâldferneamde Pieter de Groot, fêst-lêzen kolumnist by de Ljouwerter. Blykt dan sa mar in oerpake út Tersoal te hawwen. (Je kinne yn in Frysk selskip gjin doarp neame of de foarâlden komme efkes del.) Tsja, Tersoal, wa syn foarteam komt der net fuort? (Mynt, foarsafier’t ik wit.) Gjin wûnder dat dêr mar sa’n bytsje minsken wenje.
Tiisdei, sân desimber 2010.
Posted in Dien, Fryskens, Skriftekennisse | Tagged: Douwe Kalma, Obe Postma, poëzy, Roel Slofstra, Slauerhoff, Tersoal, Tiny Mulder, Tresoar | Leave a Comment »
Posted by André Looijenga on 05/12/2010
Eiði, in doarp op Eysteroy
Op’e Føroyar (de “Færøer-eilannen”) wenje mar goed 48.000 minsken. Minder as yn’e gemeente Smellingerlân. En tagelyk ha dy minsken har eigen taal, literatuer en muzykkultuer. Binne se in autonome ‘naasje’ binnen it keninkryk Denemarken, mei in eigen regear, universiteit, fersoargingssteat en fuotbalkompetysje.
Op it taffeltsje foar my lizze in ûnbidich tsjok Føroysk-Ingelsk wurdboek en in yngeande grammatika fan dy taal. Ik blêdzje deryn, ferwûnderje my oer it ferskil tusken in bot archayske stavering en in fonology dy’t op oer-de-top Klaaifrysk liket. Bûten ferdwynt it útsjoch oer de Grinzer binnenstêd yn in sniestoarm.
Ôfsjoen fan it waar moatte de Føroyar in paradys op ierde wêze.
It binne de eigensinnigens fan dizze minsken en harren taal dy’t de Føroyar foar ús nijsgjirrich meitsje. In úthoeke fan Denemarken dy’t fanôf midden 19e ieu stadichoan har eigenheid weromfûn (en útfûn). De fergeliking mei Fryslân ropt harsels hjir al yn op. Ek it Føroysk wie in taal mei mar in beheinde skreaune tradysje, slim bedrige troch de ynfloed fan’e Deenske bestjoers- en tsjerketaal. De Føroyar moasten noch folle djipper fuortkomme, as lytse, tin-befolke, earme eilannegroep fier fuort yn’e Atlantyske Oséaan. In wûnder, hoe fier’t sa’n ekstreem lokale (romantysk-nasjonalistyske) taalbeweging in groep minsken opstjitte kin yn’e folkene feart.
Posted in Fryskens, Taal | Tagged: Føroyar, Frysk, Fryslân | 4 Comments »
Posted by André Looijenga on 04/12/2010
En wer wie der snie.
Bysûnder hear, de fúfde moanne dit jier dat der snie leit. Mar dochs, lit my dit skoandere blôch en fral jo skoandere tiid en oandacht net opbrûke om oer it waar te jeuzeljen…
Wat it Frysk oanbelanget, bygelyks, is der it rapport oer de steat fan’e Fryske taal yn it ûnderwiis. En de (mar in bytsje) réaksjes dêrop, dy’t my fanút it heitelân berikje. In ûnderwerp fansels dat freget om in skerpe analyse. Om bygelyks wat oan te akseljen tsjin ien as Alex Riemersma fan’e Fryske Akademy, dy’t de ûngemaklike konklúsjes út it rapport wol hiel maklik oan’e kant skoot. It ûntbrekken fan ‘taalgrutskens’ by (alteast in part fan) de Friezen foar it Frysk oer, soe dat soms wat al te rûch de boaiem ûnder it ûndersyk fan Riemersma en dy fuortskoffelje?
No bin ik faaks in bytsje te erchtinkend, mar it fernuveret my bot, at dr. Riemersma, as ien dy’t grif wat fan sosjolinguïstyk ôfwitte sil, neat oan liket te kinnen mei de subjektive belibbing fan’e taal. “Met een woord als taaltrots kan ik niet veel,” fynt er. ”Wat is dat? Trots op je taal ben je vooral buiten de grenzen.”
Op my alteast, as heale bûtensteander, komt soks oer as in symptoam fan in hiel beheind soarte taalwittenskip. Opdield yn spesjalismekes, sûnder it gehiel mear oer te sjen. Wylst in breed yn’e samenleving droegen soarch foar it behâld en trochjaan fan jins taal dochs echt wol in foarwearde is om sa’n taal tsjinoer in sterke konkurrinsje syn plak te jaan. En dy soarch (je soene dy, mei in wurd wêrfoar’t se op’e Fryske Akademy hielendal rydboskje soene, ek leafde foar de taal neame kinne), dêr ûntbrekt it neffens my by de gemiddelde Fries seker oan. Harkje mar ris om jin hinne, no.
Nee, fleurich wurdt men net fan it Frysk op it stuit.
En dan Fryslân…
Posted in No-tiid | Tagged: ûnderwiis, besunigings, Bildung, Frysk, Fryske Akademy, fuotbal, polityk, taalferfaal, universiteit, waar, weryndieling | 1 Comment »