Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Archive for January 22nd, 2011

Njoggenennjontichst blôchke

Posted by André Looijenga on 22/01/2011

En dat ik by de doar, by it ôfskie nimmen, noch in hiele diskusje oprakele mei frou De Jong. Dy’t warskôgjend foar it rjochts-populisme ús noch in wichtige les joech oer har mans De wuttelhaven del. Oer it kollaborearjen fan de âlde De Jong, en oer it ynsidint mei twa joadske bern op in Ljouwerter skoalle yn 1984, wêrút my dúdlik waard hoefolle fan’e wurklikheid der yn Steven H.P. de Jong syn roman sit. Dat Taco de Jong, dy’t ik krekt derfoar dêrnei frege hie, dochs it skoaljonkje út it boek wie, ek al ûntstried er dat ûnder ferwizing nei syn heite foaropwurd. En it nochris fûstkjen mei de dichter, dat alles makke de al slagge jûn hielendal ôf.

En no syn gedichten lêze.

En ek de minsken oantrune ris wat Frysk te lêzen. De wuttelhaven del, bygelyks.

Earder de jûns siet ik dus yn it stek as foarumlid. It jage der allegearre wat rap trochhinne, en it is wat in fiskjes ôffange efter de mikrofoan soks. De takomst fan’e Fryske literatuer gie it oer. Ik seach dy sels, tefoarren, net al te suterich yn; ik ferwachtsje dat men it bêst noch in pear desennia op ûngefear deselde foet fierder útsjonge kin. Mar dat, at men méár wol mei it skreaune Frysk, der fûnemintiel dingen feroarje moatte soene. De fergrizing yn’e seal die my by mysels wat twiveljen, mar foarearst sil der wol wat takomst oerbliuwe tink. Dizze bespegeling kaam ik yn’e foartdenderjende diskusje net oan ta.

Wat der ál fan myn tinzen oerkaam, wie dat ik de skuld foar it lyts wêzen fan’e Fryske literatuer by it ûnderwiis lei. It sil wol wat te fûl klonken ha. Fansels bedoelde ik net te sizzen dat Fryske literêre boeken bern yn’e boppebou HAVO en VWO opkrongen wurde moatte, mei as hillich doel it rêden fan dy literatuer. Twongen lêze hâld ik ek net fan. Ik woe júst de finger mar ris lizze op’e djippere oarsaak efter de hjoeddeiske steat fan’e Fryske taal: dat it net mear as normaal is dat ast as Frysksprekkende talintfolle jongere dyn VWO-diploma hellest, dyn earste (of twadde) memmetaal net skriuwe en lêze kinst. Dát op te kearjen soe de wichtichste kaai wêze ta it fierder bestean fan it Frysk as mear as in nuver Nederlânsk dialekt, tink ik. En it Frysk mear as dát wêze te litten, is neffens my — dy filosofy sil ik skylk fierder útiensette — essinsjeel foar in weardige en folweardige takomst fan Fryslân en syn bewenners.

Mar ja, sis soks mar ris yn in stikmannich lûdhapkes (soundbites)…

En ja, de media binne ek hiel wichtich fansels foar de Fryske literatuer. En de Omrop wekket alteast de yndruk it skreaune Frysk sloere te litten, wylst it op radio en tillevysje it songen Frysk foar en nei is. En Jan van Friesland, fan’e Omrop, belove betterskip, wêrmei’t it diskusjefoarum dan ek dien wie.

Nei ôfrin liet ik my noch troch Klaas Bruinsma mei Latynske fersrigels de earen waskjen.

En ik fûn it wol spitich dat ik Trinus Riemersma net mear sprutsen haw. Myn bewûndering foar Nei de klap (it boek dat my foar it Frysklêzen wûn) woe ik him noch wol ûnder wurden bringe, en, at er woe, myn Bwarre sinjearje litte…

Mar no earst de samle Steven H.P. de Jong lêze.

Freed, iennentweintich jannewaris 2011.

— — — —

(Wa’t mient dat de titel boppe dit stikje in fersin befettet, ferwiis ik nei dit âldere blôchke fan my oer, û.o., njontich.)

Posted in Dien, Skriftekennisse | Tagged: , , | 3 Comments »

 
Follow

Get every new post delivered to your Inbox.