Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Archive for November, 2011

Taalhifker

Posted by André Looijenga on 30/11/2011

Oan alle kanten wurdt de Fryske taal, wat de ‘kwaliteit’ oangiet, bedrige. Goed, útstjerre sil hja foarearst noch net, mar it soarte Frysk dat no trochjûn wurdt, is yn wurdskat én yn syntaksis neffens my oanwiisber mear ‘Hollânsk’ as dat fan in ginneraasje earder. En dát wie dat wer mear as dat foar har. Dit is gjin gewoane ‘taalferoaring’, lykas guon úthâlde. Dit is in linkendewei fierdergeande ‘ferdialekting’ fan it Frysk.

De Provinsje hat de Fryske Akademy in pûde jild jûn foar in digitaal Frysk ‘Grien Boekje’, lies ik niis. Dat is moai, en ik hoopje dat de ynvestearring in folle yntelliginter applikaasje opsmyt as de ‘Staveringshifker’, dêr’t men jin no mei rêde moat (dy’t û.o. mient  wurdsjes as dochs en hiel gjin goed Frysk binne). Op himsels is ús, sub-ideäle, Steatestavering fan 1980 net hiel dreech, al soe men faaks oars tinke op grûn fan hoe’t der ornaris stavere wurdt, dat sa’n staverings-app moast mar wêze.

Noflik oan it Frysk fyn ik lykwols dat de noarm linich is. Salang’tst ús romme repertwaar oan lûden kreas ûnderskaatst, en dêrby rekken hâldst mei in stik as wat domme rigeltsjes oer f, s, g, ch en sa, kin watst skriuwst meastentiids ridlik besjen lije. Dêrbinnen stiet it ien ridlik frij hokker fariant er kiest, neigeraden mear of minder dúdlike regionale ûnderskieden en foaral persoanlike foarkar: hyt of hjit, witte of witehiel of heeldo of , efter of achter. Of om de foarbylden yn’e Ljouwerter te nimmen: Itaalje of Italië, tillefoan of telefoan. Foar in part hawwe it dan oer streekfariaasje, foar in part ék oer de al as net bewuste ‘distansearring’ fan jins Frysk foar it Nederlânsk oer.

Suver wat kjel wurd ik derfan as it kedizen oer sókke saken oft se goed Frysk as net binne, oerlitten wurdt oan’e taalkundigen fan’e Akademy. Soks júst om dat prinsipe fan distansearring – dêr’t elk dy’t bewust Frysk skriuwt, ymplisyt in persoanlike, eins ‘politike’ kar oer makket –, dêr’t net ienriedich oer kediisd wurde kin. Yn it Frysk Hânwurdboek kin ik persoanlik my bygelyks net lyk fine yn’e kar foar hjit ynstee fan hyt as lemma (beide ‘goed’) en foar brâne ynstee fan baarne (dat ommers algemien as ‘gever’ jildt). In ‘Griene Boekje’ heart net te gean oer it fêststellen fan hokker fariant noarm wêze soe, mar moat in help wêze yn it konsistint en lêsber staverjen fan withokfoar Fryske taalfariant.

Dêrby lykwols soe it baas wêze as sa’n Griene-Boekje-app mear die as inkeld advys jaan oer tusken-n‘en, apostrofs en ferbiningsstreekjes. Ik soe graach in ynstrumint hawwe dat my by it Frysk skriuwen synonimen oanrikke kin, binnen it hiele ferskaat oan stylnivo’s (jerne ynklusyf seldsume âldfrinzichheden) en regionalismen. In apparaat dat teksten neisjocht op wurdfolchoarder, en boppedat advys jout en fariearje ek syntaktysk fleurich yn jins Frysk. Gjin nuete staveringshifker, mar in mearfâldige taalhifker. As dy app sa wurkje soe, soene je alle kearen ûnder it Frysk typen je taal ferrykje. 

Sá’n ‘Grien Boekje’, dêr hat (of by need op’e Klaai: het) it Frysk pas écht ferlet fan.

Woansdei, tritich novimber 2011.

Posted in No-tiid, Taal | Tagged: , , , , , , | Leave a Comment »

Frysk, Frysk en Føroysk

Posted by André Looijenga on 26/11/2011

Sûnt justermiddei stiet der wer in nije digitale ôflevering fan Ensafh op it rju rynsk reach. Foar dit nûmer haw ik in kollum skreaun, nei oanlieding fan’e Kneppelfreedbetinking, oer myn argewaasje oer it sleauwe ferhollânske deistige Frysk en benammen oer myn leafde foar in moaier, eigener en aparter brûken fan dizze taal. Hjirby efkes in priuwke, fia dizze link lêze jo mear.

It sprutsen hearren fan Schurer syn ‘heech-Frysk’ wie foar my it hichtepunt fan it Keppelfeest fan 19 novimber 2011. It is moai om de Fryske taal sa serieus nommen te hearren. Om in grut drama yn âldfrinzich poëte-Frysk mei te belibjen, om de Kalmaëske skriuwtaalwurden op te heinen út it deklamearre resitatyf.

Moai Frysk lêze jo ek, en by it soad, yn’e juster nij útkommen Tolkien-oersetting It Selskip fan de Ring fan Liuwe Westra. Ik wie by de presintaasje, in tige slagge middei/jûn mei iterij, ferklaaierij, sjongerij, wiispraterij en striidpraterij. Nei ôfrin noch moai diskussiearre op it gonkje, en doe gau-gau troch nei Tresoar om it noarden te exploarjen. Dêr wie ik noch krekt op’e tiid om Teitur yn it Føroysk sjonge te hearren. Hie ik net misse wold; mar wêrom plenne se altiten alle nijsgjirrichs tagelyk?

En noch in ‘reklame’ (in sjochút dy’t nei de folgjende side ferwiist): dit berjochtsje kringt myn blôchke oer dat it wurd ‘Frysk’ winliken in hollannisme befettet fan syn plakje foaroan. Dat klikje mar troch.

Sneon, seisentweintich novimber 2011.

Posted in Dien, Skreaun | Tagged: , , | 2 Comments »

Yn elts gefal in foto

Posted by André Looijenga on 25/11/2011

As ik even neat nijs te melden haw, kin ik elts gefal in foto pleatse, tocht my. Skylk komt der wol wer mear tekst. De foto hjirûnder makke ik healwei oktober, op’e Ballon d’Alsace. Dêr wie krekt dy nacht al in bytsje snie fallen:

De Ballon d’Alsace is it trije-regio’s-punt fan’e Franche-Comté, Lotharingen en de Elzas. It is ien fan’e toppen fan’e Vogezen, in berchlân dat hiel oars is as de Jura, dêr’t wy grutstepart fan ús reis taholden. Yn’e Jura binne de bergen kantiger en steiler, wylst dêr boppe-op heechflaktes mei greiden en gauris doarpen lizze. Yn’e Vogezen binne it rûne ballons, letterlik.

Fan 1871 oant 1919 lei de Ballon d’Alsace op it eastpunt fan Frankryk. Yn’e knibbel fan Elzas-Lotharingen dat doe Dútsk wie. Dy situaasje sil fan’e Ballon in soarte fan nasjonaal beafeartsplak makke ha. Op’e foto boppe sjochst boppe it sjalet in tsjerketoer krekt oer de besnijde helling hinne kypje: in néo-goatyske kapel boppe op’e berch. In stikje fierderop stiet in ruterstânbyld fan Jeanne d’Arc mei lutsen swurd oer, foarhinne, Dútslân te digerjen.

Mear yn’e lijte stiet in oar, oangripender, monumint. Ta eare fan’e oprêders fan lânminen, dy’t yn Frankryk om it libben kaam binne.

Yn it grouwe sjalet op’e boppeste foto sit in hotel-restaurant. Dy middeis sieten wy dêr as de iennichste gasten oan ús waarme poeiermolke. Doe’t wy fuort soene, kaam der in Lúksemboarchsk echtpear sitten. Ik koe harren pleatse troch har taal, mar ik haw se mar net ûnderfrege oer de tastân fan’e Lúksemboarchsktalige literatuer en harren fizy dêrop.

Tongersdei, fjouwerentweintich novimber 2011.

Posted in Dien | Tagged: , , | Leave a Comment »

Laura Mintegi

Posted by André Looijenga on 15/11/2011

Yn in fraachpetear joech de skriuwster útlis oer de ideeën efter har boek. “Ik hie it mysels net maklik makke,” sei se, “as Baskyske hâld ik fan dreech.” Sykjend nei Ingelske wurden fertelde Laura Mintegi oer har boek Sisifo maite minez (2001), dat krektlyn yn Nederlânske oersetting ferskynd is. Rêstich seach hja de seal yn, struts de hân troch har griizgjend dûnker hier, en gie by Plato syn Symposium del fierder oer de ympekt fan ferealens en oer it Sisyphus-bodzjen fan fereale reitsjen.

Sisyphus verliefd waard ôfrûne sneon presintearre yn Perdu yn Amsterdam. It is it nijste boek fan’e lytse útjouwerij Zirimiri Press, dy’t har talizze wol op Nederlânske oersettings fan literêr wurk út lytsere talen. Baskysk, Katalaansk, as it slagget faaks skylk ek Frysk.

Laura Mintegi (*1955) is skriuwster, psychologe, dosinte oan’e Universiteit fan it Baskelân. (Jawis, wylst by ús it wittenskiplik ûnderwiis fan it Frysk wer ris faai stiet, hawwe se it dêr mei in suver foar de helte Baskysktalige unibersitatea hiel wat better foar inoar…) En dêrby is hja foarsitster fan’e Baskyske krite fan PEN International, en dus warber op it mêd fan frijheid fan mieningsutering en skriuwersrjochten.

Yn’e twadde helte fan it fraachpetear gie it oer PEN en Mintegi keas de drege wei. Fuort jage se de boel yn trewyn troch de konsekwinte stelling dat frije mieningsutering ek jilde moat foar finzen sette holokaust-ûntkenners (yn Eastenryk). Dat it skriuwen fan jins miening (hoe polityk ûngemaklik of faaks misledigjend ek) frij wêze moat. En foaral net fertiisd wurde moat mei terroristyske misdieden, lykas yn it (hast net te leauwen) gefal fan inkelde Baskyske sjoernalisten dy’t om it útdragen fan it stânpunt fan in ûnôfhinklik Baskelân (dat de terroristyske organisaasje ETA fansels ek hat) yn Spanje troch it gerjocht as ‘terroristen’ ta finzenisstraffen feroardield binne. Oer de sin en ûnsin fan noch mear autonomy dêre kin men fan miening ferskille, mar fan in yngreven nasjonalistysk stânpunt út oer soks skriuwe is dochs hiel wat oars as terreur, net. [Sjoch hjiroer ek Josse de Haan syn reäksje hjirûnder.]

Oan’e ein fan’e boekpresintaasje lieten wy ús de krikelbeilikeur (patxaran) goed smeitsje. De oersetter fan it boek, Peter Smaardijk, fertelde oer syn fascinaasje foar faaks ien fan’e dreechste talen op’e wrâld. Doe’t er Russysk studearre, koe er Baskysk as byfak dwaan (nei’t de emininte Nederlânske baskolooch Rudolf de Rijk ferstoar, ha se – útsoarte, sa giet dat yn ús Nederlân – syn unike learstoel opdoekt). It Baskysk is sá oars fan struktuer dat it him twa jier koste hat en krij de grammatika in bytsje yn’e macht. “Om Baskysk prate te learen, moatst op’e nij tinken leare.”

Yn alle gefal hat Laura Mintegi har boek foar my synjearre. Idazle batek beste idazle bati…, hat hja dêrby skreaun. Dat, no har moai foarmjûne Sisyphus verliefd lêze.

Tiisdei, fúftjin novimber 2011.

Posted in Dien, Skriftekennisse, Taal | Tagged: , , | 4 Comments »

Utinam

Posted by André Looijenga on 02/11/2011

Och, it muoit my eins dat ik mei elk blôchke dat ik tafoegje oan myn Deiblôch, in âlderen mar minstens like lêsberen ien fan myn foarside ôf triuw. No’t ik dit blôchke publisearje, wurdt drekt myn artikeltsje ‘Beppetaal’ fan lêstlyn 1 oktober demovearre nei de twadde side. Wilens it, hoewol lossepolsich, in net ûnaardich stikje wie oer myn eigen ‘taalskiednis’… Hawar, jo moatte ek fral ek mar sels omsneupe yn wat der fierderop allegear yn dizze huorde foar jo te lêzen leit.

Utinam… och (hie ik mar!)… ”Plus imperfectum: irrealis van het heden; met plusquamperfectum: irrealis van het verleden…” It is krekt novimber en dêrmei wat de tiid foar de irrealis, is’t net… Lêsten yn Besançon rûnen wy tsjin ûndersteande fontein oan. Utinam stiet derop, it stedsmotto fan Besançon. Wêrom’t in stêd it och! fan’e ûnferfolbere winsk as biedwurd hat, ik soe it net sizze kinne, mar yn alle gefal rattele de Latynske grammatika my daalks ta de mûle út doe’t ik it ding seach.

Om it by och! en ach! net te litten, efkes reklame: it papieren nûmer 6 fan jiergong 3 fan ensafh is út! – Yn dizze nijste ensafh wer in goede sechtich siden Fryske literatuer: poëzij fan Hein Jaap Hilarides, Jan Kleefstra en Peter Popma, proaze fan Jelma Knol en Nyk de Vries. Besprekken en skôgings by it soad: Piter Boersma oer Edwin de Groot, Michel Dijkstra oer Cornelis van der Wal, Janneke Spoelstra oer dichtsjende froulju yn it 18e-ieuske Makkum, en iksels oer Klaas Bruinsma syn Ovidius-oersetting.

As priuwke mar efkes in sitaat út myn besprek (s. 30):

Yn syn Feroarings fan stal steane in protte krêftige rigels, mar de twang fan it metrum lit by Bruinsma gauris de subtiliteiten fan Ovidius te folle weiwurde. (…) [De oersetter] leit in ûnnedich flues fan deftichheid oer de boartlike, iroanyske tekst fan Ovidius: stive heksameters en deselde mêde wurden. Moaie âlde wurden, bûtenwenstige wurden hearre út soarte by de sjarme en skientme fan it literêre Frysk, mar troch syn oermjittige fêsthâlden oan’e foarm hat Bruinsma spitigernôch (oars as Lida Dykstra) fan Feroarings fan stal mear in pronkje as in lêsboek makke. Ovidius, dy tige lêsbere klassiker, hat er dêrmei, om sa te sizzen, ynpakt yn sellofaan, dat der gjin lucht by komt.

De rest fan dit stik lêze jo fansels yn ensafh.

Woansdei, twa novimber 2011.

Posted in Dien, Skreaun | Tagged: , , , , , | Leave a Comment »

Ferrifeljend folkje

Posted by André Looijenga on 01/11/2011

By de tarieding foar myn Sirkwy-lêzing (oankom jannewaris) besykje ik út alle hoeken en hernen ynformaasje te garjen oer skriuwerij yn minderheidstalen. Wylst ik niis wer even omsneupte om myn byld fan it Friûlysk en syn sprekkers skerper te krijen, trof ik in nijsgjirrich stikje oan oer in seker folk oan’e Noardsee. Se stiene krekt boppe de Friûliërs yn in listke op dizze side oer bedrige minderheden.

De Frisians… It moat in folkje wêze mei in romrofte skiednis (mei hjir en dêr in gat fan in pear ieuwen). Yn alle gefal hawwe hja al yn’e midsieuwen mei in drainaazje-systeem it sâlte wetter út de feanmoerassen pompt. De Fryske taal wurdt ferdield yn twa regionale dialekten: it noardwestlike Biltsk en it súdeastlike Stellingwerfsk. De Friezen binne op religieus mêd praktysk tolerant: se binne nammers allegearre tagelyk Roomsk-Katolyk en Protestantsk. Om de taal én it wolwêzen fan it folk te befoarderjen is de Ried van de Fries Biweging fierweihinne de alderwichtichste ynstânsje. De Friezen kinne alle dagen kranten en tydskriften yn har eigen taal lêze, en at se nei it lêzen fan har Frysktalige kranten de tillevysje oandogge, kinne se de rest fan’e jûn nei de edukative programma’s fan Omrop Fryslân sjen.

Tiisdei, ien novimber 2011.

Posted in Fryskens | Tagged: , , , , , , | 1 Comment »

 
Follow

Get every new post delivered to your Inbox.