Nijmakke Frysk
Posted by André Looijenga on 23/01/2012
Fryske wurden: altyd wille. It sil tink de tiid fan it jier wêze fan de listkes mei bysûndere nije wurden. De bjusterboartlike taalbazen fan de Fryske nijsside It Nijs binne mei in ferkiezing fan harren eigen (!) bêste nije wurd kaam. De Dútsers keazen ferline wike it slimste nije Dútske wurd (it Unwort des Jahres). En myn buorman Anne Popkema hat it nijwurd ‘gévisme’ útfûn, en de tsjusterste Fryske nijfoarming útkeazen.
Nije wurden yn it Frysk bin ik fûleinich foarstanner fan. Mar dan ál nije Fryske wurden dy’t yn it Frysk sels útdoktere binne, at it heal kin. It listke fan It Nijs is oars wol grapstich – mar it binne wol neibaksels fan nije baksels út it Nederlânsk. Soks folget fansels út dat It Nijs ús nasjonale Fryske nijsgjirrige-berjochtsjes-oersettsjinst is (en soks moat der ek wêze). Wat de taal oangiet, gniis ik ek leaver om hoe’t It Nijs útentroch de bocht út fljocht (‘sylflarde’ foar zeilmeisje…), as dat ik it gûchel-trânsleed-Frysk op omropfryslan.nl lês…
Yn in taal komme út harsels nije wurden wannear’t de sprekkers nije dingen ûnder wurden bringe wolle, én dy sprekkers tagelyk har goed bewust binne fan har taal. Nijwurderij komt foar in part fan purisme, foar in part út kreätyf boartsjen mei it taalmateriaal. Salang’t der mei in taal boarte wurdt, libbet er. Echt goeie neologismen komme de taalbrûkers sels mei, sûnder oare talen sa mar oer te kopiearjen.
De gévismen fan Anne Popkema ynspirearren my om ek efkes wat ballen it fjild yn te slaan. Hy joech syn priis oan sjoddy!, in nijmakke groetnis troch Hanneke de Jong. Yn syn listke koe ek snoadfoan (hoewol in karbonpapierwurd) my wol bekoare. Mar even wat besyksels:
bûspjûter (s.): in kompjûtereftich apparaat (dat kin in snoadfoan wêze, of in iPad, in Blackberry, in tablet of sokssamear), dat maklik opburgen wurde kin, tagong biedt ta ynternet en wat sa mear
dreechskamte (s.): de oanstriid fan de media om it foar har publyk foaral net te dreech en net te ynhâldlik te meitsjen, lykas men yn Fryslân wol fernimme kin by Omrop Fryslân as it giet om de Fryske literatuer of om djipper lizzende maatskiplike problemen yn Fryslân
eigenblyn (adj.): de eigenskip dat der yn de perifery net (selsstannich) sjoen wurdt hokker kwaliteiten en kânsen der lizze yn de eigen omjouwing (of it moat wêze dat oaren, ornaris yn it sintrum, dy kwaliteiten yn de perifery oanwize)
lêbskoaie (v.): op (foar guon) irritearjende manear krityk leverje, wêrby’t hieltyd deselde útsliten arguminten brûkt wurde
protterpraat (s.): in hype dy’t foar koarte tiid de publike opynje behearsket, bgl. oproppen troch it mei sin oerémisbearjend tsjetterjen fan in raas-politikus, en dy’t in hoartsje foar kabaal en praterij soarget, – lykas in kloft protters yn in beam
sjummijris (adv.): selsbewust earne mei pronkjend, bgl.: De skoaljonge siet sjummijris mei syn djoere bûspjûter te pielen.
stikkenprate (v.): 1) troch oanhâldende krityk fernijende en nijsgjirrige plannen wjerhâlde; 2) datselde, mar dan trochdat de plannen troch te lange politike diskusje net op’e reed reitsje
teferbouwe (v.): eat ferniele troch rigûreuze nijbou, bgl.: De Grutte Merk fan Grins wurdt teferboud troch de komst fan it ‘Groninger Forum’. [Ôfliedings mei te-, dy't oan tiidwurden de betsjutting 'stikken meitsje' jouwe, binne in wat fergetten skat yn it Fryske leksikon!]
trânsleed (s.): minne oersetting troch it letterlik fertalen fan taaleigen út in oare taal (yn it Nederlânsk benammen ûnder ynfloed fan it Ingelsk, yn it Frysk ûnder dy fan it Nederlânsk)
wanwurd (s.): in (meast nijfoarme) wurd, dat: a) om politike redenen in beskaat ferskynsel as ten ûnrjochte as bedriigjend of misdiedich foarstelt, of b) in grouwélich ferskynsel ûnskuldich besiket te meitsjen, of c) minsken ymplisyt fan har minsklike weardigens ûntdocht troch har metafoarysk as guod, amorfe massa of natoerferskynsel út te byldzjen
Moaie wurden binne it net allegear, jou’k ta. Mar nedich binne se ál.
Moandei, trijentweintich jannewaris 2012.
André Looijenga said
Net te leauwen, mar ‘Protterpraat’ bestiet al!
It is de namme fan in strjitte yn Oerterp, deunby de like poëtyske strjitsjes ‘Fûgelliet’, ‘Swellesang’ en ‘Toarteltoan’…
André Looijenga said
En Wanwurd bliket in Filippynske rockband te wêzen.