De deis fan de Grutte Gedichtejûn siet ik hinne en werom neist Pier Boorsma yn de trein. Sa kamen wy te praat oer in (njonkenlytsen âld) probleem: it lytse bytsje essays dat der yn it Frysk skreaun wurdt. Ien dy’t yn syn tiid wol in warber Frysk essayist wie, wie lykwols Jo Smit (1916-1991). Fan Smit hie ik al de moaie ferhalebondel Bisten en boargers, en ek syn boarterijke Stôk en ballen, mar syn skôgjend proaza (dêr’t er yn 1963 méi de Gysbert foar krige) koe ik net.
Myn reisgenoat woe ha, Jo Smit syn essays yn (û.o.) de Tsjerne wiene noch altiten net bondele. Dat soe in moai boek opleverje… De oare moarns fûn ik rillegau út dat Jabik Veenbaas ús al foar west hie, mei blomlêzing fan santjin koartere en langere stikken fan Smit. Ik frege it boek op út de byb, en wis: Jo Smit wie yndie in feardich essayist, dy’t skerpsinnich en dwersich nei Fryslân en it Frysk seach. Ynspirearjend, mei bagaazje en eachweid, ien foar wa’t kieze foar it Frysk lyk wie oan kieze foar frijheid.
De blomlêzing fan Veenbaas jout in aardich oersjoch fan Smit syn tinken oer literatuer en oer it Frysk. Foaral oer it earste aspekt giet it essay dat Veenbaas ta ynlieding skreau. Wat ik miste, wie in biografyske skets fan in man mei in, foar in Frysk skriuwer alteast, ôfwikseljende en nijsgjirrige karriêre. Boppedat wurdt al dúdlik dat it hjir om in seleksje giet, mar krijt de lêzer bûten dizze kar-út net in byld fan Smit syn produksje oan skôgjend wurk. In bibliografy dêrfan (of tenminsten fan alles dat Veenbaas en Riemersma fan Smit ûnder eagen hân hiene) hie moai west. Oer de foarmjouwing sil ik net lêbskoaie (by de KU moasten de skriuwers alles ommers sels dwaan), mar de staverings- en setflaters steurden my skoan.
Jo Smit kaam fan Skylge, Midslân om krekt te wêzen. Hy hat wurke as sjoernalist en as learaar, wie ferfolgens direkteur fan de RONO (regionale omrop) en dêrnei fan de VARA Radio. Hollânsk en Midslânzersk wiene de talen fan syn bernetiid yn Rotterdam en op it eilân. Frysk learde hy pas doe’t er yn Grins studearre.
Smit naam in sintraal plak yn yn it Fryske literêre fjild nei de oarloch. Yn Zolang de wind van de wolken waait lêze jo lykwols amper oer Jo Smit. Hy figurearret faker op foto’s as dat er omtinken krijt yn de haadtekst. Goed, op side 153 wurdt syn biografy jûn yn in útwrydsk foto-ûnderskrift, — mar dat dát it meast ynhâldlike is dat der yn it Wolkeboek oer him sein wurdt, toant hoe’t de auteurs him oan de râne fan de Fryske literatuer pleatsten. Fierders is Smit dêr inkeld de ynspirator fan in Riemersma (en in Van der Leest), wêrmei’t Trinus Riemersma al te bot en al te teleologysk ta hichtepunt fan it Fryske proaza kanonisearre wurdt. Jo Smit as ‘foarôfskading’ fan ús ferlosser Trinus…
It doar it wol oan en hâld út dat Jo Smit ien fan de wichtichste, én ûnderhâldendste, Fryske skriuwers ea west hat. Ten ûnrjochte heal fergetten, in yntellektuële twadde-taal-Fries mei in blikfjild dat fier foarby de grieën en de greiden rikke. Ien dy’t yn de jierren ’30 en ’40 genôch mishanling fan taal ûnderfûn hie om radikaal te gean foar de frijheid fan de lytse taal dy’t opbokse moat tsjin de sintralisme en lykskeakeling. Ien dy’t oe sa linich en humaan skriuwe koe yn selsbewuste (en dus geve) taal. Dat Smit gjin post-grifformearde dogmatikus wie, is ek wol noflik.
Syn earste boekpublikaasje, it lange ferhaal Sûnder sûker (41 s.) lies ik okkerdeis. Neffens it Wolkeboek bestiet it net. Skande, want it is in yntelliginte stoarje dy’t it lêzen tige wurdich is. De jimt leit frijwat heech foar de lêzer: Smit boartet dermei dat de personaazjes mear witte as de lêzer. It ferhaal is grutstepart in monolooch fan in man dy’t belutsen west hat yn in nasjonal(istysk)e beweging dy’t op ûnôfhinklikheid útrûn is. (De nammen yn it ferhaal binne allegearre Frysk, de plaknammen Fryskich. Hoewol’t “Frysk” net neamd wurdt, docht it alles oan as in útfergrutting fan de Fryske Beweging.) Yn in kafeepetear mei in âlde bekinde Kaspersma sjocht de sprekker werom op syn rol deryn, en op de rol fan in fierder net by namme neamde hy. Dizze hy hat allinkenoan de macht nei him ta lutsen: hy is de diktator wurden waans portret yn it kafee oan it lewant hinget. Eintsjebeslút wurdt de sprekker troch Kaspersma arrestearre en ôffierd, en giet it libben syn oardere gong.
Sûnder sûker is in earsten parabel oer it benearjende fan ideälen dy’t omslane yn in totalitêr rezjym. In sterk ferhaal oer prinsipes en morele frijheid fan in grut Frysk skriuwer, dy’t wy, seker yn ús tiid, net ferjitte meie.
.
Jo Smit, Jabik Veenbaas (red.), De moderne roman as moraliteit. Boalsert 2000.
Jo Smit, Sûnder sûker. Drachten 1956.
.
Sneon, fjouwer febrewaris 2012.