Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Noard-Nederlânske Boekhannel

Posted by André Looijenga on 30/03/2012

Drôvich is it en mankelyk makket it jin. Ein maart betsjut ek de ein fan de Noord Nederlandsche Boekhandel, in boekewinkel dy’t hast 150 jier oan de Ljouwerter Foarstreek stie.

Fan’e wike haw ik der noch del west. Út sa’n opromming ôfpriisde boeken keapje jout in skuldich gefoel. Yn de krystfakânsje wie ik ek al yn Drylts doe’t dêr de boekhannel ophold te bestean. Yn jannewaris slute oan de Lytse Tsjerkstrjitte antikwariaat De Boekenmolen de doarren. In moanne letter yn Grins it yntusken anachronistyske antikwariaat Timbuctoo. En no dus wer in âld, ûnôfhinklik famyljebedriuw yn it boekefek. Boeken hawwe is noch hieltiten like moai, mar it keapjen hieltyd minder.

De Noord Nederlandsche Boekhandel wie as winkel al langer in libben anachronisme. Meastentiids rûn ek ik deroan foarby, mei in heal each nei de âldfrinzige djippe etalaazjes. Op ynternet sieten se wol al jierren lang (watst oan de side sjen kinst), en se binne fan doel om as ynternetwinkel fierder.

Tiisdei naam ik twa útwrydske tomen mei santjinde-ieuske ‘Friese Synodeverslagen’ mei. Foar myn promoasje-ûndersyk nei folkstalich/Latynske meartaligens fansels. Soks kin net út, mar se ha wol kreas twaëntweintich jier wachte op in keaper. De âlde J.J. Kalma hat se útjûn. Der kaam in hiel lytse glimk op it gesicht fan de baas en har soan. “Âlde dûmny Kalma,” sei de soan, “dy kaam hjir earder altyd.” — “Hy wie in hiel goeie klant,” foege mem ta. — “Mei syn jubelteannen: hy hie altyd sandalen oan.” — “Hy wurke hjir fansels flakby, op it argyf yn de Kanselarij.” — “Ja, dy man hat syn hiele libben net oars dien as studearjen…”

Tiden hawwe tiden, en it petear somberet wer rjochting de minne tiden fan no. De minsken ha wol jild, se sparje by it soad, mar se keapje net. No ja, fan dy ûnsin fan Apple, mar yn gewoane winkels… En de banken wolle net liene. Alles sit fêst. “Dy krisis, dat sil noch jierren duorje,” foarseit de soan.

Sille der skylk noch boekewinkels oer wêze? Ik betwivelje oft oer in jier oan it Ruterskertier (sûnt de nijbou is dat in tsjuster strjitsje neist de ‘Sting’) De Tille noch bestean sil. By de Noord Nederlandsche Boekhandel ûnderskieden se har noch mei in soad boeken yn de Fryske sektor, mar dy Selexyz-winkel is winliken in grutte Bruna yn in te rom en te donker pand.

Fansels kinst boeken ek op ynternet bestelle, mar ja, ik kom leaver sels nei in winkel as dat ik portokosten betelje. Porto foar foarút betelle pakketsjes, — dêr’t ik mar fan hoopje mei dat ik se weromfyn by de buorlju wêr’t de privatisearre besoarger se efterlit.

Freed, tritich maart 2012.

About these ads

4 Responses to “Noard-Nederlânske Boekhannel”

  1. Ylva said

    Dag André, ik snap niets van wat je hebt geschreven, maar je vroeg om een comment te plaatsen, dus bij deze ;-)

    • Tankewol, Ylva, datst it efkes besocht hast. Dank je, Ylva, dat je het even hebt geprobeerd.

      Heb jij een account en wachtwoord moeten aanmaken om deze reactie te kunnen plaatsen? Van twee regelmatige lezers van mijn blog vernam ik dat zij niet konden reageren omdat ze geen wachtwoord in konden voeren.

  2. André @ RuG said

    Sjen oft it reägearjen slagget wannear’t útlogge bin.

  3. Ensafh said

    En oft ik reägearje kin, wylst ik in oar frjemd mailadres en frjemde namme brûk.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
Follow

Get every new post delivered to your Inbox.

%d bloggers like this: