Staverstriid
Posted by André Looijenga on 08/05/2012
Ja, minsken, moarntejûn sil it heve, oangean en sokssamear: it Grut Frysk Diktee.
Yn de Steateseal op it Provinsjehûs sil ik myn titel ferdigenje tsjin nommele en taaltûke tsjinstribbers as Ferdinand de Jong, Grytsje Kingma, Sigrid Kingma, Maaike Andringa en Wiebe Wieling… Wy sille sjen. Salang’t ik myn twa jier lyn wûne Frysk Hânwurdboek mar net hoech yn te leverjen as wikseltrofee.
Tiisdei, acht maaie 2012.
Daam said
Sa’n titel hat wat yn.
Ferdinand. said
Oant jûn!
André Looijenga said
Foar wa’t de staverstriid thús meibelibje wol, kin it spitigernôch net fia de Omrop besjen, mar al fia ynternet.
Foar de linkjes nim ik hjirby mar de frijheid en kopiearplak efkes in facebookberjochtsje fan TaalBaas:
Hjoed is it safier: Grut Frysk Diktee. Thús meidwaan kin ek:
De útstjoering is fan 20.00 ôf te finen op http://www.fryslan.nl/ps (it webstek fan ‘e steaten), ûnder ‘gearkomsten streekrjocht folgje’.
De streekrjochte link is http://fryslan.stateninformatie.nl/
Dêr kinne de sjoggers selektearje wat se folgje wolle. It diktee komt ûnder de rubryk ‘diversen’.
O ja, en net stikem yn it wurboek sjen ….
(moarn komt de tekst online op it webstee fan de Fryske Akademy)