Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

(Ald-)Tersoalster wint Frysk diktee (wer)

Posted by André Looijenga on 11/05/2012

Tankewol foar de felisitaasjes!

Foar de twadde kear haw ik woansdei it Grut Frysk Diktee wûn. Sij it ex aequo dit kear, mei Ate Grypstra, mar dy siet yn it pommerantebankje en krige net in folpin mei ynskripsje. (Ate, by dizze ek hjirwei noch lokwinske.)

En dêrnei komt de parse.

Krekt as twa jier lyn wurd ik wer fijn ‘freemd’ as in Grinzer. (Grr…) Sjoch hjir mar wer by RTV Noord. Ik hearde niis ek al dat ik hjoed op in lanlike stjoerder (538) neamd bin yn in fleurich nijsberjochtsje: Grinzer ferslacht dy Friezen yn it skriuwen fan har eigen taal. Ik haw it even begoogle. By RTL hawwe se ien op de redaksje dy’t de regionale sinders by del blêdet. Foar ûnder it kopke ‘opmerkelijk': Groninger wint Groot Fries dictee.

Grappich is soks, mar dochs steur ik my der ek wat oan. Om it yn Rients Gratama syn dikteefokabulêr te sizzen: it ûntfytmannet my fan eat fan myn identiteit. Ik bin gjin Grönneger. Ik tink ek net dat ik dat gau wurde soe. Of woe.

Mei alle respekt fierders foar de Grinzers, myn wenplak Grins, en de eardere Fryske regioanen dy’t no as ‘Grinslân’ troch it libben moatte. Ik kom út Tersoal. Dêr bin ik goed 29 jier lyn berne, yn wat doe noch de gemeente Raarderhim wie. Oan heite kant komt myn famylje út ferskate hoeken fan Fryslân dy’t inoar yn Ljouwert tsjinkaam binne. (Fan memme kant komme wy út SW-Drinte/NW-Oerisel, ek dêr gjin Grinslanners…) Yn Grins wenje en wurkje ik, as emigrant út it universiteitleaze Fryslân. Ik bin dus in Grinzer Fries, en dêrmei lid fan de grutste minderheid yn dizze nuvere stêd.

Hawar, ús âlde Fryske hobbys, de stambeam en de etnisiteit, hawwe wy no ek wer hân. Noch tige tank foar it omtinken, hear, al sit it allegear wat yngewikkelder as by jimme yn de krante past.

Freed, alve maaie 2012.

About these ads

3 Responses to “(Ald-)Tersoalster wint Frysk diktee (wer)”

  1. It is al wat. Ik stean ek yn it Nederlands Dagblad. Sels yn de Bibelgurle wurd ik noch bekend: http://www.nd.nl/artikelen/2012/mei/11/groninger-wint-groot-fries-dictee

  2. Noch in lytse kantteken: fan ‘e moarn waard ik neamd yn it nijs fan it ANP. Net allinnich op Radio 538 dus.

  3. jurrebgrim said

    En do hjirwei ek nochris lokwinske, bikkel!
    Mei hertlike groetnis,
    Ate (eks-Grinzer, want ik ha dêr ea ek wolris tahâlden ;-)

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
Follow

Get every new post delivered to your Inbox.

%d bloggers like this: