Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Opinystik tsjin staveringswiziging yn LC

Posted by André Looijenga on 02/05/2013

Rûmte foar romte

Op kommendeweis yn de Leeuwarder Courant: in opinystik fan my oer de nije Fryske stavering. In ûnnedich en ûnnoazel plan, dat boppedat fêst sit oan in tige strange regulearring fan it offisjele Frysk. It Fryske Griene Boekje wurdt gjin freonlik helpmiddel by it goed, geef en linich Fryskskriuwen, mar in oppressyf stik ark om de Fryske taal in wrâldfrjemde en tige beheinde noarm op te twingen. It giet op ‘e kop ferkeard: aansten sitte wy oantangele mei in healbakken ‘nije’ stavering en folle minder frijheid foar it Frysk yn ûnderwiis en amtnerij!

Hjir alfêst in lyts priuwke fan myn opiny-artikel yn de Ljouwerter:

Om écht effekt te hawwen op de ‘learberheid’ binne folle gruttere feroarings nedich! Mar fansels kin soks net. It omgoaien fan de stavering betsjut ommers tagelyk it fernielen fan ús wurdbyld. In dúdlike stavering bestiet ommers net yn it foarste plak foar wa’t skriuwt, mar foar de lêzer! Trochdat wy wurden itselde skriuwe, kinne wy dy wurden makliker lêze. Hoe mear Frysk oft minsken om har hinne sjogge, hoe better se it úteinlik ek skriuwe.

Tongersdei, twa maaie 2013.

About these ads

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
Follow

Get every new post delivered to your Inbox.

%d bloggers like this: