Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Marten Clant, in Fryske histoaryske roman út 1870

Posted by André Looijenga on 15/05/2014

My foel okkerwyks it foarrjocht ta diel dat ik boeken útsykje mocht út de neilittenskip fan Dick Eisma (1941-2011), frisist en ûnderwiisman. Eisma hie troch de jierren in grutte samling frisistyk en Fryske romans by-inoar garre. Ien boekje út de bibleteek fan myn âld-learaar — as brêgeklasser hie ik yn 1994/1995 ien oerke wyks Frysk fan Eisma — wol ik jo yn dit blôchke foarstelle. It is in boekje, dêr’t ik sels net fan wist dat it bestie: Marten Clant, ef de Swerveling fen Boxum. Historisk-Romantisk Forhael fan P. Bleeksma.

Dit is de foarkante fan it boekje:

SAMSUNG CAMERA PICTURES

Dat sjocht der net út as printwurk fan om 1870 hinne; earder as in Frysk boekje út ûngefear de jierren ’20 fan de tweintichste ieu. Ommers de folgjende side liket hiel oars. Dêr wurdt in jiertal fermeld, en in plak en útjouwer: to Liowerd, by A. Jongbloed. 1870.

Op it nije omkaft stiet in oare útjouwer: D. Nieuwenhuis. Boppedat is de plaknamme stavere neffens de (noch jildende) konvinsjes fan Colmjon: Ljouwert. Stavering fan dy namme en it lettertype wize derop dat dit boekje desennia neidat it printe waard in oar omkaft krige. Ik ferûnderstel dat it hjir gong om in restpartij eksimplaren fan Marten Clant by printer/útjouwer/boekhanler A. Jongbloed wei, dy’t jierren letter troch D. Nieuwenhuis op ‘e nij op ‘e merk brocht waarden. Mooglik dat Nieuwenhuis dêr brea yn seach, omdat yn de earste desennia it Fryske kritewêzen opbloeide, en Friezen om utens en thús hieltyd mear Fryske boeken liezen.

SAMSUNG CAMERA PICTURES

P. Bleeksma hat dizze ‘werútjefte’ net mear meimakke. Pieter Geerts Bleeksma (1821-1897) wie berne yn Reduzum, hat skoalmaster west yn Skingen en Jiskenhuzen, hat yn Hurdegaryp wenne, en is yn Sint-Nyk ferstoarn. Bleeksma wie belutsen by de Winterjounenocht, en yn 1852 wie er arbeidzjend lid fan it Selskip-1844 wurden (itselde jier as Tsjibbe Gearts van der Meulen).

Yn de katalogus fan Tresoar fûn ik noch in pear oare titels fan P.G. Bleeksma: in toanielstik Snip snapt, ef, de helper tsjin wille en tank (1877), in bondeltsje Rym en onrym: moaie foardrachten for jonge en âlde ljue (1886), noch ien út de kwartsjesboekerij Rymkes út de rarekiek for jonge en âlde ljue (1886), en dêrneist ferskate stikjes yn tydskriften. In toanielstik Gled mis Omke is yn manuskript út 1895 (ms. FLMD 247) bewarre bleaun, mar net publisearre. Ut deselde katalogus docht bliken dat der sûnt 1980 net mear wat skreaun is oer Pieter Geerts Bleeksma.

Dan slane wy it boekje iepen. As motto in sitaat út Rinse Posthumus syn ferfrysking fan Shakespeares Julius Caesar. (Hee, tink ik no, soe Douwe Kalma of in oare Jongfries faaks by dizze restpartij fan Marten Clant belutsen west ha?) Dan begjint de roman, by de neisleep fan de Slach by Boksum, 17 jannewaris 1586 — de lêste fjildslach yn it kearnlân fan Fryslân (oant maaie 1940). It spannende ferhaal set útein mei de sfeartekening fan in ferlitten en ferrinnewearre kleaster by Baard, fan wêrôf’t jo yn ‘e fierte it doarp Boksum baarnen sjogge.

SAMSUNG CAMERA PICTURES

As priuwke fan hoe’t Bleeksma skriuwt, de lêste alinea fan de earste side (justjes wertaald, mar Bleeksma syn Frysk is — ôfsjoen fan de semi-Iduna-stavering — net oeribele âldfrinzich):

Stil, deastil wie it by en om it kleaster hinne. De keale beammen, troch de winter fan har blêden berôve, slierden mei har tûken tsjin it tek en de muorren oan, de wyn sûsde yn ‘e flearbeammen, en út it binnenste fan it kleaster, hearde men, nei’t de tsjusterens tanaam, nuver frjemde lûden, as wienen it foarboaden fan geasten en spoeken. Koartom, alles like spoekeftich. De lange skaden, dy’t de beammen, by de ûndergeande sinne, tsjin ‘e muorren tekene, waarden wei mei de skimering; en doch wie it as woe it dizze jûn net goed tsjuster wurde.

Op sa’n grizelich plak kin it net goed komme, fansels…

Wy sjogge fan fierren it stal fan in folwoeksen man, mei twa bern. It is Melchior Clant, de dûmny fan Boksum, dy’t — syn frou en âldste soan hawwe it net oerlibbe — op ‘e flecht is út syn doarp. Mei it lytse famke en it jonkje Marten ferskûlet de heit by it spoekeftige âld kleaster, want plunderjende Spanjerds te pearde komme deroan. De flechtlingen wurde ûntdutsen. It rûge kriichsfolk sjit it warleaze famke del. Melchior rekket ferwûne, mar mei in priem dy’t er yn ‘e bûse hie, skeakelet er noch trije fijannen út. Sadistyske útlânske soldaten, in ynienen fjochttûke geastlike: it is suver in aksjefilm dêr neist de kleasterkapel! — Dan ferskynt dêr de oanfierder fan de Spanjerds: dy bestraft it geweld fan syn manskippen, priizget Melchior om syn moed en lit de heit efter by it deade dochterke, en de jonge Marten Clant nimt er mei. As oarlochsbút.

Dit alles dus op de earste pear siden. De skoalmaster Bleeksma fertelt yn Marten Clant it ferhaal fan de tachtichjierrige oarloch yn it noardeasten fan Nederlân, diels troch de belibbenissen fan de swerveling Marten, diels troch it neifertellen fan de ‘grutte’ skiednis fan Steatske oanfierders en fjildslaggen. In boekje, dêr’t faaks mear yn sit as út de ferjittelboeken fan de 19e-ieuske Fryske literatuerskiednis tinken docht.

Tongersdei, fúftjin maaie 2014.

.

Tajefte: net fuort hiel relevant, mar ik seach krekt dat P.G. Bleeksma, ûnder de skûlnamme Eman al yn 1852 in behindich Frysk boekje (44 s.) útbrocht hie: Ien winterjouns gearkomste by Jolle boer.

2 Responses to “Marten Clant, in Fryske histoaryske roman út 1870”

  1. Sigrid said

    Wat in moaie fynst! Sa’n stikje soe ek moai yn it Skanoskrift passe.

  2. Jelle van der Meulen said

    En wat is der letter bard mei werútjeften (??) fan it boek? Sjoch
    http://www.bol.com/nl/p/marten-clant-ef-de-swerveling-fen-boxum/1001004008340845/?Referrer=ADVNLPPce85f000cdbf92970065bba51d000002955
    en
    http://www.amazon.co.uk/Books/s?ie=UTF8&field-author=P%20Bleeksma&page=1&rh=n%3A266239%2Cp_27%3AP%20Bleeksma

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
Follow

Get every new post delivered to your Inbox.

%d bloggers like this: