Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Poëzij: simmerhjerst

Posted by André Looijenga on 14/08/2014

Posysje sykje. My ynlêze. Nije rigels priuwe. Se opskriuwe. Werom wêze út de Skriuwersarke. Unbeheind liener wêze (no noch wol). Wer fierder lêze. Wat by-inoar skriuwe. Posysje noch net fûn; der wol protte oer neitinke.

Mei gedichten bin ik dwaande, op ‘t heden. En mei wat nedich wêze moat, foar nije poëzij yn it Frysk. Frege wat oanrikkemindaasjes: hjir lizze no Jeroen Mettes en Dirk van Bastelaere en fraachpetearen oer De kunst van het dichten. Ut mysels hie ik op ‘e strún nei poëtika al W. Bronzwaer en Ilja Pfeijffer en Piet Gerbrandy derby helle, mar dy spylje in thúswedstryd by my as klassikus. Better ek in útwedstryd weagje.

Haw dêr op ‘e Arke dus ek dichte. Dit bygelyks. It waard op 8 augustus lêstlyn publisearre op www.ensafh.nl, sá likernôch (haw twa wurden wizige):

.

simmerhjerst

de sinne tuollet al wat earder
(te witten: ienentweintich oere achttjin)
al wer murken koartet ús de tiid

it ljocht skeanet, tekenet djipper
eigen merkeldagen mjitte no it rispjen
each-ier yn ’e spegel, burdhier op ’t perslein
wanhope delgong siket wjerwurd
ferjierjen docht klokwizers har fuotstap

protters gûnzje har kloftsjende wjukjes
yn eskader natoerlyryk (kin ’t net helpe)
jûnsfleane yn frije foarm

oft dit dan healweis is op it paad, my
yn gleane middei net ferfytst?

krûdich rûkst it, en fruit, en fallen blêden
(genietsje de skyn fan folle tastân
drinzgje it skoft yn lije wyn
ynheljen is dij hoart genôch. faaks)

it firmamint lûkt dan de siden pjama oan en
ranjaread priuwt wetters grûne

(mei mooglik makke troch it douwe kalmafûns en it fryske gea)

.

(c) A.R. Looijenga

.

Tongersdei, fjirtjin augustus 2014.

About these ads

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
Follow

Get every new post delivered to your Inbox.

%d bloggers like this: