Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Posts Tagged ‘stavering’

Taalhifker

Posted by André Looijenga on 30/11/2011

Oan alle kanten wurdt de Fryske taal, wat de ‘kwaliteit’ oangiet, bedrige. Goed, útstjerre sil hja foarearst noch net, mar it soarte Frysk dat no trochjûn wurdt, is yn wurdskat én yn syntaksis neffens my oanwiisber mear ‘Hollânsk’ as dat fan in ginneraasje earder. En dát wie dat wer mear as dat foar har. Dit is gjin gewoane ‘taalferoaring’, lykas guon úthâlde. Dit is in linkendewei fierdergeande ‘ferdialekting’ fan it Frysk.

De Provinsje hat de Fryske Akademy in pûde jild jûn foar in digitaal Frysk ‘Grien Boekje’, lies ik niis. Dat is moai, en ik hoopje dat de ynvestearring in folle yntelliginter applikaasje opsmyt as de ‘Staveringshifker’, dêr’t men jin no mei rêde moat (dy’t û.o. mient  wurdsjes as dochs en hiel gjin goed Frysk binne). Op himsels is ús, sub-ideäle, Steatestavering fan 1980 net hiel dreech, al soe men faaks oars tinke op grûn fan hoe’t der ornaris stavere wurdt, dat sa’n staverings-app moast mar wêze.

Noflik oan it Frysk fyn ik lykwols dat de noarm linich is. Salang’tst ús romme repertwaar oan lûden kreas ûnderskaatst, en dêrby rekken hâldst mei in stik as wat domme rigeltsjes oer f, s, g, ch en sa, kin watst skriuwst meastentiids ridlik besjen lije. Dêrbinnen stiet it ien ridlik frij hokker fariant er kiest, neigeraden mear of minder dúdlike regionale ûnderskieden en foaral persoanlike foarkar: hyt of hjit, witte of witehiel of heeldo of , efter of achter. Of om de foarbylden yn’e Ljouwerter te nimmen: Itaalje of Italië, tillefoan of telefoan. Foar in part hawwe it dan oer streekfariaasje, foar in part ék oer de al as net bewuste ‘distansearring’ fan jins Frysk foar it Nederlânsk oer.

Suver wat kjel wurd ik derfan as it kedizen oer sókke saken oft se goed Frysk as net binne, oerlitten wurdt oan’e taalkundigen fan’e Akademy. Soks júst om dat prinsipe fan distansearring – dêr’t elk dy’t bewust Frysk skriuwt, ymplisyt in persoanlike, eins ‘politike’ kar oer makket –, dêr’t net ienriedich oer kediisd wurde kin. Yn it Frysk Hânwurdboek kin ik persoanlik my bygelyks net lyk fine yn’e kar foar hjit ynstee fan hyt as lemma (beide ‘goed’) en foar brâne ynstee fan baarne (dat ommers algemien as ‘gever’ jildt). In ‘Griene Boekje’ heart net te gean oer it fêststellen fan hokker fariant noarm wêze soe, mar moat in help wêze yn it konsistint en lêsber staverjen fan withokfoar Fryske taalfariant.

Dêrby lykwols soe it baas wêze as sa’n Griene-Boekje-app mear die as inkeld advys jaan oer tusken-n‘en, apostrofs en ferbiningsstreekjes. Ik soe graach in ynstrumint hawwe dat my by it Frysk skriuwen synonimen oanrikke kin, binnen it hiele ferskaat oan stylnivo’s (jerne ynklusyf seldsume âldfrinzichheden) en regionalismen. In apparaat dat teksten neisjocht op wurdfolchoarder, en boppedat advys jout en fariearje ek syntaktysk fleurich yn jins Frysk. Gjin nuete staveringshifker, mar in mearfâldige taalhifker. As dy app sa wurkje soe, soene je alle kearen ûnder it Frysk typen je taal ferrykje. 

Sá’n ‘Grien Boekje’, dêr hat (of by need op’e Klaai: het) it Frysk pas écht ferlet fan.

Woansdei, tritich novimber 2011.

Posted in No-tiid, Taal | Tagged: , , , , , , | Leave a Comment »

Ûndjip

Posted by André Looijenga on 10/10/2011

Nederlân is in lân mei in bulte wetter, en Fryslân noch folle mear, en dochs hawwe noch it Nederlânsk noch it Frysk in simpel antonym foar ‘djip’. Ast it tsjinoerstelde fan ‘djip’ bedoelst, seist normaliter ommers ‘ûn-djip’. Dat is frjemd, om’tst ynstee fan ‘leech’ ek net ‘*ûnheech’ seist, en likemin ‘*ûnâld’ ynstee fan ‘jong’.

Seker yn ús wetterlân mei djippe, mar fral ûndjippe wetters, moat der in koarter wurd foar ‘ûndjip’ wêze (of west hawwe). Besibbe buortalen hawwe se: it Ingelsk hat shallow, it Dútsk hat seicht. Moaie wurden, ék om’t se dêrneist yn oerdrachtlike sin ‘oerflakkich’, ‘net djipdollend’ betsjutte kinne.

It Frysk hát fansels wol oare wurden foar ‘ûndjip’, se wurde allinnich net folle brûkt. En de mooglikheid fan’e oerdrachtlike bestjutting ‘oerflakkich’ wurdt net brûkt, spitigernôch. It bekendste synonym fan ‘ûndjip’ is flak. It Wurdboek fan de Fryske Taal jout lykwols noch mear: in mysterieus adjektyf kôl (s.v. IV; komt foar yn ien net-neamde boarne út 1957), en it better te pleatsen eigenskipswurd skol (s.v. II).

Skol is klear besibbe oan it Ingelske shallow en it, tsjintwurdich allikemin gebrûklike, Nederlânske wurd schol. It Ingelske shallow sit tichterby it Frysk as men sa op it earste oansjen sizze soe. It Ingelske -low moat fuortkommen wêze út in âlder -lw; dit -lw is yn it Ingelsk oprekke en yn it Frysk júst hieltyd fuortrekke. Dan is der noch it lûd yn it Fryske eigenskipswurd skol. Dizze o is net deselde as dy yn it wurd skol dat ‘platfisk’ betsjut. Skol ‘ûndjip’ rymt op al, skol ‘platfisk’ rymt op mol. It wurd skol dat ‘ûndjip’ betsjut, hie eins wol mei in a skreaun wêze mocht: skal.

Dat de stavering fan skol mei in o is, is wol nuver. Faaks leit de skuld by it wurdbyld fan it Nederlânske schol. It ûnderskied tusken ò en ó is oars hiel wêzenlik yn it Frysk. Hast alle Frysksprekkers meitsje kreas it ferskil tusken kat en kot, plat en plot, kant en kont, kast en kost (en ko[r]st). Salang’t oan’e kant [kònt] sitte noch wat oars is oan’e kont [kónt] sitte, is der takomst foar it Frysk.

Neist it Nederlânskige ûndjip tenei skol (of skal) mear brûke, soe wol moai wêze. En om’t wy dan dochs oan it re-yntrodusearjen binne, kinne wy dat ‘âlde nije wurd’ likegoed daalks as skal skriuwe, dat wy ús net fersinne yn’e útspraak.

Moandei, tsien oktober 2011.

Posted in Taal | Tagged: , , , , | 2 Comments »

Fryske tsjerken op’e buis

Posted by André Looijenga on 15/09/2010

Omrop Fryslân stjoerde justerjûn in programma oer âlde Fryske tsjerken út. Fansels haw ik it drekt sjoen. It is moai dat soks makke wurdt, dat der op ús regionale tillevysje sa’n ynformatyf programma útstjoerd wurdt. De oanlieding ta dizze searje fan fjouwer ôfleverings is it jubiléum fan’e Stifting Âlde Fryske Tsjerken. De earste ôflevering seit oer tsjerketuorren te gean.

Âlde tsjerken gean my tige oan it herte. Ek ik bin sa ien dy’t doarpen oan harren tuorren kin. Toer en (‘grutte’) tsjerke binne foar my de essinsje fan in doarp. Dat dit woe ik graach sjen.

Op himsels wie de earste ôflevering net min. By ús yn Fryslân lykwols fynt men it meastens al hiel gau goed. Om’t soks it der ek net better op makket, kin ik hjir net oars as in pear krityske noaten meitsje:

*) Earst in technysk punt. De dokumintêre is traach en eins hiel earm oan ynformaasje. Yn in programma fan sa’n healoere komme mar twa tsjerken (Holwert en Westhim) oan bod. Dat is net folle. It liket wol oft men bang is om de sjogger te folle tsjerke sjen te litten. Oe nee jong, de minsken soene ris tinke dat it in dokumintêre oer tsjerken wie; dêr soene se blykber net nei sjen wolle. Fan’e fjouwerentweintich minuten is krekt wat mear as fiif minuten in tsjerke fan tichtby yn byld. De rest is opfuld mei sfearbylden fan it Fryske lânskip, en mei praatsjes oer hoe’t minsken tsjerketuorren ‘erfare’. De âlde keunstskilder Jentsje Popma komt hast langer yn byld as de tsjerken. Syn skildere lânskippen binne seker hiel nijsgjirrich, mar earlik sein jeuzelet er de helte fan’e tiid in bytsje. Sfearbylden fan Popma oan’e kofje koe de film ek wol sûnder. De makkers hiene goud yn hannen, mar hawwe it oanlingd ta sloppe tee.

Read the rest of this entry »

Posted in Sjoen, Tsjerken | Tagged: , , , , , , , , | 1 Comment »

Peaskefjurren

Posted by André Looijenga on 05/04/2010

Ik bin wer werom yn Grins. It rûkt hjir bot nei peaskefjoer. Sels yn’e hûs is it te rûken. Oars net ferkeard, it is houtige, wat krûdige rook. De rook ek fan in moaie tradysje.

Fanút’e auto ûnderweis wie dúdlik te sjen dat wy Grinslân binnenkamen. De grins fan it peaskefjurrengebiet komt nammentlik frijwol oerien mei de Frysk-Nedersaksyske taalgrins. Dat de Westerkertiersters tûke peaskefjoerders binne, wie goed te sjen fanôf de sneldyk. Yn’e Stellingwerven dogge se deroan, en yn Drinte, en nei it suden en it easten ta (oant fier yn Dútslân) wêr’t se mar Leechsaksyske dialekten prate. Mar ten noarden en westen fan’e iennichste taalgrins binnen it Fêstelân-West-Germaansk silst nijsgjirrigernôch gjin peaskefjoer fine.

Sa blykt mar: dy ‘Saksen’ binne bysûndere lju, mar wy Friezen binne noch bysûnderder - sûnder dat wy it sels troch hawwe. (Mar ja, dat lêste punt is fansels mar al te typysk Frysk.)

By ús yn’e Legeaën hiene wy earder ek in brânbultetradysje. Op’e jûn fan Sint Marten (11 novimber) waard der nei it lampionrinnen yn alle doarpen yn dy krite in brânbult oanstutsen. Wiken tefoaren tôgen de minsken der al hout hinne. Hiele dagen yn’e hjerstfakânsje wiene wy as lytse jonges op en om de bult dwaande.

Sûnt in pear jier binne der gjin Sint Martensfjurren mear. De gemeente wie, leau’k, al folle langer tsjin, de boeren (de boeren en hoe’t dy tsjintwurdich Fryslân mei fergrime, ik koe der noch in bulte blôchkes oer skriuwe…) wolle it net mear op har lân hawwe, en de doarpsbelangen (dy’t bestjoerlik op’e ymport driuwe) binne te sleau om de brânbulten fatsoenlik te organisearjen. Fuort. Ja, minsken, sa giet soks. Efkes net oplette en it is fuort.

(Douwe Kalma hat begjin jierren tweintich noch in sonnettekrâns De Fjurren fen Sint Marten skreaun. It is in bytsje in mâl gefal. De dichter, sa stiet my by, wurdt deryn ta in soarte fan hegepreester fan it heitelân en epyske drakedeier tsjin’e bedrigings fan’e Fryske saak, of sa. Kalma yn hegere sfearen: it sil fan’e rook fan baarnende tûken yn’e kâlde hjerstnacht komd wêze.)

Fan’e middei gie ik oars ek noch by in ferneamd libben Frysk dichter op besite. It brechje fanôf Douwe Kalma is net tafallich: wy hiene it der ûnder oare oer dat der ris in echte biografy oer dizze Jongfryske poëet skreaun moat. Cornelis van der Wal hat myn boekekasten holpen te fullen (tige tank foar dyn bondels, Cor!). Ta eintsjebeslút skeat er noch in plaatsje wêrop’t ik, op syn blôch, mei myn troch wyn en hast oerwûne gryp read oanrûne antlit te bewûnderjen bin.

Noch ien stikje nijs ta beslút: ik krige tongersdei berjocht dat ik útkard bin en nim diel oan it Grut Frysk Diktee! Krekt wat, fansels. Op 20 april sil de grutte staveringskriich plakfine.

Moandei, fiif april 2010.

Posted in Dien, Skriftekennisse | Tagged: , , , , , , , , , , | 3 Comments »

Ûndertitelje de Omrop!

Posted by André Looijenga on 22/02/2010

De skoares fan it Frysk op it gebiet fan skriuwen (en lêzen) binne skandalich leech. It is dochs om te gûlen dat, neffens de meast fleurige prognoazes, miskyn in krappe 20% fan’e Fryskpraters him by steat fielt om, yn in gongbere stavering, Frysk te skriuwen.

Yn it ûnderwiis moat der wat feroarje, fansels. Mar al dyjingen dy’t gjin ûnderwiis yn Fryslân folgje, soene lâns oare wegen safolle mooglik mei skreaun Frysk fertroud makke wurde moatte. In soad ‘funksjoneel analfabete’ Fryskprater sjogge nei Omrop Fryslân. Dêrom stel ik foar dat de Omrop, salang’t dy syn subsidiearre taak as befoarderer fan’e Fryske taal tenminsten serieus nimt, safolle as dwaanlik is syn programma’s yn it Frysk ûndertitelet. Ûnder it sjen en harkjen, bewust of ûnbewust, meilêze sil it publyk fan’e Omrop sûnder mis mear fan’e taal bewust meitsje, en sa hast ûnbewust better leare de taal te skriuwen.

Moandei, twaëntweintich febrewaris 2010.

Posted in Fryskens, Taal | Tagged: , , , | 3 Comments »

 
Follow

Get every new post delivered to your Inbox.