My tocht, ik moast sa tuskentroch mar ris wat mear hjoeddeisk Frysk proaza lêze. Dat ik helle by de boadskippen ek trije boeken ôf út ’e UB. Fryske boeken binne ornaris sa tsjok net, dat it paste bêst by yn ’e rêchpûde.
Thús ritste ik de pûde iepen en fûn dêr It Poadiumbeest (Ljouwert 2005) yn innige omstringeling mei in flesse Dútsk weetbier. Ta myn skande hie ik noch nea wat lêzen fan Bouke van der Hem, dy’t nota bene berne is yn… Tersoal. It wurk fan dizze oare Grinzer Legeanster is priizge om syn notiidske styl en tematyk, en der hat ek wat opskuor oer west yn ’e Fryske letteretún, dat it moat wol in goed boek wêze.
Dêrnei fiske ik Piter Boersma út ’e tas, yn ’e gedaante fan syn it libben sels (Boalsert 1997). Ús haadredakteur hat dêr sels de Gysbert Japicx mei wûn, dat der sille yn ’e jierren njontich mindere boeken útbrocht wêze. Kurieuzernôch hie ik sels àl it feestboekje fan by dy útrikking (Sels it libben, 1998) yn ’e hûs.
Der lei noch wat tusken makaronygriente en bôle: It tal mooglikheden is sawat ûneindich (Frjentsjer 2006) fan Durk van der Veen. Gjin idee wat dêr krekt fan te ferwachtsjen, mar IJsbrand van den Berg fûn it in goede ferhalebondel, dat dat sil wol klear komme.
Skylk hearre jim de resultaten wol.
Sneon, fiifentweintich juny 2011.
