Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Gjin pompebledsjes, a.u.b.

Posted by André Looijenga on 13/02/2010

Ik bin de lokkige besitter fan in eksimplaar fan De Bosatlas van Fryslân. Hiel moaie kaarten fansels. Mar at ik de rêch fan’e atlas yn myn boekekast stean sjoch, stiet eat my dochs wat tsjin. Sa’n altiten wer opdûkend read pompeblêd, wat dwers en skean op syn kont lizzend.

Sjochst hieltyd mear pompeblêden yn Fryslân. Fan’e weinich flatteuze flaggepatroanen op wite sokken en ûnderbroeken dringt it reade bledsje him de lêste jierren mear en mear op as byldmerk fan’e Fryske identiteit. De provinsje, de Omrop, politike partijen, skoallen, soarchynstellings, it bedriuwslibben, allegearre toaie se har mei dit stikje banistike wetterfloara. Soms as in puntsje op in i (o, wat elegant en subtyl sa foar de trijetûzenste kear wjerkôge!), soms gewoan as in guodkeape reade klodder mei in namme deroerhinne. Altyd wer in pompeblêd, wat binne se dochs werkenber dy Friezen…

It pompeblêd ferwurdt ta in figeblêd. Lykas ferskûlet men jin derefter út skamte foar gebrek oan nije ideeën en tinzen. Doch mar gewoan it wenstige pompeblêd, doch mar gewoan sa’t wy it hjir altiten dogge. Tuike tuike, bêst genôch.

Wêrom net ris in oar symboal? Der is dochs in grutte rykdom oan oare bylden dy’t Friezen, Fryslân en it Frysk oproppe kinne? Doch ris ûngewoan en stek in ljipaai as flagge út, of in stinzeplant, in sealtektoer of in skries op’e hikke. Allinnich at wy ûngewoan doare te wêzen, bliuwt der wat te rêden en sille wy it miskyn rêde.

O ja, en dy Bosatlas van Fryslân dy’t ik fan myn âlden krige, dat is hiel moai ding. Mar meardere net-Fryske freonen fan my murken jit op dat der al wat mis mei is. Hja hiene ferwachte dat sa’n atlas hielendal Frysktalich wêze soe. Mar dat is fansels bûten de Friezen rekkene, foar wa’t dat in hiel stik té ûngewoan west hie.

Sneon, trettjin febrewaris 2010.

2 Responses to “Gjin pompebledsjes, a.u.b.”

  1. […] by deibloch on 29/03/2010 Yn in eardere bydrage, ien fan myn bettere neffens my, luts ik fan lear tsjin pompeblêden as Frysk symboal. Pompeblêden wurde fiersten te folle brûkt, […]

  2. […] oan’e Fryske taal. Oare stikjes gean júst oer de aktualiteit, of oer dingen dêr’t ik mei myn eigenwize holle in miening oer haw, of fertelle gewoan oer wat ik sa út en troch […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: