Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Dûbelde nammen

Posted by André Looijenga on 16/02/2010

In namme. De measten fan ús sil wend wêze datst der ien krijst by dyn berte en datst it dêr de rest fan dyn libben mei dochst. In part fan dyn namme is eins neat oan te dwaan: de famyljenamme erfst gewoan fan dyn heit (eventueel dyn mem). Foarnamme of -nammen, en ropnamme, kieze dyn âlden meast mei soarch út. As it mei sit wurdst (al as net direkt) ferneamd en bist mei dyn namme eksplisyt lid fan in famylje wurden.

Mar nammen kinne feroare, of sels wiksele, wurde. Ik freegje my ôf wat soks betsjut foar hoe’t ien himsels sjocht.

In namme feroarjen hast yn soarten. Op it earste gesicht lytse feroarings, foaral oan ropnammen, binne binnen ús eigen kultuer folslein akseptearre. In Durk kin in Dick wurde (of vice versa). Benammen yn in provinsje mei Saakjes en Fokjes komt soks gauris foar, tink.

Yngripender liket it wannear der echt in ‘fertaling’ plakfynt. Bekind binne fansels gefallen fan minsken dy’t nei Amearika emigrearren en dêrby yn’e ‘Nije Wrâld’ ek in nije (lês: Ingelsk klinkende) namme oannamen. Ast ek dyn namme, dy’t sa ticht liket te sitten by wa’st en wat’st ‘echt’ bist, feroarest, is it miskyn eins wol lykas wurdst sels in nij minske.

Doe’t ik ferline jier yn Ingelân studearre, haw ik guon minsken met dy’t yndied in oare namme oannomd hiene. Ûnder Sjinezen dy’t nei it bûtenlân sille te studearjen is it normaal en kies sels in ‘Europeeske’ namme, om’t wy net-Sjinezen harren drege Sjineeske nammen dochs net útsprekke kinne soene. Hoe kiest sa’n twadde namme, freegje ik my dan ôf, en hoe soe it wêze om mei twa nammen rûnrinnend op’e oerlap fan twa wrâlden te stean.

Tiisdei, sechtjin febrewaris 2010.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: