Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Jisk-Waansdei

Posted by André Looijenga on 17/02/2010

Ik hie my foarnomd en werlês hjoed T.S. Eliot syn Ash Wednesday. Hjoed is it ommers wer Jisk-Waansdei, en op dy dei hie ik ek ferline jier yn Ingelân dit gedicht lêzen. Doe’t de skimer ynfoel, sette ik my op myn stoel en lies.

Because I do not hope to turn again

Because I do not hope

Because I do not hope to turn          (I, 1-3)

Ik moat sizze, ik begrypte it net. Mar Eliot begryp ik earlik sein nea, lit stean hielendal, en dochs sprekke syn wurden. It earste en lêste (sechde) skift fan it gedicht binne faaks noch it dúdlikst.

And pray to God to have mercy upon us

And I pray that I may forget

These matters that with myself I too much discuss

Too much explain

Because I do not hope to turn again

Let these words answer

For what is done, not to be done again

May the judgement not be too heavy upon us            (I, 26-33)

Fierderop sprekt God tsjin bonken, sjonge de bonken oer de Roas; stiet ien op in trep en sjocht; is der in stille suster sluierd yn wyt en blau, in fluit en ienhoarns; is der sprake fan in Wurd en de wrâld, blauwe rotsen en woastyn. En ik begryp it noch net. En ik werlês, en faaks neierje ik in betsjutting, mar kin it noch net sizze.

Although I do not hope to turn again

Although I do not hope

Although I do not hope to turn       (VI, 1-3)

It Wurd, de Faam, de suster mei de sluier, yn omkringjende bewegings neieret it gedicht in kearn dy’t it sels ek net útsprekt. It gedicht is fan 1930, in pear jier nei’t Eliot Britsk steatsboarger waard en (wichtiger faaks foar it fers) tatrêde ta de katholike tûk fan’e anglikaanske tsjerke. Omkeare, it paradys, genede. Penitinsje ek, – sûnde skynt de dichter préokkupearre te hawwen.

It begryp foarby, mei ik miskyn dochs hoopje dat ik der eat fan begryp.

And let my cry come upon Thee.   (VI, 40)

Eliot soe hjoed op’e knibbels foar it alter fallen wêzen (lyk er alle moarns die), en grif it jiskkrúske op’e foarholle krigen hawwen.

Waansdei, santjin febrewaris 2010.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: