Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Krisissfear

Posted by André Looijenga on 19/02/2010

Je soene wolle datst se ynflústerje koest “jou no ta”, ast betinkst wat der barre sil at it kabinet falt. Oer de ynhâld giet de rúzje net mear, liket it. In lytse ‘missy’ om wat Afghaanske regearingsmilitêren op te lieden, en in bytsje op Ûrûzgan te letten, hoe’n grut offer soe dat foar de PvdA-ministers wêze kinne om de stabiliteit yn eigen lân noch in jierke te hanthavenjen?

At der fan’t foarjier Twadde-Keamersferkiezings komme, wat foar in nije regearing sil wy as Nederlanners dan byinoar stimme? Aanst mei in minstens twa kear sa grut kontingint antidemokratyske idioaten (fansels, Wilders en dy) yn’e Keamer, wurdt it noch moai kabinetformearjen. Ik sjoch der al nei út: in koälysje fan CDA, PvdA, D’66, VVD en eventueel GroenLinks of Christenunie… en yn dat ûnwurkbere gefal sil wy noch lok hân ha. Moatst der net oan tinke dat (de rjochtse tûke fan it) CDA en VVD it yn’e plasse helje om mei de ien-lid-party Wilders yn see te gean…

Freed, njontjin febrewaris 2010; pleatst om healwei achten jûns.

2 Responses to “Krisissfear”

  1. Marcel Plaatsman said

    Wie 19 net “njoggentjin” yn Geef Frysk? No stiet der “njontjin”!

    • deibloch said

      Neffens it wurdboek àl, fansels. Mar ik rjochtsje my graach nei de Fryske útspraak sa’t ik dy sels wend bin, wannear’t dy de ôfstân fanôf it Nederlânsk grutter makket. Ik sis sels ‘njoggen’, mar de ôfliedings dêrfan sprek ik út as ‘njonde’, ‘njontjin’ en ‘njontich’. Op’e selde wize hiest ûnder in eardere poost ek ‘fúftjin’ (yn stee fan ‘fyftjin’) ûntdekke kind.
      Ik wit hoe’t it heart, en júst dêrom fyn ik dat ik de fryheid nimme mei my dêr net oan te hâlden.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: