Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Fersin

Posted by André Looijenga on 24/02/2010

Is der skjintme yn teloarstelling? Is der in moaie kante oan heroysk falen? Is der oan in mistaast, al giet men deroan tenûnder, dochs wat goeds, al wie it mar foar jins siele?

Fansels, en dat is wat men faaks it tragyske neame mei.

Fan’e jûn miende ik in heltenepos te sjen mei in dúdlike útkomst, mar de tsien kilometer op’e redens bliek in trageedzje yn’e klassykste betsjutting fan it wurd.

In helt bokset op tsjin syn wjerstribber. Hy berikket op eigen krêft de top fan syn kinnen, syn grutste súkses leit klear en ivige rom liket syn diel. Mar dan – ik wol der net oerút oft der ien rôp of inkeld wiisde –, in misstap, hamartia. Wa’t skuld hat, dêr binne altyd twa of mear mieningen oer; wichtich is de fout. De iennichste, mar wol in fersin dat alles faai set. En dan kin it allinnich mar nei de ûndergong, en allinne sinkt de helt del.

Dat is op it toaniel, oft dat no in poadium is, of in Binnenhof, of in Olympyske iisbaan. Wy sjogge toaniel, wy libje op mei it súkses fan’e helt, krije de fout earst mar heal mei, ûndergean in sûnderlinge spanning wylst de helt mei iepen eagen nei syn delgong rydt.

En is de helt tenûnder, klinket in ôfslutende kleisang fan it koar fan analisten. Wy seagen ta, wy lije mei. It gefolch is hurd, mar it lijen suveret, ús alteast, katharsis.

Tiisdei, trijentweintich febrewaris 2010.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: