Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Tinzen by myn blôch

Posted by André Looijenga on 25/02/2010

Aanst gean ik de tredde wike yn dat ik dit blôch skriuw, dat miskyn is it tiid en bring ûnder wurden wat ik dermei wol.

Skriuwe, yn behapbere stikken en ûnder de druk eltse dei wat nijs ta te foegjen. (Dat alle dagen skriuwe is net alhiel lukt, –  sneon hiene wy jierdei yn’e famylje, en juster wie ik te hurd oan it wurk om wat ôf te meitsjen en jûns te wurch om noch in stikje del te pinnen.) 

Lêzen wurde, leafst troch in sa grut mooglike kliber nijsgjirrigen. Dêr is fansels gjin sprake noch fan. Ik haw it bestean fan dit blôch ek net fan’e daken skreaud. En ik haw it my fansels dreech makke troch te kiezen foar it skriuwen yn it Frysk.

Men moat witte wat men te melden hat, at men skriuwe wol. Ik kin wol oeral oer skriuwe, mar dat smyt noch gjin gearhingjend gehiel op, wêrfan’t in potinsjele lêzer ûngefear wit wat te ferwachtsjen.

It sil der mei yn it Frysk blôchjen, nei myn ferwachting, wol op útdraaie dat men in protte oer typysk Fryske thema’s skriuwt. Oer de taal, hoe’t hja wurket, hokfoar skatten hja bewarret, en hoe’t har takomst feilich steld wurde kin. Oer de Fryske identiteit, mei har moaie en har minne kanten. En dêrmei oer polityk en soksmear, en hoe’t dat mei Fryslân te krijen hat.

Miskyn wat heal en hiel bellettristyske oerstinninkjes tuskentroch: wat grienmank oer yntellektueel ferantwurde boeken dy’t ik, al as net, lêzen haw, en filosofearseltsjes nei oanlieding fan oermoedige reedriders en sa.

Gewoan omdat der sa út-en-troch yn it Frysk skreaun wurde moat, ja omdat der sa as it útkomt ris foar de feroaring yn it Frysk ûnwenstige tinzen tocht wurde moatte.

Tongersdei, fiifentweintich febrewaris 2010.

One Response to “Tinzen by myn blôch”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: