Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

De hânskreauntekstferwurker

Posted by André Looijenga on 26/02/2010

[Earst even dit: it giet wol need mei myn blôch no. De statistiken sjitte omheech. Wolkom, minsken, allegearre hjir op it Frysk Deiblôch, ik fiel my fereare troch jim belangstelling!]

Wy, en dan bedoel ik sûnder gekheid ek mysels as bûkemantsje fan yn’e tweintich, ha yn ús libbens in protte technologyske feroarings meikrigen. Om ticht by myn eigen deistich wurk te bliuwen: nim no bygelyks de hommelse oergong fan foaral skriuwe nei foaral type.

Der wiene fansels al sa’n hûndert jier typmasjines foar’t geandewei eltsenien in eigen kompjûter yn’e hûs naam. Dochs hat it neffens my de kompjûter, en net dat ritmysk ratteljende apparaat dat nei inket rûkte, west dy’t de manier wêrop’t jo en ik teksten skriuwe fûnemintiel feroare hat. My tinkt, dat alle wrâld (my ynklûs) skriuwt troch op in kaaiboerd te typen feroarsaket in bliuwende revolúsje yn hoe’t wy teksten gearstalle en hoe’t wy tinke.

Lit my by mysels as foarbyld bliuwe. Ik haw fansels skriuwen leard mei fulpen en papier. Ta myn (seker doedestiids) nocht hoegde ik fan myn âlden yn groep acht net per se op blyntypkursus (dat wie noch op in typmasjine), en it heucht my noch dat ik in inkelde kear earne yn’e lêste jierren fan’e basisskoalle nei letters sykjend efter it kaaiboerd fan in kompjûter siet. Sûnt doe is foar my it typen mei de jierren hieltyd tanaam, en it mei de hân skriuwen doch ik hân oer hân minder.

Mar eins fyn ik dat typen mar raar. Dat frjemde, ûnlogyske kaaiboerd mei de letters sa mar troch inoar (Q, W, E, R, T, Y…). Dy yn sekere sin sekundêre wize fan jins wurden fanút’e holle oerbringe op in foarlopige bledside dy’t op in ljochtsjend byldskerm foar jin stiet, troch it oanreitsjen fan’e knopkes op it kaaiboerd.

Eins soe ik wol werom wolle nei it echte skriuwen. Mar dan wol mei de foardielen fan it digitale tekstferwurkjen (tink allinne mar oan dy grutte útfining: de ‘backspace’-knop) dêr’t wy wierskynlik mentaal net mear sûnder kinne.

By myn witten bestiet soks noch net, mar se soene it gau útfine moatte: in technyk wêrtroch’st gewoan op papier mei pen of potlead skriuwe en dat dan op simpele wize digitaal yn in tekstferwurkingsprogramma sette koest. Gewoan krekt sa ast it opskreaun hiest, stie it dêr dan op skerm. Koest it sa litte, of (meastentiids) fierder bewurkje ta in opmakke stik tekst. It programma soe dyn hânskrift (hoe bryk miskyn ek) feilleas werkenne. Soest dyn nette hânskrift op’en doer as in soart persoanlik lettertype brûke kinne (wat eins folle natuerliker is as de sitewaasje no, dat alles watst deltypst, oantemei it ûnnoazelste chattebeltsje, lykas yn profesjonele drukletters foar dy ferskynt).

Ik ferwachtsje dat soks der gau fan komt. Faaks is it al jierren yn ûntwikkeling. Oer in jier as tsien witte wy grif net oars as sá.

Freed, seisentweintich febrewaris 2010.

2 Responses to “De hânskreauntekstferwurker”

  1. Marcel Plaatsman said

    Oh, mar zoks is ter al wol hoor. Hèjje wolders van de “Iris Pen” hoord? Dat is ien pen die leest wat of jee op ien bladje skreven het en dat metiense néé jow tekstverwerker doet deurgeve. Vanzelf ken zó’n pen ‘t ok weer niet altóós goed wete, dat je moet ‘t allegaar nag wel efkes néégaan op foutjes, mar a’je mar gnap skrieft doet ‘ie ‘t puur bêst. Je het nag dierdere penne ok die zóó goed bee benne, dat je deer enkeld mar mee moet skrieve en ‘ie drek alles wat of je opskrieft onthoudt en deerefter (moejje’m in je USB-poort duwwe) hillegaar op zien eige an de ruttel gaat en je antekenings van’e hille dag op ‘t computertje zet. Best gaan!

  2. deibloch said

    Soks as sa’n ‘irispinne’ liket wol wat op wat ik sels yn’e holle hie.

    Yn elts gefal tink ik dat it kaaiboerd as middel om tekst mei te komponearjen net it ivige libben hat, en dêr soe ik sels (as net-blyntyper) net rouwich oer wêze. Op’en doer, oer in jier as tweintich faaks, sil it tink standert wêze om digitaal te skriuwen op in manier dy’t mear op mei de hân skriuwen liket.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: