Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Nijwurderij

Posted by André Looijenga on 28/02/2010

It kenmerk fan in libbene taal is dat se hieltyd yn ûntwikkeling bliuwt. Nije wurden komme op en âlde reitsje yn ûnbrúk. In inkeld kear wurdt in âld wurd opdobbe foar in nije betsjutting. Stadichoan feroaret de útspraak fan in taal. Stadichoan feroaret ek de morfology.

Oer hoe’t de morfology fan it Frysk (benammen dy fan it tiidwurd) oan it feroarjen is, sil ik it in oare kear ha. No wol ik efkes dwaande hâlde mei Fryske néologismen.

Om te begjinnen, wy brûke hjoeddendei yn ús Frysk fansels in protte wurden en siswizen dy’t ús foarteam fan hûndert jier lyn net werkenne soe. Ús libbenswrâld is dan ek folslein oars as harrent wie. It seare plak dat ik lykwols oanwize wol, is oft de taal (= har aktive sprekkers) in part fan dy nije wurden foar nije ferskynsels út harsels foarme hat. Neffens my hat dat yn hast gjin gefal sa west. Nije Fryske wurden út’e tweintichste ieu binne hast allegearre lienwurden, dy’t hast sûnder útsûndering út it Nederlânsk of fia it Nederlânsk yn it Frysk bedarre binne. 

Oan’e hast eksklusyf Nederlânske ôfkomst fan nije wurden kinst merke dat it Frysk yn’e ôfrûne ieu fierder oan ‘autonomy’ (om it sa út te drukken) foar it Nederlânsk oer ferlern hat.

Ik wol op taalmêd gjin drammer wêze, mar ik wol àl graach sjen dat it Frysk yn syn wurdskat mear op eigen fuotten stiet. Dêrom soe men derfoar soargje moatte dat der mear ‘unyk’ Fryske wurden yn jins Frysk sitte. Foar in diel is dat in saak fan wurden sykje, lêze, sneupe, ôfharkje wêr’st se mar fine kinst. Mar foar in part giet it ek om (mei soarch en assosjaasje) nije wurden betinke foar eltsedeiske konsepten dy’t wol ferlet ha fan in nij eigen Frysk wurd.

Foarstellen foar nije wurden sil ik yn’e kommende tiid no en dan dwaan op dit blôch. It soe moai wêze, at guon fan jim, bêste lêzers, har ek foar sokke nijwurderij ynteressearje soene. Ik bin benijd wat soks opsmyt. Sjen oft it lukke kin om fanút’e blôchskriuwerij de Fryske wurdskat te ferrykjen…

Snein, achtentweintich febrewaris 2010.

One Response to “Nijwurderij”

  1. […] fansels, yn ien ding ha de organisatoaren fan’e wurdekriich gelyk: der moatte nije wurden by yn it Frysk. Dat yn it Nederlânsk alle jierren in protte nijfoarmings opkomme en om in plakje yn’e […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: