Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

In roman dy’t derta docht?

Posted by André Looijenga on 07/03/2010

Ik freegje my wolris ôf hoefolle Fryske romans der binne dy’t echt de muoite wurdich binne. Ik haw der sels yn elts gefal net safolle yn’e kast stean, dy’t ik útlêzen haw. Streekromans binne der, en boeken oer de oarloch en sa, mar sok jolm hat myn ynteresse net.

Mar miskyn bin ik wol net echt in romanlêzer. Miskyn fyn ik it meastal mar omslachtich gedoch, dat in skriuwer fiktive karakters betinkt om dy fiktive dingen belibje te litten yn in fiktive wrâld dy’t krekt op uzes liket. Ast oer sa’n wrâld skriuwe wolst, wêrom dan net gewoan oer de echte wrâld? Wêrom dan sa nedich yn it keursliif fan’e fiksje?

Miskyn is it eins wol sa dat de ‘echte’ (klassike) roman echt wat njontjinde-ieusk west hat, en dus yn wêzen lang efterhelle is, en boppedat echt wat wie foar Frânsen, Russen en Ingelsen. It Frysk wie gewoan te let, dat sutere om dy tiid hinne noch oan mei Waling Dykstra en sa. It Nederlânsk wie miskyn doe ek gewoan noch net by de tiid. (De Max Havelaar bygelyks is seker in wichtich boek, mar net in roman.)

Binne der eins wol Nederlânske romans dy’t der echt ta dogge? Ik bedoel, in boek troch in Nederlanner skreaun dat echt de muoite wurdich is en set oer yn’e oare kultuertalen fan’e wrâld? Ik wit it net. Nooit meer slapen fan W.F. Hermans miskyn. Dat soe ik noch in roman neame kinne én in boek fine dat op meardere nivo’s it minskdom wat te melden hat.

No ja, at ik fyn dat ik útmeitsje kin hoe’t in notiidsk fernijend kréatyf proazewurk (àl as net lykjend op in roman) wêze moat, soe ik sels miskyn ris in boek skriuwe moatte. Ik beloovje neat, mar faaks komt it der nochris fan.

Snein, sân maart 2010.

3 Responses to “In roman dy’t derta docht?”

  1. Marcel Plaatsman said

    Foar it Nederlânsk:

    De historie van mejuffrouw Sarah Burgerhart – B. Wolff & A. Deken
    Een nagelaten bekentenis – M. Emants
    Van oude mensen, de dingen die voorbij gaan – L. Couperus
    Van de koele meren des doods – F. van Eeden
    Karakter – F. Bordewijk
    Boerenpsalm – F. Timmermans
    Kaas – W. Elsschot
    Houtekiet – G. Walschap
    Eenzaam avontuur – A. Blaman
    De Avonden – S. K. van het Reve
    De komst van Joachim Stiller – H. Lampo
    Nooit meer slapen – W. F. Hermans
    De Kapellekensbaan – L.P. Boon
    Rituelen – C. Nooteboom
    Gstaad 95/98 – M. van der Jagt
    De helaasheid der dingen – D. Verhulst
    Koetsier Herfst – C. Mutsaers

    Foar it Frysk kin ik it sa net sizze, mar ik fûn “Fabryk” net min hear.

  2. deibloch said

    Myn bydrage fan justerjûn hinket, analytysk swak, op mear as ien gedachte.

    Ien tried is dat ik siet te tinken oan’e kwestje wat no in “derta-dwaand” literêr proazewurk wêze soe. Dêrop trochgeand kaam ik deropút dat in ‘roman’ (yn in strikte definysje) eins mar in raar ding is. Hielendal de finger derop lizze kin ek noch net. Mei it ‘probleem’ fan fiksje hat it miskyn te krijen, en mei de (ferburgen holden) rôl fan’e skriuwer miskyn.

    Do neamdest foar it Nederlânsk in list fan santjin boeken dy’t it lêzen seker wurdich binne (al ha ik sels mear as de helte nea ynsjoen). Oft ik se allegearre ‘roman’ (stricto sensu) neame soe, betwivelje ik. Mar wat ik dan àl in roman fyn, dat moat ik in oare kear ris fierder útwurkje.

    En dan begûn ik myn stikje mei de kont tsjin’e krêbe te smiten oer de Fryske literatuer, fansels. Krekt as foar de Nederlânske, ha ik hjiryn mar diels rjocht fan meipraten: der binne in soad boeken dy’t as Fryske romans ferkoft wurde en ik net lêzen ha. Ik wol nimmen misledigje fansels, der komme seker nijsgjirrige boeken út, mar oer it ginneraal skat ik Fryske ‘romans’ (yn inge sin) net al te heech yn. Dochs, Riemersma hat perfoarst in oantal goede boeken skreaun, hoewol’t dat lang net allegear ‘romans’ wiene. (‘Fabryk’ en ‘Nei de klap’ binne àl romans, mar ‘Rotminsken/Minskrotten’ en ‘De Reade Bwarre’ soe ik by brektme oan in better wurd net oars as as wichtige ‘kréative proazewurken’ definiearje.)

    Boppedat siet der yn myn stikje nóch wat oars: it útmeitsje wolle hokker romans út’e Lege Lannen no echt fan wrâldnivo binne. Soks krijst soms, wannear’st bygelyks yn’e byb in oersichtswurk oer ‘Great European Novels’ trochblêderest en dêr gjin inkelde Nederlanner of Flaming yn fynst. Foar in part leit sa’n brektme oan erkenning oan’e ôfgryslike parochiaalskens fan bûtenlânske (tink seker Angelsaksyske en Frankofoane) literatuerkenners, en allinne yn twadde ynstânsje oan’e aard fan’e Leechlânske skriuwerij.

    ‘Nooit meer slapen’ is yn elts gefal foar my sûnder twivel in Great European Novel. Op syn minst.

  3. […] Comments (RSS) « In roman dy’t derta docht? […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: