Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

In roman dy’t derta docht? – II

Posted by André Looijenga on 08/03/2010

[Yn andert op’e réaksje fan myn Westfryske freon Plaatsman op myn stikje fan juster oer romans dy’t derta dogge, skreau ik niis it ûndersteande. It hinget ek ûnderoan by dat eardere stikje, mar liket my as bydrage nijsgjirrigernôch om hjoed ek foaroan op myn Deiblôch te pronk te setten.]

Myn bydrage fan justerjûn hinket, analytysk swak, op mear as ien gedachte.

Ien tried is dat ik siet te tinken oan’e kwestje wat no in “derta-dwaand” literêr proazewurk wêze soe. Dêrop trochgeand kaam ik derop út dat in ‘roman’ (yn in strikte definysje) eins mar in raar ding is. Hielendal de finger derop lizze kin ek noch net. Mei it ‘probleem’ fan fiksje hat it miskyn te krijen, en mei de (ferburgen holden) rôl fan’e skriuwer miskyn.

Do neamdest foar it Nederlânsk in list fan santjin boeken dy’t it lêzen seker wurdich binne (al ha ik sels mear as de helte nea ynsjoen). Oft ik se allegearre ‘roman’ (stricto sensu) neame soe, betwivelje ik. Mar wat ik dan àl in roman fyn, dat moat ik in oare kear ris fierder útwurkje.

En dan begûn ik myn stikje mei de kont tsjin’e krêbe te smiten oer de Fryske literatuer, fansels. Krekt as foar de Nederlânske, ha ik hjiryn mar diels rjocht fan meipraten: der binne in soad boeken dy’t as Fryske romans ferkoft wurde en ik net lêzen ha. Ik wol nimmen misledigje fansels – der komme seker nijsgjirrige boeken út -, mar oer it ginneraal skat ik Fryske ‘romans’ (yn inge sin) net al te heech yn. Dochs, Riemersma hat perfoarst in oantal goede boeken skreaun, hoewol’t dat lang net allegear ‘romans’ wiene. (Fabryk en Nei de klap binne àl romans, mar Rotminsken/Minskrotten en De Reade Bwarre soe ik by brektme oan in better wurd net oars as as wichtige ‘kréative proazewurken’ definiearje.)

Boppedat siet der yn myn stikje nóch wat oars: it útmeitsje wollen hokker romans út’e Lege Lannen no echt fan wrâldnivo binne. Soks krijst soms, wannear’st bygelyks yn’e byb in oersichtswurk oer ‘Great European Novels’ trochblêderest en dêr gjin inkelde Nederlanner of Flaming yn fynst. Foar in part leit sa’n brektme oan erkenning oan’e ôfgryslike parochiaalskens fan bûtenlânske (tink seker Angelsaksyske en Frankofoane) literatuerkenners, en allinne yn twadde ynstânsje oan’e aard fan’e Leechlânske skriuwerij.

Nooit meer slapen is yn elts gefal sûnder twivel foar my in Great European Novel. Op syn minst.

Moandei, acht maart 2010.

One Response to “In roman dy’t derta docht? – II”

  1. […] Lês fierder op it Frysk Deibloch […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: