Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Iden fan Maart (of eins de deis dernei)

Posted by André Looijenga on 16/03/2010

De lêste wike hie ik it min oan tiid en hâld myn blôch by. Ien grut en wichtich ding moast foar dizze moandeis klear wêze, dat dat gie efkes fóar. Sneintejûn koe ik, nei it nedige stinnen en krewearjen, it ûndersyksútstel opstjoere wêrmei’t ik nei in promoasjeplak oan’e Grinzer universiteit sollicitearje wol. Dat ynienen sit ik wer hielendal medias in res classicas, en liket it Frysk der wer in bytsje by yn te sjitten.

Wêr ik op wol promovearje (soe ik sa’n fûl begeard plak krije kinne)?

Myn útstel hat as titel (ferfryske) meikrigen It Wer-útfinen fan’e Barbaar: konstruksjes fan net-Gryksk en Gryksk yn’e Hellênistyske poëzy. Ik bin filolooch en graecus en haw my yn it foarste plak talein op’e literatuer fan’e Hellênistyske perioade. Yn myn dissertaasje wol ik dizze poëzy oan in analyze ûnderwerpe dy’t derfan útgiet dat de dichtkeunst in dúdlike rôl spile hat yn it definiearjen fan (kulturiele) identiteit. It liket faaks in bytsje koart-troch-de-bocht sa, mar binnen it fjild fan’e Hellênisme-stúdzje hat it neffens my potinsje om in ynfloedryk boek op te leverjen.

Mar mear as ôfwachtsjen oft de kommissje dy’t deroer giet soks ek sjocht, en it oandoart my oan te nimmen, falt der no net te dwaan.

It útstel opstjoerd, heapje oare akademyske putsjes har foar my op. Myn offisjele ôfstudearjen (de bul-útrikking) stiet no in datum foar op’e aginda. Foar 1 maaie moat in earste presintearbere ferzy fan in artikel fan myn hân oer spearen en it byld fan keningen by Hellênistyske dichters klear wêze om nei de besikers fan in kongres ein fan’e simmer tastjoerd te wurden.

Wat oars, mar dochs oanswettend, oer fan’e jûn. Út wurk bleau ik yn Ljouwert en gie ik yn Tresoar nei in lêzing. Foar in publyk fan fral eineksamenlearlingen spruts Anton van Hooff nei oanlieding fan’e Pro Caelio oer it libben fan Cicero. 

De lêzing foel my ôf. Ik hie in mear gearhingjend ferhaal oer dy iene bysûndere redefiering fan Cicero ferwachte, as de leechdrompelige powerpoint dy’t wy foar ús krigen.

Van Hooff is in man dy’t gauris op’e radio útnoege wurdt at it oer de Âldheid giet, mar eins is er net sa hiel geskikt om sels syn tinzen krêftich ûnder wurden te bringen. Meastens fynt er ek net safolle bysûnders, tinkt my. De yndruk dy’t er wekt, is dy fan gewoan in âldere learaar Latyn. Wakker entûsjast oer syn fak, mar wat warrich en te drok yn syn styl fan praten. Hy skriuwt ek net ûnaardich, mar hy komt net oer as in djiptinkend gelearde, noch as in wiidweidich yntellektueel. In goede learaar faaks, mar as lanlik úthingboerd fan’e wittenskiplikke bestudearring fan’e Klassike Âldheid earlik sein ûnder de mjitte.

Tiisdei, sechtjin maart 2010.

3 Responses to “Iden fan Maart (of eins de deis dernei)”

  1. […] Lês fierder op it Frysk Deibloch […]

  2. […] haw ik noch wat aardichs te melden. Yn tiidsje lyn skreau ik oer it ûndersyksfoarstel foar in aio-plak dat ik yn Grins yntsjinne hie. Ûndertusken haw ik […]

  3. […] Dit is dus myn weblog, myn eigen hoekje ynternet dat ik stadichoan fol skriuw mei stikjes oer ferskillende ûnderwerpen. Dy stikjes gean soms oer Fryske boeken en skriuwers, soms oer dingen dy’t ik nijsgjirrich fyn oan’e Fryske taal. Oare stikjes gean júst oer de aktualiteit, of oer dingen dêr’t ik mei myn eigenwize holle in miening oer haw, of fertelle gewoan oer wat ik sa út en troch meimeitsje. […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: