Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Yntinsjeferklearring

Posted by André Looijenga on 27/03/2010

Yntinsjeferklearring. Kinst it moai ferfryskje (sykje de seis ferskillen), mar it bliuwt in ûnsjoch Hollânskisme. Dochs, ik fyn dat ik mar ris ferwurdzje moat wat ik wol mei myn Deiblôch.

Guon dingen moatst gewoan planút sizze. Fansels skriuw ik dit blôch net fol as út in siiklike niging ta selsekspresje. Fansels wol ik der wat mei berikje, foar oaren en foar mysels. Oars soe ik wol tsjin in muorre oanprate (of tsjin fisken preekje).

Yn it foarste plak hâld ik dit blôch by om’t ik yn it Frysk dingen skriuwe wol dy’t ik sels lêze wolle soe. Ik sette daalks heech yn troch deistich bydragen te beloovjen. Dy ambysje foel my de ôfrûne wiken swier, mar ik hâld har dochs oan. Nije ambysjes binne mar al te nedich at it om it Frysk giet, seker at it giet om skriuwsels dy’t de muoite fan it lêzen wurdich binne.

Myn blôchskriuwery is in tichter by de taal krûpen. Frysk skriuwe is dy taal foar jinsels ûntdekke en ta jins eigen spylfjild meitsje. It siet der fan begjin ôf oan te kommen en myn blôch wurd foar in wichtich part refleksje op it Frysk. Soks is eins ek mar al te nedich yn ús gefal fan in taal dy’t sels as taal yn’e publike romte (ûnderwiis, ûnderwiis…) amper omtinken krijt.

Ik wol helpe it Frysk fierder te bringen. Sa koart mooglik sein is dat de yntinsje fan myn krewearjen oan dit blôch.

Hast oardel moanne dwaande, sykje ik noch altiten nei de foarm fan myn blôch. Wêr moat myn skriuwery oer gean?

Yn tsjinstelling ta guon oare blôchskriuwers sjoch ik gjin doel yn it fêstlizzen fan al myn deistige belibbeniskes. Safolle bysûnders haw ik dêroer aldendei net te melden. Boppedat is deiblôch in wurdboartsjen op deiblêd en net op deiboek.

Om’t ik sa’n ferlet fan Frysklêzers haw, soe ik jimme fansels by dizzen freegje kinne wat jimme wolle wêroer’t ik skriuw. No, sis it mar. De ôfrûne moanne oersjend, haw ik al in idee hokker thema’s de takomme tiid yn elts gefal lânskomme sille.

1.) Sa’t ik jit sei, de Fryske taal, fan ferskate kanten besjoen. Dêrby moat ik wol oantekenje dat ik as akademikus net yn it foarste plak yn’e Germaanske talen en it Frysk spesjalisearre bin. In goed-ynformearre leek yn’e Fryske taalkunde, krekt as hoe’t ienris it bestudearjen fan folkstalen begûn.

2.) Fryslân beskriuwe. Dat sil alle kanten útgean, tink. Wy komme fan in nuver hoekje wrâld, mar hawwe dat meast net troch. Fiersten te min hawwe minsken wat troch oer ús ynleaf grien biljartlekken. Yn’e taal fan in grut part fan’e bewenners fan ús bysûndere lânsdouwe wurdt der eins amper wat skreaun oer Fryslân sels. Oer it Fryske lânskip, de skiednis en fan alles dat dêrby it sjen en witten wurdich is, wol ik noch wolris, yn it Frysk, in goed en moai boek op’e merke bringe. (Wat d’âld Speerstra kin, kin ik ek, en faaks wol better.) Earst hjir mar ris besykje.

3.) Al bin ik net bot polemysk ynsteld, haw ik wis in miening te jaan, dêr’t men yn Fryslân (al wit men it noch net) grif wat oan hawwe kin. Skylk folget it der mear yn dy snuorje. Oppenearjen is ommers it libbensbloed fan it blôchjen. En seker ast dy op it Frysk en Fryslân stortest, fynst in soad dat fan dyn miening ferlet hat.

Hawar, en no gau op nei de status fan Frysk-pommerant!

Sneon, sânentweintich maart 2010.

4 Responses to “Yntinsjeferklearring”

  1. […] Lês fierder op it Frysk Deibloch […]

  2. jqsmînk said

    Goeie,

    As it giet om suggestjes om oer te skriuwen, dan haw ik wol ien twa trije. Knap betocht: Frysk Deiblôch!

    Hart. groeten,

    Jacobus

  3. deibloch said

    Tankewol, Cornelis, foar it trochlinkjen!

    Ik bin oars wol benijd nei dyn suggestjes, Jacobus.

    Groetnis, André

  4. deibloch said

    Jeu, de statistiken sjitte omheuch!

    Mar, minsken, réagearje jimme ek efkes?

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: