Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Fryske liuwtsjes

Posted by André Looijenga on 29/03/2010

Yn in eardere bydrage, ien fan myn bettere neffens my, luts ik fan lear tsjin pompeblêden as Frysk symboal. Pompeblêden wurde fiersten te folle brûkt, ferwurde ta betsjuttingleaze ornamintsjes, en ferkringje oare miskyn wol folle moaiere en echtere symboalen fan Fryskens.

Ik wol opkomme foar it wapen fan Fryslân. It kin wêze dat jo dat ris earne sjoen hawwe: in blau skyld met twa gouden liuwen en sân gouden blokjes. Miskyn dat jo noch in âld teeleppeltsje yn’e hûs hawwe mei dat wapen.

(Ik sis soks der mar even by, want sels de provinsje brûkt hjoeddendei har wapen amper mear, en sa njonkenlytsen sille de minsken wol ferjitte dat it ea bestie.)

It Fryske wapen hat wat grutsks oer him, wat keninkliks sels. Dat sil gjin tafal wêze, tink. Ik fermoedzje in (fansels mei opsetsin) konneksje tusken de twa Fryske liuwen en de âlde keninklike wapens fan Ingelân en Denemarken (trije sokke liuwen) en de hartochlike fan Brûnswyk, Sleeswyk en Normanje (twa liuwen).

Al dizze oare twa of trije liuwen binne lykwols ‘oansjend’, hâlde de kop fansiden nei de talôker, wylst har Fryske kollega’s rjocht foar har út sjogge. (De twa liuwen yn it wapen fan Westfryslân binne ál oansjend. De Westfriezen sille fêst beweare dat har liuwen histoarysk júster binne.)

Troch Ljouwert rinnend, lette ik lêsten derop oft ik ek Fryske wapens seach. It moaiste foarbyld is miskyn wol it âldste Fryske wapen yn stien: dat boppe de doar fan’e Kânselary.

My foel op dat der twa farianten binne: op’e âldere stiennen stean de liuwen op har twa efterpoaten, en op nijere ôfbyldings op trije poaten. De liuwen dy’t op twa poaten balânsearje, mei ik wol lije. Goed útfierd lykje se fûler. Se springe nei foarren as op in proai, ynstee fan kreas foarút te kuierjen. 

Moandei, njoggenentweintich maart 2010.

Hjirûnder in plaatsje fan it gewoane Fryske wapen, sa’t jo it faaks kinne fan borrelgleskes en ûndersettertsjes út’e jierren santich:

2 Responses to “Fryske liuwtsjes”

  1. Marcel Plaatsman said

    Moai hear. It Fryske wapen docht fansels oan it West-Fryske tinke, mar wy moatten it mei twa blokjes minder dwaan. Ris sjen of ik dat hjir poste kin:

    Wapen fan Westfryslân

    Ek it West-Fryske wapen is hast ferjitten, mar yn it wapen fan’e provinsje Noard-Hollân kinst wol weromfine. Wolst it echte wapen sjen, dan moatst mar troch âlde stedsjes at Hoarn, Alkmar en Inkhûzen rinne, dêr’t ús wapen yn moaie âlde gevels oerlibbet.

  2. deibloch said

    Marcel,

    tank foar dyn kommint. Ik haw it efkes bywurke, dat de foto fan dy gevel yn Hoarn is no ek daalks te sjen.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: