Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Ottema-Wiersma Reservaat

Posted by André Looijenga on 01/04/2010

Tusken Feanwâlden en Gytsjerk leit it Ottema-Wiersma Reservaat. Jo sille der net earder fan heard hawwe, mar fanút’e trein nei Grins kinne jo der in lytse glimp fan opfange. Yn’e fierte sjogge jo wat boskjes en rûchte, net troch in dyk te berikken.

Soene jo jin dochs yn dit ôfsletten reservaat weagje, kamen jo yn in wyldernis fan wetter, reid en struken. In oarwrâldske stilte falt dêr oer jin. Earne kwêket in frosk. De wyn strykt troch de wylgetûken.

Dan hearst ynienen it splassen fan beamstamkano’s op’e petgatten. Hoeden komme se tichterby, smelle preammen mei dêrop mânlju en jonges yn bistefellen, pylken en bôgen op dy rjochte.

Dit is it gea fan’e Ottema’s en de Wiersma’s. Hjir hat gjin bûtensteander wat te krijen. Twa lytse stammen oerlibje hjirre yn harren natoerlike habitat.

Fiskjen en fûgels sjitten binne harren foarneamste boarnen fan bestean. Harren klinten bouwe hja fan tûken en seadden op bultsjes oan it wetter, elts op syn eigen pôle.

Rûch yn it hier, sûn en steech fan lea. Sljocht mar wollûdend is har taal. Frij farre hja oer marren en puollen, sette hja har fûken, strûpe har wyld. Meast fredich libje hja dêr, frij op’e romte, yn har natoersteat.

De jûns garje hja harren om har kampfjurren, ferhelje dêr teltsjes fan eartiids, sjonge lieten fan guozzejacht en snoekjeien. Soms kinne wy, at wy goed harkje, yn it skimer fan in simmerjûn sokke sangen súntsjes hearre, wannear’t wy nei dy tsjustere rûchte yn it Bûtenfjild stean te sjen. Wat mankelyk mimerjend, hjir bûten it hege stek om it Ottema-Wiersma Reservaat.

Tongersdei, 1 gersmoanne 2010.

One Response to “Ottema-Wiersma Reservaat”

  1. […] Lês fierder by Frysk Deibloch […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: