Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Peaskefjurren

Posted by André Looijenga on 05/04/2010

Ik bin wer werom yn Grins. It rûkt hjir bot nei peaskefjoer. Sels yn’e hûs is it te rûken. Oars net ferkeard, it is houtige, wat krûdige rook. De rook ek fan in moaie tradysje.

Fanút’e auto ûnderweis wie dúdlik te sjen dat wy Grinslân binnenkamen. De grins fan it peaskefjurrengebiet komt nammentlik frijwol oerien mei de Frysk-Nedersaksyske taalgrins. Dat de Westerkertiersters tûke peaskefjoerders binne, wie goed te sjen fanôf de sneldyk. Yn’e Stellingwerven dogge se deroan, en yn Drinte, en nei it suden en it easten ta (oant fier yn Dútslân) wêr’t se mar Leechsaksyske dialekten prate. Mar ten noarden en westen fan’e iennichste taalgrins binnen it Fêstelân-West-Germaansk silst nijsgjirrigernôch gjin peaskefjoer fine.

Sa blykt mar: dy ‘Saksen’ binne bysûndere lju, mar wy Friezen binne noch bysûnderder – sûnder dat wy it sels troch hawwe. (Mar ja, dat lêste punt is fansels mar al te typysk Frysk.)

By ús yn’e Legeaën hiene wy earder ek in brânbultetradysje. Op’e jûn fan Sint Marten (11 novimber) waard der nei it lampionrinnen yn alle doarpen yn dy krite in brânbult oanstutsen. Wiken tefoaren tôgen de minsken der al hout hinne. Hiele dagen yn’e hjerstfakânsje wiene wy as lytse jonges op en om de bult dwaande.

Sûnt in pear jier binne der gjin Sint Martensfjurren mear. De gemeente wie, leau’k, al folle langer tsjin, de boeren (de boeren en hoe’t dy tsjintwurdich Fryslân mei fergrime, ik koe der noch in bulte blôchkes oer skriuwe…) wolle it net mear op har lân hawwe, en de doarpsbelangen (dy’t bestjoerlik op’e ymport driuwe) binne te sleau om de brânbulten fatsoenlik te organisearjen. Fuort. Ja, minsken, sa giet soks. Efkes net oplette en it is fuort.

(Douwe Kalma hat begjin jierren tweintich noch in sonnettekrâns De Fjurren fen Sint Marten skreaun. It is in bytsje in mâl gefal. De dichter, sa stiet my by, wurdt deryn ta in soarte fan hegepreester fan it heitelân en epyske drakedeier tsjin’e bedrigings fan’e Fryske saak, of sa. Kalma yn hegere sfearen: it sil fan’e rook fan baarnende tûken yn’e kâlde hjerstnacht komd wêze.)

Fan’e middei gie ik oars ek noch by in ferneamd libben Frysk dichter op besite. It brechje fanôf Douwe Kalma is net tafallich: wy hiene it der ûnder oare oer dat der ris in echte biografy oer dizze Jongfryske poëet skreaun moat. Cornelis van der Wal hat myn boekekasten holpen te fullen (tige tank foar dyn bondels, Cor!). Ta eintsjebeslút skeat er noch in plaatsje wêrop’t ik, op syn blôch, mei myn troch wyn en hast oerwûne gryp read oanrûne antlit te bewûnderjen bin.

Noch ien stikje nijs ta beslút: ik krige tongersdei berjocht dat ik útkard bin en nim diel oan it Grut Frysk Diktee! Krekt wat, fansels. Op 20 april sil de grutte staveringskriich plakfine.

Moandei, fiif april 2010.

3 Responses to “Peaskefjurren”

  1. […] Lês fierder by Frysk Deibloch […]

  2. […] mei Dearsums dizige drakedeader assosjearre te wurden… Mar goed, myn plande blôchke oer syn nuvere sonnettesyklus De fjûrren fen Sint Marten moast der dochs ris fan komme. En der binne jubiléa op komst: op 18 […]

  3. […] ris yn’e Stellingwerven. Doe’t wy, nei stops yn Wolvegea en Noardwâlde, by Berkeap de taalgrins hast wer oer soene, moasten wy dêr yn it doarp ôfremme foar in man mei in kroade dy’t […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: