Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Poalen is jitte net ferlern

Posted by André Looijenga on 11/04/2010

In bytsje guodkeap is it wol, sa’n titel boppe jin blôch sette yn in wykein dat se yn Poalen troch it needlot slim troffen binne. Jeszcze Polska nie zginęła. Faaks wol de bekindste Poalske útdrukking yn’e oare Jeropeeske talen: de earste rigel fan it Poalske folksliet.

It nijs oer de fleantúchramp klûstere my oan’e tillevyzje, juster tusken’e middei. Ik swom hinne en wer tusken Dútslân, Nederlân en CNN, om hapkes berjocht te heinen. Nuver is soks eins. Krijst mar in hiel bytsje ynformaasje, meast itselde yn trije talen, en hyltyd itselde byld fan brokstikken yn in fjild, mar tagelyk erfarrest op dy manier in frjemde sensaasje fan derby west hawwen.

At ik in Poal wie, soe ik nea op him stimd hawwe, mar it is slim treurich dat presidint Kaczyński en de frou omkaam binne. Dat alle seisennjontich ynsittenden omkamen. Ik kin no fierders in analyse jaan (wat my daalks juster troch de holle gie), mar dat sil juster en hjoed troch oaren ek al sein wêze. De bittere iroany fan dit delstoarten ûnderweis nei in betinking fan it massaker fan Katyń, bygelyks. De útwurking fan dizze ramp op’e relaasje tusken Poalen en Ruslân. De gefolgen foar de politike ferhâldings yn Poalen.

Mar ach, wat wit ik dêr ek fan. De soundbite dat de fleanramp fan Smolensk soe in “Twadde Katyń” wêze (ek fan in oars froed man as Lech Wałęsa), liket my ál wakker oerdreaun. In bytsje piëteitleas foar dy santich jier lyn fermoarde manlju oer ek. En boppedat gefaarlik: it yrrasjonele drôchbyld dat de Russen “de (hiele) Poalske elite” (sic) op’e nij útmoardzje woene, is mar al te maklik siedde.

Sa gau sil Poalen wol net ferlern wêze. Foar wat ik hjoed en juster sjoen haw, liket it my in goed funksjonearjende demokrasy ta. Foar elk amt is in nijen ien te finen. Konstitúsjoneel soe Poalen der yn guon opsicht wolris better foar stean kinne as Nederlân. Jeszcze Polska nie zginęła. Weardich leedbeklach lykje de Poalen wol goed yn te wêzen, mar wat wolst mei sa’n skiednis.

Dat folksliet hearde ik op in sjoernaal noch minsken yn Warsjau neontsjen. In wûnderlik folksliet eins, ûntstien op in momint (1797) dat it lân yn kwestje krekt opdoekt wie. In marsliet foar in Poalsk legertsje dat foar Napoleon yn Itaalje op kampanje wie, en oproppen wurdt om aanst it heitelân te befrijen. De melody is optein (ôflaat fan’e folksdûns de mazurka), en it refrein (“Marsz, marsz, Dąbrowski…”) tige oansteklik. Ik sil it jitris mear útwreide behannelje yn in searjetsje oer folkslieten as nasjonale symboalen, tink.

[Ta beslút noch dit: ik haw de nijste Ensafh trochgnoske, en mei wille it ferhaal fan Date Salverda oer in âld man dy’t begraffenissen by lâns rint lêzen. Allinne de lêste sin leit de moraal der wat te tsjok boppe-op. Nei it Sirkwy-barren yn Tresoar freed haw ik net west. Soks organisearret men ornaris de middeis en dan moat ik wurkje. Wol spitich, want ik hie graach ris wat mear libbene Fryske skriuwers troffen. En ús heit winskje ik, om ôf te sluten, in protte nocht ta by it hielendal trochlêzen fan myn blôch.]

Snein, alve april 2010.

2 Responses to “Poalen is jitte net ferlern”

  1. Marcel Plaatsman said

    “Jeszcze Polska nie zginęła, / kiedy my żyjemy.”

    …salang’t wy libben.

    Mar wa is “wy”?

  2. deibloch said

    Nee, “kiedy my żyjemy” is “wannear’t/salang’t wy libje”.

    (It Fryske “wy libben” is ommers doetiid.)

    Wa dy “wy” binne, sil de dichter fan dizze rigels, iene Józef Wybicki, mei sin wat ambigu bedoeld hawwe. It liket miskyn earst om dat Poalske Legioen fan Dąbrowski te gean, mar it kin daalks tagelyk as de ‘Poalske naasje’ opfette wurde.

    Fierders is it yndied nijsgjirrich (lykast my op Facebook skreaust) dat de ‘Mazurek Dąbrowskiego’ yn in trijefearnsmjitte (driekwartsmaat) skreaun is. Opmerklik foar in folksliet (hoewol’t it konsept ‘folksliet’ ein achttjinde ieu noch mar krekt ûntstie), en opmerklik dat de Poalen yn dy tiid sa’n dûnsritme as nasjonaal symboal oannommen.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: