Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

André Roelof Scholten

Posted by André Looijenga on 14/04/2010

Ik hie altiten tocht dat ik de iennichste wie mei dizze twa foarnammen. Mar okkerjiers krige ik de literatuerskiednis fan Klaes Dykstra yn hannen. Dy trochlêzend foel op in dei myn each op in bekinde namme: André Roelof Scholten (1910-1944).

It is in tsjirmerich en ûnhiemsk gefoel om ynienen dyn eigen namme swart op wyt te lêzen, mei jierren fan berte en fan ferstjerren derby.

Sûnt wist ik fan it bestean fan in oare André Roelof, dy’t dichte hie (en tragysk jong stoarn wie). Hy wie dûmny, en hie yn’e jierren tritich ien dichtbondel en ien oersetting (Coleridge syn Ancient Mariner) publisearre.

Lêsten kaam kaam ik yn’e Wadman-biografy fan Joke Corporaal myn foarnammengenoat wer tsjin. Wadman rekke yn’e tritiger jierren befreone mei Scholten, dy’t doe krekt troud wie en frijsinnich herformd dûmny wurden yn Âldeholtwâlde en Ter Idzert. Scholten hold him bot dwaande mei it Frysk. De Scholtens skine de earsten west te hawwen dy’t yn it Frysk foar de tsjerke trouden. Lykwols wie Frysk net syn earste taal; hy woeks op op ferskate plakken yn Nederlân, en pas doe’t de húshâlding yn Fryslân bedarre skeakele er as jonge om nei de taal fan syn mem har famylje.

Jiergong, Scholten syn iennichste bondel (1936), lies ik dizze wike foar it earst. In moai útjûn boekje, mei op side 13 in houtfyk fan kastanjeblossem. De measte gedichten hawwe natoerferskynsels as sfearoanlieding, en binne oardene neffens de rûngong fan it jier. Der sitte sonnetten tusken, mar meast oare rymskema’s, yn kûpletsjes as wiene it lieten.

André Roelof Scholten sil op 4 augustus 2010 hûndert jier lyn berne wêze. In protte hat er net skreaun, en wat er skreau, is hast fergetten. Yn’e hjoeddeiske blomlêzings is er net opnomd. Dochs wol ik myn nammegenoat by dizze earje mei in gedicht út syn bondel. In bytsje atypysk giet it net oer maitiid, beammen en blommen. Neat gjin dizenige Jongfryskerij, mar in heftige dûns:

Czardas – II

.

No dûnsje, dûnsje, dûnsje wy

en giselje by pearen

aloan en wer, en wer opnij:

yninoar wei, allinne frij,

ús ta elkoar te kearen.

.

Dûnsje! de wylde wize wol

ús ta syn dynjen twinge.

Wy binne sa oerrinnend’ fol,

dat hinn’ en wer w’ en op en dol,

dronken fan weelde swinge!

.

No dûnsje wy de swetten om,

dy’t ús te ing berongen!

No dûnsje wy ús herten rom,

no’t dizze toanen ús yn skom

fan klankeweagen fongen!

.

Wat bin w’ elkoarren neier, no’t

dyn eagen speeg’lje yn minen!

En bluistrich bylkjend fiel ik no

dyn jonge boarsten, hymjend skou,

ta myn boarst baarnend tinen!

.

En yn it woaste weagjen kin

w’ ús warleas opgean fiele!

No bin w’ ússels net mear; wy bin

almearoan ien, ien langst, ien sin,

dy’t troch de klanken wiele.

.

En dizze weelde wreidet rij,

sa’t alle skieden wykje:

no bist’ yn my en ik yn dy,

en aloan dûnsje, dûnsje wy,

ien mei it wyld muzykjen!

.

Ien weach, dy’t oer de floeden rûst

fan libbens melodije;

ien strieljend sterk akkoard dat strûst,

en klank mei klank teraand, opbrûst

ta heger harmonije!

Hjir moat muzyk by skreaun wurde!  Soks soe dochs, mei in hymjend wreidzjend strûzend ritme, songen wurde moatte troch Nynke Laverman of Elske de Walle…

Woansdei, fjirtjin april 2010.

6 Responses to “André Roelof Scholten”

  1. […] Lês fierder by it Frysk Deibloch […]

  2. deibloch said

    Ik tocht by myn lêste opmerking hjirboppe fansels oan “Dûnsje my de leafde út” troch Elske de Wall fan’e Fryske Leonard Cohen-cd:

    Wol in bytsje spitich dat Elske it wurd “dûnsje” net goed útsprekke kin…

  3. […] dat ik stadichoan fol skriuw mei stikjes oer ferskillende ûnderwerpen. Dy stikjes gean soms oer Fryske boeken en skriuwers, soms oer dingen dy’t ik nijsgjirrich fyn oan’e Fryske taal. Oare stikjes gean júst […]

  4. […] dy’t ik jit boppe wetter helle haw, binne de prozaïst Ulbe van Houten en de dichter-dûmny A.R. Scholten. Dêrneist fine jim ek stikjes oer âldere (‘Midfryske’) dichters út’e 18e en […]

  5. […] by André Looijenga on 03/08/2010 Moarn sil it hûndert jier lyn wêze dat André Roelof Scholten berne waard, de jongstoarne frijsinnich-herformde dûmny, dichter en […]

  6. […] sil it hûndert jier lyn wêze dat André Roelof Scholten berne waard, de jongstoarne frijsinnich-herformde dûmny, dichter […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: