Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Bliid ferbjustere

Posted by André Looijenga on 20/04/2010

Dêr sitste dan, werom yn’e seal nei it skoft. De prizen wurde útrikt. De twadde blykt ynienen foar in jonge út Grins, dêr’t ik krekt noch mei stie te praten. As dy Jurrit Jan…, soe ik dan ek… Nee, dochs… Mar dan hear ik myn namme neamd: ja hear, hoe krij ik it wer foar elkoar… ik haw echt it Grut Frysk Diktee wûn!

Ik rin nei foarren, krij fan Auck Peanstra in grou bosk blommen, en in grut pak yn pompeblêdsjepapier, en in pinneset derby. ‘Ik bin wol wat ferbjustere,’ sis ik noch neist’e mikrofoan, ‘sa hiele lang skriuw ik noch gjin Frysk…’

Moarn stean ik yn’e krante. In frou fan’e Ljouwerter hie ik oan in ferneamd reisboekeskriuwer syn mobyltsje, en mei Walinga fan it Deiblêd hie ik yn it skoft al stean te kletsen. De ûnferwachte winner fan it Diktee, sa mar ientsje sûnder Afûk-akte…

Myn earste ympresje wie wol dat in feestke wurde soe foar de wat grizere puzelfanaat. Bêst genôch organisearre allegearre, dat ál. Wurdt soks ek útstjoerd op Omrop Fryslân, waard my de lêste tiid geregeld frege. No, net dus, die bliken. Dat foel my ôf fan’e Omrop, om in moaie gelegenheid om it skreaune Frysk te promootsjen sa foarby gean te litten. Soks moat oer twa jier dochs oars: at dan hooplik de âlde Steateseal wer yn’e pronk stiet, kinst it ommers sá as in folweardige ekwivalint fan it Groot Dictee yn’e merk sette, dochs! 

O ja, en Piter Wilkens wie der net by om syn eigen dikteesinnen foar te lêzen. Ek wat spitich, want ik mei syn muzyk oars wol lije.

Mar goed, it nijs fan’e jûn is fansels dat de Grinzer jongerein der mar moai mei de prizen fantroch gien binne. Ja, minsken, it (neffens staveringsrigels skreaune) Frysk hat echt wol takomst, hear!

Skriuw, minsken, staverje en skriuw! Ik hoopje dat ik oer twa jier tsjin kloften oare nije dielnimmers de staveringskriich op’e nije oangean kin.

Tiisdei, tweintich april 2010.

5 Responses to “Bliid ferbjustere”

  1. […] Lês fierder by it Frysk Deibloch […]

  2. Lokwinske André, in grutte ferrassing! En do ek mar skriuwe oant datst der by delfalst!

    fr gr cor

  3. Nochris lokwinske, André!
    Enne… dy skriuwster dy’tst net thúsbringe koest…
    http://www.lidadijkstra.nl

  4. Fruo said

    Hey André,

    Lokwinske mei dyn oerwinning! Ik hie hjoed ek al in geheimsinige Jurrit oan ‘e tillefoan dy’t frege oft ik it Fryske nijs al folge hie…..mar blinder! Wat bin ik grutsk op dy Grinzer jongerein dy’t alle rollators ris moai oan de kant houd hawwe! Hulde!!!!!

  5. […] mei myn broerke. Oer myn winnen fan it Frysk diktee, in moanne lyn, moatte jim foaral efkes dit en seker ek dit stikje […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: