Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Boarnwert

Posted by André Looijenga on 24/04/2010

Nije wike sneon, 1 maaie, sille in freon fan my dy’t oargel spilet en ik in tsjerkentochtsje organisearje yn it noardeasten fan Fryslân. Sa’t it no liket, gean wy de âlde tsjerken fan Rinsumageast, Boarnwert, Foudgum, Hantumhuzen en Wetsens by del.

Ik bin sels bot benijd nei it hiel beskieden tsjerkje fan Boarnwert (Nl. Bornwird). It stiet op in terpke dat hast gjin ynwenners mear hat, efkes bûten Dokkum. Bysûnder is yn Boarnwert in skildering fan Sint-Kristoffel, de hillige reus dy’t reizgers tsjin ûngemakken beskermet. Unyk is boppedat de nijsgjirrige ynskripsje dy’t boppe de doar fan’e tsjerke ynmetsele is. Faaks is dit de âldst bewarre yn stien úthoude Fryske tekst: in epigram fan’e frijwol fergetten Fryske dûmny en dichter Jan Althuysen (1715-1763).

Althuysen brocht yn 1755 (yn’e mande mei syn heit) in bondel Friesche Rymlery út, mei eigen gelegenheidsfersen en in beriming fan alle psalmen. Op’e titelpagina neamde er himsels “Jinwurdig Pastoor op dy Lytze Jouwer“. De stien yn Boarnwert komt eins ek fan’e Lytse Jouwer (Nl. Hiaure). De ynskripsje siet dêr yn’e muorre fan Althuysen syn pastory, en is pas yn 1906 boppe de Boarnwerter doar te lâne kaam.

In herdruk fan de Althuysens har Rymlery is my net bekind. Yn’e Grinzer byb koe ik alteast neat fine as in pear blomlêsde ferskes yn in lyts boekje fan Waling Dykstra.

Wa’t mei wol op ús histoaryske, literêre, arsjitektoanyske en muzikale tsjerken-en-oargeltocht, kin him by my opjaan.

Sneon, fjouwerentweintich april 2010.

2 Responses to “Boarnwert”

  1. […] te jaan oan de faaks bêstferkeapjende Fryske dichter út’e njoggentjinde ieu. Moarn sille wy yn Foudgum oan yn it tsjerkje dêr’t dizze Frâns Haverschmidt fan 1859 oant 1862 dûmny wie. Ik sjoch […]

  2. […] ik as tarieding op ús tsjerketocht yn’e Noardeasthoeke op’e syk gie nei wurk fan Jan Althuysen, fûn ik in aardich boekje mei Midfryske teksten […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: