Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

No…

Posted by André Looijenga on 25/04/2010

Mei in freon fan my, in Drint fan Grinslânsk laach, hie ik it justerjûn op in feestke oer hoe’t minsken út ferskate Nederlânske regio’s ferskillend klinke. Hy woe hawwe, hy kin, wêr’t er ek komt, Friezen der altyd úthelje fanwegen it wurdsje no.

Fansels moast ik fuortendaliks tinke oan myn eigen observaasje oer it wurdsje sa.

Hy hie gelyk, fansels. It is frij typearjend foar it Frysk om oan’e ein fan meidielings no ta te foegjen. Hokfoar wearde dit …no yn’e sprektaal krekt hat, kin ik no net beneame. Ik brûk no út en troch sels yn myn blôchkes:

Wat in dramatyske kop net boppe dit oars sa nuete blôch, no.

No sa. In bernehân is gau fuld, no.

De fergrizing hâldt jin inkeld relatyf jong, no.

Sa skreaun komt it my oer as hat …no in dizze gefallen wat in ironisearjend effekt. Sintsjes dy’t einigje op …no, lykje in tahearder te ymplisearjen, dy’st as sprekker foar dy winne moatst. Pragmatysk wurket …no yn it Frysk faaks ûngefear as guon partikels yn it Gryksk (al moat ik tajaan dat Grykske partikels net myn spesjaliteit binne).

Besibbe oan it brûktme fan …no is dat fan it subtile tink, datst yn it Frysk ek gauris brûkst. Wat oars, mar ek aparter dan ast op it earste gesicht tinkst, is de manier wêrop’t de ymperatyf sjoch brûkt wurdt. Guon Fryskpraters brûke sjoch graach as in soarte fan fersterking fan harren meidielings. Hiel gewoan, mar des te fernuverender, is dat Friezen (en oare net-Rânestêdelingen) in hiel protte …hear sizze (of …hoor of …heur). 

No, sokke pragmatysk-taalkundige subtiliteiten… it bin eins tekens fan geastlike beskaving, tink.

Snein, fiifentweintich april 2010.

5 Responses to “No…”

  1. Fruo said

    No, dat is in leuk ûnderwerp! Ik haw ris in taalkundeferslach skreaun oer it wurdsje ‘no’ yn it earste jier fan myn stúdzje. Ik sil efkes wat foarbyldeon oanhelje om sjen te litten dat ‘no’ op ferskate wizen brûkt wurde kin🙂

    1. No as ‘nu’ as tiidsoantsjutting (adverbium en substantyf)
    a) Ik kom no freed (ik kom aanstaande vrijdag)
    b) It no (het heden)

    2. No as question tag (ynterjeksje)
    a) Moai waar, no? Mooi weer, nietwaar?

    3. No as reaksje (Harker jout in reaksje op wat der krekt sein is)
    a) Wat is it hearlik waar. No! (Wat is het heerlijk weer. Nou en of!)
    b) Hy is slagge. No dan! (Hij is geslaagd. Kijk eens aan!)

    Fierder kin ‘no’ ek net yn de folgende konteksten brûkt wurde:

    4. No as yn ‘nou’ (om fernuvering of teloarstelling út te drukken)
    a) Is dat no de heit fan Hylke? (Is dat nou de vader van Hylke?)
    b) Hat hy de wedstryd no wûn? (Heeft hij de wedstrijd nu gewonnen?)

    5. No as yn ‘nou’ (mooglikheid ta kiezen)
    a) Wat sil ik no ris ûndernimme? (Wat zal ik nu/nou eens gaan doen?)

    6. No yn kluster fan modale partikels (as yn sin b.)
    a) Sille we nei hûs ta? (Zullen we naar huis toe?)
    b) Sille we no mar nei hûs ta? (Zullen we nu/nou maar naar huis toe?)

    Yn de twa foarbydsinnen stiet eins itselde, mar út de twadde sin docht bliken dat de sprekker druk sette wol op de harker. As in berntsje tsjin syn heit seit ‘Sille we no nei hûs ta? dan wol der eins dúdlik meitsje dat er syn nocht wol hat en fuort nei hûs ta wol. It hat wat twingends.

    Tekens fan geastlike beskaving ;)Wat hawwe wy in rike taal, no? No!

  2. […] Lês fierder by Frysk Deibloch […]

  3. Henk said

    In aardige oanfolling: yn Fryslân wurdt ‘no’ ek faak brûkt om oan te jaan dat it te mâl giet wat de oar krekt sein hat. It wurdt dan útsprutsen mei in net-dutsen lûd. In pear foarbyldsjes:

    Kompjûter: “Fatal error”.
    Fries: “No!”

    Beppesizzer: “Sjoch, beppe. Ik ha poep!”
    Beppe: “No!”

    Scrabble-spiler 1 leit fiis wurd.
    Scrabble-spiler 2: “No!”

    Lompe fint: “Bist in aardich famke, mar dyn itensieden kin gjin sprekken lije.”
    Feralterearre itensiedster: “No!”

  4. Ha, ik wurd lêzen fan frisisten dy’t der (tige) foar trochleard hawwe. Bêst genôch. No!

  5. […] ûnderwerpen. Dy stikjes gean soms oer Fryske boeken en skriuwers, soms oer dingen dy’t ik nijsgjirrich fyn oan’e Fryske taal. Oare stikjes gean júst oer de aktualiteit, of oer dingen dêr’t ik mei myn eigenwize holle […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: