Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Rinsumageast

Posted by André Looijenga on 03/05/2010

De Grutte Tsjerke fan Rinsumageast is in frjemd gehiel. Guon parten hearre ta de âldste arsjitektuer yn Fryslân (alfde ieu, neffens sommigen!), wylst der oan’e oare kante hyltyd fierder oan sleutele is. Op it stuit wurdt de tsjerke fan binnen opknapt. Doe’t wy der sneon om mochten sneupe, lei it ark foar de restauraasje gewoan noch yn it gongpaad. It rûkte der as yn in werkplaats, ambachtlik soe ik sizze. It stôf en it ôfslitene makken de sfear.

Hjirboppe in rútsje yn’e dowestiennen noardmuorre. Sil de iepening út’e alfde ieu komme, de tolfde of de trettjinde? Wa sil it sizze. Dizze side fan’e tsjerke waard yn’e jierren fjirtich bot restaurearre (en rekonstruëarre), mar yntusken leit der wer in patina fan jeld oer it glês-yn-lead. En graniums.

Moandei, trije maart 2010.

One Response to “Rinsumageast”

  1. […] reade sânstien, wêrop’t in masker (of holle?) te sjen is fanwêrút druveranken waakse. Mei de Geast as goed twad, is de tsjerke fan Kimswert faaks dejinge yn Fryslân dy’t it meast âldens […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: