Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Sonder kret lockt it net

Posted by André Looijenga on 12/05/2010

Rein Windsma siet yn 1829 noch mar in pear jier yn it ûnderwiis (as jonge út in ienfâldige Boalserter famylje hie er earst as skuonmakker yn’e lear west), doe’t syn earste bondeltsje mei Fryske ‘grienmank’ printe waard. De 27-jierrige skoalmaster fan Offenwier liet in lyts boekje op’e merk bringe mei as titel Friesch Blom-koerke, æf: grijmanck fen ijtlijcke rijmckes, in hette oare kâterye.

Juster fûn ik yn in Ljouwerter antikwariaatsje Windsma syn Samle dichtwurk, besoarge fan D.A. Tamminga, út 1981. Sa’n ûnsjoch smoarchgrien boekje fan’e Fryske Akademy. Eins koe ik dy hiele Rein Windsma net, mar hy bliek in moaie ferrassing. Goed te lêzen (ast in bytsje wend bist oan’e stavering), klear Frysk, bytiden lekker skerp en mei humor.

Rein Baukes Windsma (1801-1862) liket ek fanút it Nederlânsk (c.q. Stedsfrysk) ta it Frysk komd te wêzen. Troch eigen stúdzje en ambysje besocht er yn’e jierren tweintich op te klimmen, socht kontakt mei ien as Joast Halbertsma en learde foar ûnderwizer. Syn earste bondeltsje wie in blommekuorke fol fariaasje, hiel ûnderhâldend mei in laits, in trien en ris in moraal. In bytsje wrâldwiis cynisme ek.

Der folgen noch in twadde lytse bondel Friesche Blomme-krânze yn 1834 en it wat tsjokkere Bledden uwt mijn Schrieuw-boeck fan 1847. Foar hjirûnder haw ik lykwols in gedicht út Blom-koerke keazen dat ik de jongere Windsma typearjen fyn: Sonder kret lockt it net. 

In kret is in kroade. Ien dy’st nedich bist om foarút te kommen yn’e wrâld. Sûnder kontakten en konneksjes biste neat en bliuwste nearne, en Rein wist dat fan himsels mar al te goed. Hie de skoalopsjenner ds. Visser him net ‘spotte’ om skoalmaster te wurden, wie er faaks altiten skuonmakkersfeint bleaun.

Het holpt it æf in minscke

Forstân in breyn, ney winscke,

In froede sinnen het,

Az him ontbreckt in kret?

Om naet iz den syn doddjen,

Syn wramen in sijn boddjen,

By nacht, so-wol az dey,

‘t Bringt him lyts foar-deel mey.

Mar, nimt, op ‘t kret, him immen,

Den wit, to wrâd eack nimmen,

Ho heag hy klieuwt ijnn’ top;

Ho fier hy rint ijnn’ rop.

Den wit me al fen buwtten;

Uwz maet iz oppe kluwtten,

     Wirt njuencke-lijtsen great,

     Al wit hy den eack neat

Het iz den nu it beste,

It eerste æf it leste?

Kinst, sonder lean of ginst,

Æf ginste sonder kinst?

Ick ker it eerst’ foar ‘t leste,

Mar hâd foar ‘t alderbeste.

Az immen wijzheyt’ het,

     In, dear-mey, sit op ‘t kret.

.

“Wat helpt it of in minske ferstân en brein (nei winsk) en froede sinnen hat, at him ûntbrekt in kret? Om neat is dan syn dodzjen [stinnen], syn wramen en syn bodzjen by nacht sawol as dei. It bringt him lyts foardiel mei.

Mar nimt op it kret him immen, dan wit op’e wrâld ek nimmen hoe heech hy kliuwt yn top, hoe fier hy rint yn rop. Dan wit men al fan bûten: ‘Ús maat is op’e kluten, wurdt njonkenlytsen grut – al wit hy dan ek neat…’

Wat is dan no it bêste: it earste of it lêste? Keunst sûnder lean of geunst, of geunst sûnder keunst? Ik kies it earste boppe it lêste, mar hâld foar it alderbêste as immen wiisheid hat en dêrmei sit op it kret.”

Woansdei, tolve maaie 2010.

3 Responses to “Sonder kret lockt it net”

  1. […] Lês fierder by it Frysk Deibloch […]

  2. […] Fierders dobje ik graach âldere Fryske skriuwers út’e boekekast op. Nijsgjirrige 20e-ieuske auteurs dy’t ik jit boppe wetter helle haw, binne de prozaïst Ulbe van Houten en de dichter-dûmny A.R. Scholten. Dêrneist fine jim ek stikjes oer âldere (‘Midfryske’) dichters út’e 18e en 19e ieu, lykas heit en soan Althuysen en de eigenwize skoalmaster Rein Baukes Windsma. […]

  3. […] it my net kwea ôf nimt, dat ik sa’n resint poëem fan him tusken de Althuysens en R.B. Windsma ûnderbring. Dat by dizze ris in fers fan Piter Boersma: Ritueel XXVIII: De tiid […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: