Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Ein fan’e mars

Posted by André Looijenga on 14/05/2010

Juster lêsde ik, efkes tuskentroch, de novelle Ein fan’e mars fan Ulbe van Houten. Ik wie eins hielendal net fan doel om wat te lêzen dat betrekking hat op’e ‘histoaryske aktualiteit’ (om sa te sizzen), mar it kaam moai út. Ein fan’e mars is in ferhaal dat ik net ferwachte hie yn Van Houten syn bondel Rook fan it lân (twadde, bot feroare edysje út 1965). De novelle beskriuwt de Dútske oanfal op it neutrale Nederlân fan 10 oant 15 maaie 1940, fanút it perspektyf fan in Fryske serzjant waans ienheid der net oan takomt om ynset te wurden.

Ein fan’e mars grypte my, fanwegen de ynblik dy’t it ferhaal liket te jaan yn wat der barde doe yn maaie 1940, en foaral yn’e chaos en ûndúdlikens dy’t de oarloch brocht. It fernuveret my altiten om te merken hoe gewoan it Nederlân fan’e jierren tritich eins wie. De Oarloch is ommers sa’n itichpunt yn ús nasjonale mythology wurden dat wy ferjitte dat it Nederlân fan foar de oarloch gewoan itselde moderne, wolfarrende en in bytsje wrâldfrjemde Nederlân wie as dat fan no. Der wiene yn 1940 gewoan autodiken en broadroasters, bygelyks.

Van Houten beskriuwt de yndrukken fan’e skoalmaster Wytse Wouda dy’t sûnt’e mobilisaasje serzjant is yn Haarlim. Hy is kommandant fan in ‘bataljonstrein’ dy’t fanôf Haarlim yn’e rjochting fan Rotterdam marsjearret. Orders om te fjochtsjen krije se noch net, en at se 14 maaie yn’e greiden benoarden Rotterdam binne, is der neat mear te rêden. Behalven it moaie Frysk, makket it dokumintêr oandwaande karakter fan Ein fan’e mars de muoite fan it lêzen in njue. Oarloch yn it oars sa keurige, fredige Nederlân is in boarne fan myld en soms wrang surréalisme. De serzjant en de wachtmeester krije bôle út’e broadroaster mei boerebûter at se ynkwartierd binne, de wachtmeester ferbynt it poatsje fan in lyts hûntsje: alles freonlik en gewoan, hjir op’e râne fan’e ôfgrûn…

Wytse Wouda wit it allegearre ek net. Hy tinkt in soad oan thús en werom. Dat makket it in autentyk ferhaal, oer in echt minske. De gedachte bekrûpt jin dat de novelle autobiografysk is, dat Ulbe van Houten (1904-1974) sels as serzjant yn maaie 1940 yn Hollân omswalke. De leeftiid kloppet, en it berop ek. De mem fan’e mobilisearre haadpersoan is weirekke en Van Houten syn mem stoar yn 1939. It soe kinne, no.

Van Houten hie de novelle yn 1941 klear. Der wie gedoch mei de Dútske censuer, dat it waard pas yn 1945 publisearre. Wat ik heind haw oan mieningen fan’e krityk op Ein fan’e mars is net ûnferdield posityf. De novelle soe it ûntbrekke oan ‘komposysje’, en Klaes Dykstra sette it del as ‘in net sa botte oertsjûgjende kronyk fan persoanlik wjerfarren’.

Neffens my hie de komposysje net folle oars wêze kind: de struktuer wurdt jûn troch de histoaryske foarfallen, de oanfal op it fleanfjild Ypenburg, de situaasje efter Grebbe- en Wetterliny, en it bombardemint op Rotterdam. It ferhaal is in stream fan belibbenissen en prakkesaasjes dy’t himsels wol fertelt. It joech my alteast de yndruk sels dêr om te sjouwen as in ta serzjant makke skoalmaster. (Boppedat die it my tinken oan it nijsgjirrichste part fan Hans Warren syn Geheim Dagboek: de ynkringende beskriuwing út’e sydline fan de fûle gefechten om de Westerskelde en it leffe bombardemint op Middelburg, yn dyselde dagen.)

Ulbe van Houten wint it mei Ein fan’e mars (en De rook fan it lân) yn elts gefal fan’e ferhalebondel fan in sekere notiidske Fryske skribint, dêr’t ik my hjirnjonken trochhinne wrakselje moat.

Freed, fjirtjin maaie 2010, santich jier nei it bombardemint op Rotterdam.

3 Responses to “Ein fan’e mars”

  1. Wit ien fan myn lêzers miskyn oft Ulbe van Houten yndied mobilisearre wie yn 1939-1940?

    At er dat wie, soe dat syn novelle Ein fan’e Mars des te nijsgjirriger meitsje.

  2. It andert op myn fraach haw ik sels al fûn. Juster gie ik foar wurk efkes oan yn Feanwâlden, wêr’t se in freonlik antikwariaat hawwe mei in protte Fryske boeken. Ik haw dêr foar in tige lyts pryske in earste druk fan Ulbe van Houten syn Ein fen’e Mars (Snits 1945) kocht.

    De novelle hat in ‘foarwird’, skreaun op 30 maaie 1945, wêryn’t Van Houten ta beslút tafoeget:

    “En nou’t ik dochs ienris oan it skriuwen bin, moat der my noch hwet fen it hert. Ik scoe dit boekje opdrage wolle oan allegearre, offisieren, ûnderoffisieren en soldaten, dy’t yn’e Maeijedagen fen ’40 by Staf III 9 R.I. hearden, yn it bysûnder oan’e maten dêr’t ik njuggen moanne mei op’e selde keamer lein ha; it moeit my allinne mar dat fen dy lêsten in pear it Frysk net lêze kinne. Ta bislút: ik hoopje net dat nou alleman fen’e Staf in frij-eksimplaer fen my forwachtet; hjir is it sprekwird fen tapassing dat it op it lêst better fen’e skeaf as fen’e bân kin.”

    It andert is: ja. Ulbe van Houten hat dus nei alle gedachten himsels as model nommen foar syn haadpersoan Wytse Wouda. Hy wie ek mobilisearre, en koe syn novelle dêrom presintearje as “in simpele kronyk fen ús oarlochsdagen”. Al binne dy lêste wurden wol wat te beskieden foar de literêre pretinsjes dy’t dit boek dochs ék hat.

    In oare kear sil ik neigean hoefolle Ulbe van Houten foar de werútjefte fan 1965 skrast hat út it orizjineel fan 1941/1945. At ik Trinus Riemersma syn útlieding by dy syn edysje fan Van Houten syn Rook fan it Lân leauwe moat, pielde Van Houten oerdreaun folle om yn syn teksten by it werútjaan fan âlder wurk.

  3. […] op. Nijsgjirrige 20e-ieuske auteurs dy’t ik jit boppe wetter helle haw, binne de prozaïst Ulbe van Houten en de dichter-dûmny A.R. Scholten. Dêrneist fine jim ek stikjes oer âldere […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: