Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Fúftich

Posted by André Looijenga on 25/05/2010

Jawis, myn fyftichste blochke op myn Frysk Deiblôch. Ik hie earst yn’e plenning om dat ôfrûn wykein te skriuwen, mar wylst ik by myn âlden yn Tersoal yn’e tún siet, wie it waar dêr te moai foar. It hie oars hiel passend west en skriuw myn fúftichste stikje mei de Pinkster (ommers: hê pentekostê hêmera, 50ste dei, nei Peaske).

Eins is it ek de drokte dy’t my de lêste tiid wjerhâldt fan rigelmjittiger te blôchjen. (Eangje net, freonen fan’e Fryske blogosfear, ik bin net fan doel om ynkoarten samar út te naaien fan it net!) Miskyn moat ik noch even melde dat ik oare moarn hjir yn Grins myn MA-bul yn’e Klassike, Midsieuske en Renêssânse-Stúdzjes ‘hoopje te ûntfangen’. Ik bin der net ûnwis fan dat ik dy bul krij, mar sa seit men soks, no.

Noch efkes ien taalkundich aardichheidsje mar, oars giet it hjirre ek mar de hiele tiid oer mysels. Boppe dit blôchke sjochst mei grouwe letters Fúftich skreaun. Sa staverest dat dochs net, sille guon tinke, it moat fyftich wêze dochs…

It is fansels net sa dat ik ynienen net wit hoe te staverjen. Ik wit ek dat in protte minsken gewoan in /i/ sizze, en bin my derfan bewust dat de /ü/ dy’t ik útsprek in resintere ûntwikkeling is. Mar as twadde(memme)taalsprekker fan it Frysk hâld júst ik derfan wat ekstra distânsje te hâlden foar it Nederlânsk oer. Hjir op myn blôch skriuw ik fan begjin ôf dêrom substandert foarmen fan’e telwurden fúftjin en njontjin yn myn ôfslutende datumrigeltsjes.

Ik ferwachtsje boppedat dat it ôfwykjende eleminstje /füf/ de takomst hat. Fan it wykein hearde ik it noch út’e mûle fan in Omrop Fryslân-tillevysje-omropster. Net dat dy altiten sokke geefpraters binne, mar se jouwe dêrom krekt de trends yn’e taal oan. It Frysk libbet dochs, en at it efkes wol giet ek de sprektaal syn eigen wei los fan it Nederlânsk. It elemint fúf- passet ommers ek yn it systeem fan’e Nijfryske telwurden, dat him fan it Nederlânsk ûnderskiedt troch in gruttere fariaasje. Fergelykje de ûndersteande rychjes mar ris:

trije – tredde – trettjin – tritich — drie – derde – dertien – dertig

fjouwer – fjirde – fjirtjin – fjirtich — vier – vierde – veertien – veertig

fiif – *fúfde – *fúftjin – *fúftich — vijf – vijfde – vijftien – vijftig

seis – sechde – sechtjin – sechtich — zes – zesde – zestien – zestig

sân – sande – santjin – santich — zeven – zevende – zeventien – zeventig

njoggen – *njonde – *njontjin – *njontich — negen – negende – negentien – negentig

De foarmen mei in stjerke (*) stean net yn it wurdboek. Mar sjoch ris hoe moai’t se harren foegje yn it systeem fan’e taal!

Tiisdei, fiifentweintich maaie 2010.

5 Responses to “Fúftich”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

  2. Steinbach said

    “Fúftich” is neat nijs of spesifyk Frysk. Yn it Sieusk, West-Flaamsk en West-Feluwsk is it ek “fuuftig” ynstee fan “vieftig”. Dat komt troch de twa labialen wêr’t de /i/ tusken sit: dan is it makliker ôm ek de klinker rûn te meitsjen. Seit dit Sieuske ryke jo faaks wat: bluven, pupe, twuvel, vuuf, wuuf? Binne der ek al Friezen dy’t “wúf” sizze tsjin “wyf”?

  3. Tankewol, Steinbach, foar dizze observaasje. In feroaring fan de /i/ tusken twa labialen yn /ü/ liket net echt yn it Frysk oanwêzich te wêzen. Gjin ‘*wúúf’ ynstee fan ‘wiif’ alteast.
    Oan’e oare kant wurdt bygelyks it tiidwurd ‘bliuwe’ op in ferskaat fan manieren réalisearre: /bljowe/, /blowe/, /bljüwe/, /blüwe/. Dy /ü/ foar de /w/ (efter in frij ‘tsjokke’ /l/) is faaks ek in utering fan de troch jo neamde ûntwikkeling.

  4. […] mient dat de titel boppe dit stikje in fersin befettet, ferwiis ik nei dit âldere blôchke fan my oer, û.o. […]

  5. Bouke Slofstra said

    Goeie observaasje. Wol graach IPA-stavering brûke yn pleats fan WFT-stavering, dus /y/ ypf /ü/. (Sei Master Pedantsma.)
    Ferhaal Steinbach liket my oannimlik ta; moaie oanwizing is dat “fiif”, mei sterke, beklamme, lange syllabe, gjinlêst hat fan dy wiksel, mar fyftich wol!
    Fieredrs: Grinslânsk (en Frysk) nuver hat mei holl. nijver te krijen.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: