Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Bulútrikking

Posted by André Looijenga on 30/05/2010

Tongersdeitemiddei krige ik yn Grins myn ReMA-bul útrikke. Yn myn moaie nije pak waard ik troch myn skripsjebegelieder (en beëage promotor) Annette Harder loovjend tasprutsen. En yndied, ik haw myn cum laude helle, hear. Nei ôfrin hawwe wy der mei famylje, freonen en twa fan myn professoren noch in pear gleskes op dronken. In prachtige dei! Fan no ôf hearre jim my fansels as drs. te betiteljen en as rju learde hear oan te skriuwen, no.

Ûnderwilens ik myn bul krige, waard der in pear doarren fierderop yn it Akademygebou in listlûkersdebat holden. Wy stiene te wachtsjen op’e gong fan it gebou, doe’t te let in sekere J.P.B. mei syn gefolch de trep opstoef, wêrby’t in omke en tante fan my troch syn befeiligers yn in hoekje treaun waarden. Fierders wie de befeiliging op it Akademygebou ûntspannen en bêst te dwaan. (Fan wat ik oars fan it debat sjoen haw, wie ik net bot fan ûnder de yndruk, en de ynlieding troch RTV Noord en Omrop Fryslân fûn ik mar in beskamsume fertoaning.) 

De reade loper op it plein lei der lykwols mar moai by foar de fêste foto-mei-bul.

Snein, tritich maaie 2010.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: