Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Radio-holle

Posted by André Looijenga on 01/06/2010

In nije moanne, noch net in nij lûd. Of dochs al? Ik harkje, no’t ik dit deltyp, nei Radiohead. Wer. Fan myn broerke krige ik foar myn bul in dûbel-cd mei harren bêste hits. It is jierren, jierren lyn, wol’k leauwe, dat ik foar it lêst dizze muzyk harke. De âldere nûmers binne foar my as in soartemei soundtrack by myn middelbere-skoaltiid en it earste jier dat ik studearre. Omtrint Kid A heakke ik njonkenlytsen ôf. Ten ûnrjochte, no’t ik it sa’n acht jier letter op’e nij hear.

Fan’e moarn hie ik in wichtich sollisitaasjepetear. Ik wit op dit stuit net of it goedernôch gie om oannommen te wurden. It is net dat it op’e kop ferkeard rûn, mar it is ek wer net dat ik der alhiel fan oertsjûge bin by de bêste fiif (út trettjin) te hearren. Efterôf sjogge je altiten wat better en wat skerper koe. Ôfwachtsje wat it wurdt, uterlik nije wike krij ik in tillefoantsje deroer.

Ik wie moai op tiid fan’e moarn. Rom foar njoggenen siet ik yn pak en stropdas op in bankje foar it Akademygebou yn’e sinne. Foaroerbûgd fytste in âldere hear mei heallang wyt hier by de kasseien op. Hy seach fansiden en stuts freonlik de hân op. Ik groete werom, en seach dêrnei pas wa’t de fytser wie. De kommissaris fan’e keninginne. Net dat ik de bêste man ea sprutsen haw, mar dochs moai om dy syn seine op jins sollisitaasje yn elts gefal te hawwen.

No ja, ôfwachtsje dus. Wa wit. Wa wit net. Earst mar wer werom oan it gewoane wurk.

Noch wat oars: witte jimme dat jim op myn blôchkes réagearje kinne? Klikje derfoar hjirrjochtsûnder op Leave a Comment (of, at ien dat al dien hat, op it wurd Comment). Ik kin sels ommers wol sjen dàt minsken myn stikjes lêze, mar ik bin ek benijd wa’t my lêze en wat at dy fan myn skriuwseltsjes fine.

Tiisdei, ien juny 2010.

2 Responses to “Radio-holle”

  1. […] Lês fierder by Andre Looijenga […]

  2. plaatsman said

    Kid A en Amnesiac fyn ik de moaiste twa albums fan Radiohead. Ik haw hjir al harren musyk, ek singeltsjes en sa, dat do moatst mar delkomme en harkje. De lêste albums, Hail to the Thief en In Rainbows, ben ik minder fan ûnder de yndruk.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: