Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Provinsjes en identiteit

Posted by André Looijenga on 05/06/2010

Earne djip fuort witte Friezen út Fryslân wol dat der sawat bestiet as ‘Westfriesland’. Dat stik Hollân oan it oare ein fan’e Ôfslútdyk. Dy polders mei bollefjilden en fakânsjehúskes ûnderweis nei it strân.

De lêste tiid (de ferkiezings, no) heare je hyltyd faker nuvere gjalpen fan ‘hef de provinsjes mar op!’, of ‘fusearje mar raak mei dy âlde brot!’. ‘Huppatee, smyt Fryslân mar op ien bult mei Grinslân en Drinte.’ In faak brûkt argumint tsjin sokke fúsjes is dat guon provinsjes in eigen identiteit hawwe, dat op guon plakken de ynwenners har tige mei har provinsje ferbûn fiele. Dat Fryslân Fryslân bliuwe moat, is it populistyske stânpunt wurden. Miskyn ek in kwealike saak oars: it fersterket mar wer de idee dat provinsjes de fuorútgong yn’e wei stean.

Dat Fryslân om har identiteit bysûnder is, dat witte de listlûkers yn ferkiezingstiid no en dan noch út’e mûle te krijen. Mar oare parten fan Nederlân ferjit men soks leaver fan. Nim no dat ûnderskatte en ûnbekinde Westfryslân (‘Noord-Holland’), dat skiereilân tusken Amsterdam en it Waad.

Myn (West-)Frysksinnige Westfryske freon Plaatsman skreau dêr krekt in sterke observaasje oer op syn weblôch. Ik wol dat stikje it Frysklêzend weareldsje tige oanrikkemandearje. It wurdt oars ek ris tiid dat wy Fryslân-Friezen wat mear nei it súdwesten seagen, ynstee ús altiten allinnich op in troch Grins dominearre ‘Noard-Nederlân’ te fiksearjen.

West-Friesland is gebleven. De folklore verdween misschien, het dialect ook zowat, maar een West-Fries bleef ‘n West-Fries, een schuur een boetje, eendenkuikens pulletjes. Nog altijd is er ‘n echte eigen identiteit, al reduceren de Hollandse media die graag tot alcoholmisbruik en een te hoog suïcidecijfer.

Sneon, fiif juny 2010.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: