Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Dochs net

Posted by André Looijenga on 07/06/2010

Tusken’e middei gie it loftalarm ôf en waard ik skille troch in professor. Ik siet op it tillefoantsje te wachtsjen, de hannen trillen my fan spanning, mar it boadskip wie wat ik al eange. Hja hawwe my dochs net keazen foar in aio-plak.

Fansels bin ik teloarsteld. It hie sa moai west, fjouwer jierren betelle ûndersyk dwaan hjir yn Grins.

Sa tichtby en dochs ôfwiisd wurde. Dêrtroch haw ik no ynienen wol nije ideeën en plannen oer hoe’t ik tenei de dingen better oanpakke kin. Myn promoasjeplannen binne net fan’e baan, en foar de wittenskip bin ik net ferlern. Faaks sjoch ik oer in pear jier derop werom dat it better foar my west hat sa. Hoe’t ik it no stal jaan sil, wurdt hurd oer neitocht. Yn elts gefal sille jim gau mear heare en lêze fan myn ûndersyk, myn wurk en myn skriuwen. Ik sil my sjen litte en fan my heare litte, dat stiet fêst.

Foar myn wurk yn Ljouwert lês ik no út Seneca syn Brieven oan Lucilius. Trochsette, dyn tiid net fergrieme. Stribje dernei sapiens te wêzen, libje secundum dyn naturam.

Moandei, sân juny 2010.

2 Responses to “Dochs net”

  1. Froukje said

    Hey André,

    Skande datst net talitten bist! Echt bale! Ik hoopje datst ynkoarten nije leuke ûndernimmens fine meist.
    Wit net ofst op de hichte bist fan it feit datst namme makkest yn de wrooood? Dyn bloch en namme stean neamd yn de nijsbrief Taalpost fan Genootschap Onze Taal. Hats it sjoend?

  2. Barbara said

    Hoi André,

    It is al wer in hiel skoftsje lyn dat wy elkoar op ‘e Akademy tsjin it lyf rûnen. Ik haw al wer in jier net yn Fryslân west en ik bin net mear in soad my it Frysk of it Latyn dwaande (ekskúses foar de flaterkes…).
    Net sa leuk om te fernimmen datsto it aio-plak yn Grins net krigen hast. Ik hoopje dat dyn oare wurk dyn nei it sin is en datsto yn ‘e takomst in oare mooglikheid krije silst foar dyn ûndersyk. Enne…Seneca is wol hiel moai en wiis, mar dochs net eat wêrst maklik bliid fan wurdst ast baalst. Lês ris Horatius’ Satiren: ek libjen neffens de natuer, mar wol wat minner swier!

    Groetnisse,
    Barbara

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: