Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Ha goeie!

Posted by André Looijenga on 11/06/2010

Wolkom, minsken, dat jimme efkes del komme op myn Frysk deiblôch!

Jo binne hjir kaam fia Taalpost, en sille, tink ik, net allegearre Fryskpraters en -lêzers wêze. Ik winskje jo in soad súkses, nocht (genoegen) en wille (plezier) by it ûntsiferjen fan myn Fryske stikjes.

Op myn blôch fine jo artikeltsjes oer in ferskaat oan ûnderwerpen dy’t mei it Frysk en myn ynteresses yn dy rjochting te krijen hawwe. Ik skriuw bygelyks gauris oer lytse bysûnderheden yn’e Fryske taal, lykas typyske wurdsjes as no en sa.

Fierders dobje ik graach âldere Fryske skriuwers út’e boekekast op. Nijsgjirrige 20e-ieuske auteurs dy’t ik jit boppe wetter helle haw, binne de prozaïst Ulbe van Houten en de dichter-dûmny A.R. Scholten. Dêrneist fine jim ek stikjes oer âldere (‘Midfryske’) dichters út’e 18e en 19e ieu, lykas heit en soan Althuysen en de eigenwize skoalmaster Rein Baukes Windsma.

Ik fyn it nijsgjirrich en ek wichtich om dwaande te wêzen mei de âldere fases fan jins eigen taal. Seker by it Frysk sjogge je dat de taal yn in pear ieuwen bot feroare is. It Frysk wie ommers let yn it ûntwikkeljen fan in standerttaal. Ik bin sels in twatalich Frysksprekker, in Fries mei as memmetaal Nederlânsk mei Fryske ynfloed en yn twadde ynstânsje it Frysk. At je nei de skiednis fan it Frysk sjogge, komme je hyltyd tsjin dat dy taal krektsa bewust brûkt en keazen wurdt troch minsken dy’t har likegoed yn it Nederlânsk rêde koene.

Dêrmei komme wy op in tredde tema dêr’t ik mei op myn blôch mei dwaande hâld (en hâlde wol): de identiteit fan’e Friezen en Fryslân hjoeddendei en yn it ferline. Ek hjir haw ik al inkelde stikjes oer skreaun.

Foar no hoopje ik dat jo hjir op myn deiblôch wat fan jo gading fine. Strún en sneup mar om, en kom foaral gau wer ris werom op dit taalblôch. At jo ynteressearre binne yn it Frysk en syn skiednis, moatte jo my mar efkes boekmarkje of oan’e RSS-fied (of hoe neame jo soks) tafoegje.

Nochris fan herte wolkom, en oant skylk wer lêzen!

André Looijenga

Freed, alve juny 2010.

5 Responses to “Ha goeie!”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

  2. sibejan said

    hmmm…
    “ûnderwerpen dy’t my it Frysk en myn ynteresses” moat wêze: “ûnderwerpen dy’t MEI it Frysk en myn ynteresses”

    • Tsja, ek in dikteewinner…
      Ik haw it faker dat ik yn’e gauwichheid “my” en “mei” trochinoar helje, at ik typ. Dêr sil in linguïstyske ferklearring foar op te tinken wêze. Ik sprek Klaaifrysk, dat “my” sit yn klank foar my ticht by “mei”.

  3. Nynke said

    Bedankt voor het welkom! Ik had je blog al gebookmarkt en wat stukjes gelezen (ontcijferd af en toe, inderdaad), en ik vind het heel interessant en onderhoudend! Bedankt!

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: