Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Dookje en jookje

Posted by André Looijenga on 12/06/2010

“Do… sit op it dak!”

As it goed is, krije Fryske bern noch altyd sa ynprinte dat je lang net elkenien mei do oansprekke kinne. Seist as bern gjin do tsjin dyn âlders, tsjin pake en beppe, masters en juffen, de buorfrou, de molkboer, of tsjin wa dan ek dy’t dúdlik âlder as dy is.

Sokke oansprekfoarmen (de ‘twadde persoan’, sa’t ik it by Latyn learde te neamen) binne yn it Frysk in delikate kwestje. Je kinne ommers ek wer net tsjin elkenien jo sizze. Yn guon gefallen al, mar at it giet om âldere minsken wêr’st in soart fêste bân mei hast (mem, pake, juf, ensf.), fielt jo yn it Frysk fierstente ôfstandelik. Yn sokke gefallen, en eins altiten ast tsjin ien praatst dy’st by namme en al langer kinst en respektfol oansprekke wolst, brûkst fansels de geweldige yndirekte oansprekfoarm: “Wol heit noch in kopke kofje, heit?”

De lêste tiid rin ik wolris wat Fryske skriuwers en taalpommeranten tsjin it liif. Minsken dy’t ik ornaris oprjocht wurdearje en dus mei jo oansprek. Hyltiten wer, soms noch foar der in petearke begûn is, krij ik dan te hearren: “Sis mar do, hear.”, “Meist wol sizze, hear.”

Al dat dookjen ûnder de lju dy’t deistich oan Frysk dogge, eins fyn ik it mar in bytsje nuver.

Eins fyn ik it foaral ‘net sa Frysk’ om sa mar elkenien te dookjen. Hjoeddeiske Fryskbewegers binne faaks benaud foar ferskil yn status. Se bedoele it fansels freonlik om jin mei do har lytse rûnte fan Frysk-lju binnen te lieden. Mar it wurdt der foar my net makliker op yn sa’n rûnte fan elkoarren dookjende minsken dy’t my meast noch frjemd binne. It ôftwingjen fan ynformele kontakten kin júst lju fûl út in groep bûtenslute.

Boppedat hawwe Fryske oansprekfoarmen yn it ferline jit komplekser west. Der wie in ferskaat oan oansprekstilen, benammen binnen it gesin. Nim bygelyks hoe’t om 1900 hinne in boerinne har man by de foarnamme plichte te jookjen: “Jo moatte net hurder, Haitze!” (út: U. van Houten, De sûnde fan Haitze Holwerda, 1938, s. 8 )

Op himsels is al dat gedoch mei de twadde persoan nearne ta nedich. Dat je út kinne mei mar ien oansprekfoarm bewiist it Ingelsk mei syn you wol, en ek it Drintsk fan myn memmekant dêr’t elkenien maklikernôch mei ie en oe oansprutsen wurdt.

Mar ja, sa is it Frysk net en dy kant út liket it Frysk him ek net te ûntjaan. Om my meie wy it hâlde by: “Mei ik jo wat freegje?”, “Wat fûn De Jong fan de útslach?”, “Hat buorfrou myn webloch al lêzen?”, “Wol tante ek in stikje taart?”, “Ik sit der sels erch oer te twiveljen, mar wat fynsto?”

Sneon, tolve juny 2010.

5 Responses to “Dookje en jookje”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

  2. said

    en jim(me)dan? Brûke jo dat noait?

    • Fansels.
      Jo fine alle persoanlike foarnamwurden fan’e twadde persoan yn myn blôchkes, oft it no om do, jo of jim(me) giet. Frijwat trochinoar oars, ôfhinklik fan hoe’t ik wilens it skriuwen myn publyk beneierje wol.
      Dêrneist fertoane ek myn ûnpersoanlik brûkte twadde persoanen (Nederlânsk: je) in moai ferskaat. Ik brûk bygelyks it ynformele kinst, en it moderne je kinne, en ek wol it formelere men kin.

  3. Mar mei it brûken fan “men” moatst foarsichtich wêze. Omdat de ik-persoan derby yn sit. Kinst dus net sizze: ik bin benijd wat men fan myn Frysk deiblôch fynt, want dy “men” is “do en de oaren”. En do witst fansels wol watst fan dyn eigen skriuwen fynst.
    Sa haw ik it teminsten leard, mar it soe wêze kinne dat soks ek al wer feroaret?

    • Hielendal mei iens, Grytsje! Yntusken brûk ik hiel wat minder ‘men’ as dat ik dat in oardel jier lyn die. En boppedat moatte je der oan wenne dat je ‘men’ as /mun/ útsprekke.

      Apart fyn ik it dat je yn âlder Frysk (Gysbert Japicx en sa) ynstee fan ‘men’ it koartere ‘me’ sjogge. Ien fan dy lytse eigene details dy’t der yn de ieuwen tusken Gysbert en ús al út it Frysk weisliten binne.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: