Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Jield az wetter

Posted by André Looijenga on 13/06/2010

Everwinus (of Evert) Wassenbergh (1742-1826) wie de grutte man fan it Frysk om 1800 hinne. As soan fan’e dûmny fan Lekkum-Miedum studearre er yn Frjentsjer en makke er jong karriêre as heechlearaar Gryksk. Op syn 25e docearre er oan it Athenaeum fan Dimter, en al yn 1771 kaam er as professor werom yn Frjentsjer. Fanút’e stúdzje fan’e klassike talen ûntjoech er him ta ien fan’e earste wittenskippers op it mêd fan’e Nederlânske en Fryske taalkunde. As klassikus wie er warber mei Plutarchus (dy’t er yn it Nederlânsk oersette en neifolge), wylst er him dêrneist breed dwaande hold mei de bestudearring fan syn twa memmetalen.

Al hie faaks (in Fryske foarm fan) it Nederduitsch syn thústaal west, fanôf syn studintetiid is der bewiis foar Wassenbergh syn ynteresse yn it ‘Boerefrysk’. In moai foarbyld is it gelegenheidsgedicht dat er yn 1763 skreau foar syn stúdzjefreon Alexander Hindrik Metelerkamp. Dizze folbrocht in juridyske disputatio op’e achtste fan’e Wjoedemôanne (hokker moanne dat ik wêze mei) fan dat jier. Hjir folgje it earste en fjirde fan fjouwer kûpletten:

Myn lieave Frieoun, in beste Maat,

Harkje eak reis ney dit boerske praat.

     Der ommers joed so folle Minsken

     Dy pryssen, in dy lok toa winsken,

Woe ik nou eak ien bytje mey

Opsjonge in rymje’, op disse dey;

     My tocht, ik koe it neat ontlizze,

     ‘k Moast eak hett’ noglyks fen dy sizze.

.

(…)

.

Derom brek ik nou eak mar ôf,

In sis nin wurd meer toa dyn lôf.

     Win yn ‘t forfolg mar jield az wetter

     Mey ‘t pleytjen, Man! ho meer ho better.

Trouw den ien Famke; ien lieaf, myld Djier,

Fen trye ôf fjouw’r in tweintich Jier.

     Kruwp der… mar lit uws ‘t hier by litte:

     Swy Sjong-Faam! lit it rymjen sitte!

.

Myn leave freon en bêste maat, harkje ek ris nei dit boerske praat. Dêr’t ommers hjoed safolle minsken dy prizen en dy lok ta winsken, woe ik no ek in bytsje mei opsjonge en rymje op dizze dei. My tocht, ik koe it net ûntlizze [lizze litte]: ik moast ek wat nofliks fan dy sizze.

[Hy sprekt syn ferwûndering út oer’e grutte rjochtskennis fan Metelerkamp. Ta beslút:]

Dêrom brek ik no ek mar ôf en sis gjin wurd mear ta dyn lof. Win yn it ferfolch mar jild as wetter mei it pleitsjen, man! Hoe mear hoe better. Trou dan in famke, in leaf, myld dier fan trije- of fjouwerentweintich jier. Krûp dêr… mar lit ús it hjir by litte. Swij Sjongfaam, lit it rymjen sitte!

(ed. E.G.A. Galama 1977)

Oer A.H. Metelerkamp haw ik fierders net folle fûn. Hy koe Frysk, en sil der krekt as Wassenbergh niget oan hân hawwe. Der hat yn alle gefal yn’e 18e ieu in nijsgjirrige lytse tradysje oan’e Frjentsjerter universiteit west om mei Fryske gedichten ien syn ôfstudearjen te fieren.

De status fan it Frysk wie yn 1763 lykwols dy fan in aardich, mar tige ûndergeskikt, dialekt. Ek Wassenbergh neamt it dit boerske praat. Dat hoecht net negatyf bedoeld te wêzen: Boersk wie wierskynlik ek de namme dy’t de sprekkers fan it ‘Lân-Frysk’ sels brûkten.

Wassenbergh nimt yn dit lofdicht it perspektyf oan fan in bewûnderjende bûtensteander, in frijpostige boer sa’t dy ek nei foarren komt yn Gysbert Japicx syn Friesche Tjerne. Mei it Boersk boartet Wassenbergh mei konsepten fan binnen en bûten, dêrby heare en derbûten stean. Yn it Frysk kin de dichtsjende studint Wassenbergh him frijer opstelle en skabreuze taspilings meitsje (krekt as men ek in protte yn it Latyn die). It Boersk, dat faaks in bytsje ûnder harren stân wie, ferbûn de Frjentsjerter studinten mei-inoar om’t it har ûnderskiede koe fan har stânsgenoaten bûten Fryslân.

Snein, trettjin juny 2010.

2 Responses to “Jield az wetter”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

  2. […] Frysk dissertaasjefers, lykas dat fan Everwinus Wassenbergh út 1763 dat ik earder behannele. Elias Annes Borger beskriuwt in nijsgjirrige ferskining fan Gysbert Japicx. Dy’t him […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: