Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Stasjonsbuorden

Posted by André Looijenga on 16/06/2010

Efkes wat lyts tuskentroch. Ik sit no alle wurkdagen yn’e trein, op en del nei Ljouwert. Ik hearde lêsten dat it treinstasjon Harlingen Haven opknapt is en fan no oan in ‘Arriva-hússtyl’ krigen hat. Soks set dy te tinken: sille se ek de blauwe nammebuorden yn NS-letters ferfongen hawwe troch nije reade?

En wichtiger: sille se dan daalks dy stasjonsbuorden yn it Frysk, of tenminsten twatalich, útfierd hawwe?

Harns Haven / Harlingen Haven.

Reizigjend yn’e forenseboemel Grins-Ljouwert bin ik der allang oan wend dat it ynblikte frommeske net allinne Hurdegaryp yn it Frysk omropt, mar ek Feanwâlden en De Westereen. Ast har krekt Feanwâlden heardest sizzen, klinkt it dêrnei hast ûnnatuerlik as Veenwouden.

Mar sjochst dan nei it blauwe stasjonsboerd, stiet it dêr allinne noch mar yn it Nederlânsk. Wêrom stiet dêr dan ek net Feanwâlden / Veenwouden? No’t Arriva alle buordsjes op har Fryske stasjon read meitsje wol, soe dat in moaie oanlieding wêze op al dy buorden ek Frysk te setten. 

Yn Dútslân kinne se dat ek (hjirûnder it stasjonsboerd fan’e Sorbyske stêd Wojerecy / Hoyerswerda). Al fyn ik dat wy yn Fryslân de Fryske nammen bêst boppe-oan moatte doarre te setten. En wol oeral. Net mear dat gepiel mei de iene gemeente al Fryske nammen, de oar in bytsje en de tredde net.

Bûtenpost / Buitenpost.    Ljouwert / Leeuwarden.    Snits Noard / Sneek Noord.     Starum / Staveren.

It kin bêst. Nee, it soe gewoan sa hearre moatte.

 

Woansdei, sechtjin juny 2010.

2 Responses to “Stasjonsbuorden”

  1. Silvia said

    Hoi André, ik ha jim blog fûn!
    Dat liket my wol in bytsje ‘ vals nationalisme’, wasto hjerboppe skriuwen hast. Harlingen (Haarns sille jim daar net so gau hearje) is Nederlânsk-talig. Ik ha persoonlijk gjin njocht oan al dizze twatalige fratsen. It sorget der allinnig mar foar dat minsken buten Fryslân de Fryske kultuur verspuie.

  2. Bêste Silvia,

    moai datst myn blôch fûn hast en lêst, en goed datsto dy as ‘Rotterdamske Liwwadder’ oan it Frysk weage hast!

    Ik bin sels net benaud dat mear Frysk yn’e iepenbiere romte ôfkear by minsken fan bûten Fryslân feroarsaket. Ik tink datst de hâlding fan bûtensteanders foar it Frysk oer wat te negatyf ynskattest. Al hearre je yn’e trein somtiden noch altyd nuvere gjalpen fan net-Friezen oer in stasjonsbuordsje as Hurdegaryp, mar, al bin ik yn sokke gefallen efkes ynwindich poer, oer it ginneraal stiet men bûten ús provinsje neutraal of sels posityf tsjinoer it Frysk.

    Yn Harns de Fryske namme boppe-oan sette soe miskyn wol wer wat gefoelich lizze. Mar foar de rest: at se yn Wales (wêr’t in folle leger persintaazje Welsktaligen is as Frysk- en streektaalsprekkers yn Fryslân) oeral twatalich dogge, wêrom kinne wy yn Fryslân dat dan net?

    Sa’t it Welsk dêre bydraacht oan it eigene en werkenbere fan wat oars inkeld in úthoeke fan Ingelân wie, sa soe men yn Fryslân it Frysk safolle mooglik sichtber brûke moatte ta jins foardiel!

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: