Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Subsydzje

Posted by André Looijenga on 01/07/2010

Hjoed mar efkes in poëzybesprek dat jo ek as in preek lêze meie, ta-eigene oan de froede faars fan’e provinsje Fryslân (en spesjaal oan harren tsjintfurdige tsjinstfeint, de kultueramtner Tj. Bottema). Ommers, de besunigingsmoade fan 2010 liket ek oan de Fryske literêre subsydzjes net foarby te gean. Der soe oer praat wurde en bring it stipejild foar dy pear Fryske tiidskriften werom fan € 430.000 nei € 130.000 (hast 70% derôf dus).

De kwestje oft it op’e lange termyn net skeadliker is (foar de wurkgelegenheid, foar it minsklik wolbefinen, foar in goed en sûn libben) om safolle mei de botte bile te besunigjen as no wrâldwiid de trend is, lit ik foarearst rêste. En lit my der ek mar oer swije dat bygelyks De Moanne har jild miskyn better yn ynhâldlik djipper dollende artikels as yn tsjok djoer papier stekke koe. Wichtiger is dat, as de provinsje minder (of neat) jout, der folle minder (of neat) fan’e grûn komt yn it op hokfoar papier ek útjûn Frysk. En dat, as der folle minder Frysk printe wurdt, dat in grouwe stap tebek is foar de Fryske taal en dêrmei foar de eigenens fan de Friezen. Ynienen mear as twatredde fuortbesunigje makket alle Friezen en har Frysk ynienen kulturiel (stikken, c.q. noch folle) earmoediger.

Hawar, ta bestrieding fan dy driigjende geastlike earmoed mar oer nei de poëzy. As freon fan it Fryske fersefrisseljen stel ik (fanwege de titel fansels) as skriftlêzing foar it gelikens neamde slotgedicht út Cornelis van der Wal syn bondel Subsydzje foar de Graal (2003):

Sa’n Graal liket my machtich moai, sa tocht it mantsje

nachts op bêd en gong der ôf, socht yn’e kast om wat klean,

iten en fansels in flesse reade wyn en die de foardoar iepen.

.

Wylst er oer de wiete strjitte rûn wie it krekt of hie er

eat fergetten. Grutte muzyk pulsearre yn syn brein en syn

earen tsjinnen as kompas, se keazen ynearsten

.

it easten, te mear om’t ús dizze rjochting al wat fleurich moarnsljocht

it oandoarde en sis boe! tsjin de tsjusterens

Mar, wat oars, siet de doar eins wol goed op’e skoattel?

.

Soe it net better wêze foar it mantsje en gean werom?

Wa wit, seit de skriuwer mei de snor fol skom,

tenei faaks mear, earst moat der wat subsydzje komme.

Dit fers is it lêste fan in skift fan 8 ‘mantsje-gedichten’ yn dizze bondel. ‘It mantsje’ mei syn groteske grutte plannen is troch guodden wol lêzen as in antiheld-eftich alter ego fan de dichter. Mar tagelyk hawwe wy yn rigels 11-12 in ‘skriuwer’ dy’t de queeste fan it mantsje ûnderbrekt, as is júst dy skriuwer de dichter Cor van der Wal dy’t om stipe freget.

Ik kin my yntinke dat dit (eins fan begjin ôf iroanyske en relativearjende) gedicht foar guon lêzers mei in rare sydsprong einiget. As klassikus sjoch ik der lykwols net fan op dat in dichter op’e ein fan syn wurk taspilings makket op’e (finansjele) beleaning foar syn keunstnerskip. It eins tige klassyk dat in dichter (al as net tusken de rigels troch) om subsydzje bidlet (in Horatius die soks ek).

Klassisy soene dit gefal by Van der Wal op tenminste twa manieren ynterpretearje kinne. De earste is simpel en histoar(isist)ysk: de dichter ferwiist mei dit fers (en fral rigel 12) foarút nei wurk dat hy seit fan doel te wêzen te skriuwen. En ja hear, de literatuerskiednis lit sjen dat Van der Wal noch in wurk mei in mantsje-eftige haadpersoan en in soartemint Graal-tema útbringe soe (syn novelle Kening Kees út 2008). En lit dat boek no ek noch ‘ta stân kommen’ te wêzen ‘mei stipe fan de provinsje Fryslân’.

Sa’n ynterpretaasje is valide, mar seit fansels net alles wat der yn in gedicht as dit sit. Yn rigels 11-12 boartet Van der Wal neffens my ek mei in bûtensteanders byld fan (syn) Frysk dichterskip. Ynspiraasje út’e flesse (‘de snor fol skom’, r. 11; fgl. ‘fansels in flesse reade wyn’, r. 3) en ôfhinklik fan provinsjale subsydzjejilden.

De teltsjes oer ‘it mantsje’ dy’t de besnorre skriuwer hjir tsjin betelling dichtet, sizze faaks noch wol mear oer de Fryske literatuer. It mantsje dat yn oare fersen poëtyske en artistyske ambysjes dreamt, is hoeden en temûk [= stikem] yn it útfieren fan dy dreamen. En hat er alles wol by him, sit de doar wol op slot? Moast dat allegearre wol, dy hege ynbyldsels fan kweestes nei de Graal, dy yllúsjes fan hege keunstsinnige ideälen en sa? “Soe it net better wêze foar it mantsje en gean werom? (r. 10)” — faaks binne wy, dy’t mei it Frysk ompiele, allegearre wol ‘mantsjes’ dy’t nachts útpike wolle mar dochs net te fier fan hûs doare.

En tsja, de Graal. Soks ‘liket [jin] machtich moai’, mar yn hannen krije je him net. En om op it ôfbrekken troch de skriuwer werom te kommen: einige de grutte ridderroman oer de Graal fan Chrétien de Troyes ek net abrupt en ûnfoltôge? No ja, it giet faaks net om’e ein, mar om de ‘grutte muzyk’ (r. 5) yn’e holle wylst ûnderweis op’e wiete strjitte.

Subsydzje dus. Sokke gedichten (bêst de muoite wurdich, tink) smite de provinsjale stipe ús de lêste jierren op. En dan krigen jo der fan’e jûn myn útlis der noch fergees en sûnder subsydzje by. Der soene tenei faaks sokke stikken fan my yn’e Frysktalige blêden printe moatte wurde, dan koe ik as jo favoryt oanstoarmjend kritysk talint dêr ek noch in bytsje fan libje…

Ta beslút fan myn preek in fraachje. Hoefolle meter Sintrale As soe der eins oanlein wurde kinne fan dy € 300.000 besuniging, dy’t wolris ien of mear Frysktalige tiidskriften de kop koste koe?

[Mar ja, wêrta is in Fries de yn it Frysk skreaune media ek nedich? Skylk is der dochs wer skûtsjesilen en keatsen. Sport en sûpe, en fierders net te mâl, dat is dochs dy Fryske identiteit fan ús, net?]

Kom op no, Fryske blêden, lit merke dat jim jim subsydzjesinten wurdich binne!

Tongersdei, ien july 2010.

4 Responses to “Subsydzje”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

  2. Elske Schotanus said

    Ensafh. nimt in berjocht oer fan Liwwadders dat as kop hat: Zwaar weer op komst voor in het Fries geschreven media. Ensafh set der in eigen kop boppe: Swiere besunigings driigje foar û.o. ensafh. Dat kin allinne as de redaksje verifiearre hat oft de besunigings harren tydskift yndie treffe sille. Wat falt der op Ensafh trouwens te besunigjen? Safolle jild giet der net hinne.

    Oanstoarmjend kritysk talint krijt in pear sinten it wurd, it Deiblêd jout, ik mien, 35 euro foar in resinsje, de LC wat mear, mar talint is dêr net foar noadich want mei in pear hûndert wurden moat it wol ophâlde. Skriuw mar foar de Moanne of Ensafh, wêrom op in log? Mar dêrfan libje? No, nee, dan moatte je leanlistfries wurde.

  3. […] ik, op dizze waarme, mar dochs heuchlike dei, it wurd jaan oan oan dûmny Looijenga te Grins. Lês hjir syn oangripende […]

  4. Wat faaks wol aardich is te fermelden: dizze bondel krige doedestiids gjin subsydzje fan it Produksjefûns…

    fr gr c

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: