Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Albada-stien

Posted by André Looijenga on 02/07/2010

Ien fan’e dingen dêr’t ik my mei dwaande hâld, binne Latynske ynskripsjes út Fryslân en Grinslân. Lêsten wie ik in wykein yn Tersoal. Ik kaam doe op in waarme sneontemiddei ek efkes op’e fyts troch ús buordoarp Poppenwier. Oan’e Bûtenbuorren hong in flagge oan it tsjerkhôfshikke, dat der wie wat te rêden. Ik derop ôf. Yn’e iepen doar siet in frou op in klapstuolke, der wie in tentoanstelling fan Cornelis Jetses-collectabilia en âlde fotokamera’s en platespylders, en ik wie tige wolkom om binnen te sjen.

De herfoarmde tsjerke fan Poppenwier is in nijbou út midden 19e ieu, op in flak terpke tusken skyldereftige huzen en spultsjes. De tsjerke is fan binnen frij rom, mar ienfâldich. Der is in grutte kreake, mar gjin oargel. De grutste bysûnderheid leit ûnder de preekstoel, skean op’e as fan it tsjerkgebou tusken de estrikken yn it koar: de grêfstien fan de Albada’s.

In geweldige renêssânse-stien! Hy is makke troch Benedictus Gerbrandtsz (B . 1558 . G stiet der boppe-oan). Wat ôfsliten en tehavene, mar noch altiten in keunststik oan detaillearring, wapenskylden en humanisteletters. Ik stie de stien fan alle kanten te besjen en wat fotootsje te sjitten, doe’t de frou út foarportaal kaam. Hja rôp frou Douma der efkes by dy’t mear te fertellen wist oer dizze stien (en sa freonlik wie my dizze foto troch te stjoeren).

De grêfstein fan'e Albada's út 1558 (foto © Pier van der Heide)

Ûnder dizze stien lizze Lieuwe Hettes Albada (stoarn yn 1553), syn frou Frouck Roerda (krekt dêrnei yn 1554) en harren soan Hette Albada (yn 1587). De heit en de mem binne binnen in moanne weirekke. Heit en soan wiene beide grytman fan Raerderhim. Nijsgjirrich dat de namme fan dy gritenij yn 1558 as Raerderhem skreaun waard, en yn/nei 1587 as Rauwerder Hem.

My gûng it yn it foarste plak om it Latynske opskrift. It is in ferske fan trije rigels, yn hexameters:

Hic Leo mortali vitaque / et lumine cassus

Omnibus et tandem / curis Albada solutus,

[Cu]m chara a Roerda / Vrouca sibi coniuge dormit

.

Hjir, berôve fan it stjerlik libben en ljocht, sliept, einlings frij fan alle soargen, Leo Albada, mei de him leave echtgenoate Vrouca fan Roerda. 

De tredde rigel rint mei opsteapele ablativen in bytsje frjemd en de haadsin Hic Leo Albada dormit is keunstich oer it gedichtsje útspraat, mar fierders is it allegear goed Latyn. En fansels wurdt in ‘Lieuwe’ dan in ‘Leo‘ (liuw).

Wa sil dit fers skreaun hawwe? Miskyn Hette, de âldste soan. Faaks meister Wibrandt van Albada, de jongere soan dy’t studearre hie yn Leuven en fan ûngefear 1545 oant 1576 pastoar wie yn Raerd. It moaie is dat krektlyn, novimber ferline jier, by de restauraasje fan’e tsjerke fan Raerd yn it koar de grêfstien fan dizze Wibrandt weromfûn is.

Neffens frou Douma bleaune de Albada’s nei 1580 katholyk. Dêrmei skine se gjin útsûndering west te hawwen yn Raerderhim, wêr’t de reformaasje earst mar stadich fan’e grûn kaam. Hette Lieuwes Albada sil as katholyk wol syn grytmansamt kwytrekke wêze. Miskyn dat de ûndúdlike lytse letters w. s. c. […] op’e ein fan syn tekst dêrop wize. Ik freegje my ek ôf wat de ôfkoarting K.M. of C.M. foar de titel Grietman bestsjut? Keizerlike/Keninklike Majesteit faaks, as teken fan’e loyaliteit fan’e Albada’s oan Karel V en Filips II?

De sechtjinde ieu wie miskyn wol de meast revolúsjonêre ieu yn’e skiednis fan Fryslân. De minsken dy’t hjirûnder lizze, hawwe it measte dêrfan meikrigen. De sechtjinde ieu hie fan Fryslân fan in efteroanrinnende úthoek ien fan’e modernste parten fan Europa makke. Binnen in pear generaasjes wiene Friezen gelearden en opdrachtjouwers fan renêssânsekeunstners wurden, en hiene se oan’e ein fan’e ieu in eigen republykje, in eigen universiteit en yn’e praktyk relatyf folle godstsjintsfrijheid.

Noch altiten bestiet it Onze Lieve Vrouwe of Albadaleen dat troch dizze famylje ynsteld waard. De fâden fan dit lien komme noch alle jierren gear op’e Poppenwierster kreake en hâlde dan foar har gearkomste in pear minuten stil by dizze stien.

Mei tank oan Tine en Arend Douma fan Poppenwier.

Freed twa july 2010.

2 Responses to “Albada-stien”

  1. Mike said

    Is it possible to translate your text to English or Dutch so I might read about your Albada discoveries? Thanks so much!

    Is het mogelijk om te vertalen tekst in het Engels of Nederlands, dus ik zou kunnen lezen over je Albada ontdekkingen? Heel erg bedankt!

    • Beste Mike,

      met alle plezier lever ik u een Nederlandse vertaling van mijn Friese tekst. Bij deze een offerte. Laat ik schappelijk zijn: €0,05 per woord.

      Met vriendelijke groet,
      André Looijenga

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: