Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Tibelje

Posted by André Looijenga on 09/07/2010

Ien fan dy dingen dy’t ik alle dagen doch, dêr’t nea by stilstean dat ik it doch, mar dêr’t ik net sûnder kin. Miskyn is it dat at myn harsens oan binne, myn hannen ek wat te dwaan hawwe moatte. Dochs doch ik it (gelokkich) net altyd: meast wannear ik ûntspannen bin en wat lês of neitink. Yn it standert-Nederlânsk is der gjin wurd foar: frunniken fyn ik te smoarch klinke, en peuteren betsjut foar my dat der wat by stikken giet. It is doelleas, wat boartlik, in byprodukt fan harsenaktiviteit, en yn myn eigen praten haw ik der ál in wurd foar.

It wie in wurd foar at ik as bern mei de toutsjes fan myn trui boarte, at ik in potlead tusken myn fingers draaie liet, at ik mei de fingers op’e tafelrâne trommele. Hé, zit niet zo te tiebelen!

Tiebelen, neffens it Nederlânske wurdboek bestiet it net.

It is eat datst mei dyn fingers dochst, sûnder doel en hast ûnbewust. It is net in wurd foar it sobbeljen op in pinne of it toutsje fan’e trui. Ek net foar it ûnder it rinnen opgoaie en yn’e hannen fange fan in boek of in bôletromke (soks doch ik ek gauris).

Ûnfertaalber nei de standerttaal, hie ik altyd tocht dat it in Frysk wurd wie. Tibelje. Hjoed socht ik it efkes op. Yn it twadielich Hânwurdboek stiet it net. Wol is der tipelje, eins in (my ûnbekind) folkloaristysk spultsje, mei as betsjutting #4: ‘mei de fingers yn ûnrêstige beweging earne oan sitte (bgl. sûnder der by nei te tinken mei in pinne boartsje)’. Der wurdt by ferwiisd nei tyspelje, dat deselde eleminten ‘sûnder neitinken’ en ‘mei de fingers’ yn him hat.

Mar foar my hjit soks tibelje. En yn it troch Frysk beynfloede ABN dat myn thústaal is, neame wy it sûnder mis tiebelen. Wêr sil dy –b– no fuortkomme? Brûke wy thús in fariant fan tipelje/tyspelje dy’t de wurdboekskriuwers op’e Akademy net opmurken hawwe?

In hiel beheind ûndersykje op it wêb mei hiel beheind risseltaat joech oan it wurd tiebel(e)n yn’e rjochting fan it Drintsk en it Stellingwarfsk te sykjen. Myn tiebelen/tibeljen komt dus fan memme kante!

Yn ús thústaal hawwe wy mear sokke wurden meikrigen, dy’t mear Frysk as Nederlânsk binne (mar dochs net helendal Frysk lykje). Myn sleutels bewarje ik altyd in’e buus. Jawis, in ‘Frysk/Nederlânske’ bûse, mar wol in bûse dy’t myn oma yn Nijeveen ek ferstean koe. Krektsa doch ik myn vuilnis yn in puud. En stikjes bôle gauris yn in plastic puudje (wy sizze thús foar de grap ek wol puidje).

Wurden stappe oer fan taal nei taal. Dat is it moaie fan wurden: elts hat syn beskate betekenis. Gjint is eins gâns ien-op-ien oer te setten, dat dan liene je. Dat is faaks wat my oan myn tiebelen, buus en puud hechtsje docht. Ommers, in pûde/puud is wat oars as in ‘sek’ en ek net in ‘tas’, mar sit dêrtuskenyn. In bûse/buus is net allinne in ‘broekzak‘, mar ek in ‘jaszak‘. En tiebelen fult foar my hielendal in leksikale leemte.

Ta beslút: ien dy’t hieltiten tiebelt (tibelet), hjit by ús thús in tiebelkont. In nijsgjirrich wurd, want by dat tibeljen mei de fingers sitte je dan wol oan oare dingen dêr’t je eins net oan hoege te sitten, mar noait mei jins tengels oan jins mear private lichemsdielen. (Miskyn dat ús tiebelkont fan wiebelkont ôflaat is, mar faaks komt it guon kenners fan it Drintsk en it Stellingwarfsk ek wol bekind foar.)

Freed, njoggen july 2010.

8 Responses to “Tibelje”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

  2. anne feddema said

    Hé André binne sleutels gjin kaai by dy of wie dat ek al Nederlânsk?

    • Bêste Anne,

      fansels bedoelde ik ‘sleutels’ hjir as Nederlânsk.

      Ik brûk yn myn praattaal meast it minfryske ‘sleutel’, mar in inkeld kear dochs wol it folle fraaiere ‘kâââi’.

  3. Dag André,

    Tiepelen is in et Stellingwarfs:
    1. tiepelen, et spellegien tiepelen doen.
    2. wat an ‘t prutsen wezen.
    3. wat zenewaachtig de hanen bewegen, argens mit zitten te speulen.
    Een tiepelkonte is iene die wat zit te prutsen.

    Groeten,
    Johan

    • Bêste Johan,

      tankewol foar de ynformaasje oer it Stellingwarfsk. By jimme hat ‘tiepelen’ dus deselde betsjutting as ‘tipelje’ neffens de Fryske wurdboeken. Blykber is de oarsprong fan it wurd dus dat âlderwetske spultsje, wêrby’t mei houtsjes goaid wurdt.

      It ‘tiebelen’ mei in -b- sil ik wol fan myn mem-en-dy (dy kant fan’e famylje komt fan Nijeveen) oernaam hawwe. De taal dêr liket wol op Stellingwarfsk, mar is dus krekt wer oars.

      Moai dat jimme yn’e Stellingwarven ek ‘tiepelkonte’ hawwe. Apart dat it in samenstelling mei ‘kont’ is: oars as by ‘draaikont’ of ‘riesterkont’ is ‘tie(p/b)elen’ ommers net eat datst mei dyn efterwurk dochst.

      (Ik skreau krekt ‘riesterkont’ op; dat liket ek gjin Frysk, en wierskynlik dus Drintsk, te wêzen. Sokke affektive wurden haw ik dúdlik fan myn mem leard…)

      Groetnis,
      André

  4. Yn myn andert op Johan Veenstra syn réaksje referearde ik even oan it wurd ‘riesteren’. Ik kin dat fan thús yn’e betsjutting “(as bern) ûngeduerich wêze ûnder it sitten, hinne en wer beweegje op’e stoel”.

    Der stiet net sa’n wurd yn it Frysk Hânwurdboek, mar Google wiisde my wer nei it Drintsk ta.

    Foar it tiidwurd ‘riesteren’ fûn ik dizze nijsgjirrige attestaasje, in spultsje mei it goaien fan nuten dat men mei Peaske yn Zuidhorn plichte te dwaan:
    Het hek was de toegang tot het kerkhof, en de steeg heette in de volksmond wel ‘Vondelings ree’ (van reeweg of lijkweg). Met Pasen stonden er altijd mannen en jongens te “potjen en riesteren” (noten te schieten). http://gelkinghe.web-log.nl/gelkinghe/2010/02/hendrik-vondeli.html

    Faaks kaam dat ‘riesteren’, krekt as ‘tipelje/tiepelen’, yn in grutter gebiet foar as selskipspul. It liket der yn alle gefal op dat beide wurden deselde betekenisûntwikkeling hân hawwe.

  5. Now ja, we bin now toch an et korresponderen, André,

    Riesteren is in et Stellingwarfs:

    1. Een betien henne-en-weer staon te trappelen, zoas koenen doen vlak veurdat ze an et kalven toe binnen.
    2. De boel opredden, oppakken. Ik zal mar even beginnen te riesteren.

    Groeten,
    Johan

  6. […] bin, kringt ta my troch dat ik noch in oare beppetaal haw. By ús mem thús wie de taal ommers Drintsk. Fan it simmer bin ik begûn en ferdjipje myn kennis fan it (Súdwestlik) Drintsk, en wat dêrmei […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: