Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

Reiderlânske Reis

Posted by André Looijenga on 12/07/2010

Al as net de hûnsdagen, ôfrûne freed stuts ik mei in goefreon op’e fyts ôf nei it easten. Oer Slochteren, Noordbroek, Scheemda en Midwolda trapen wy de 50 km fuort rjochting Dútske grins. De sinne stie leech en de jûn wie soel, doe’t wy ús deljoegen oan it ‘Oldambtstermeer’. Sa sjocht dat ferneamde (en beruchte) Blauwestad der dus út, sjoen fanôf de dyk tusken Midwolda en Oostwold. Midden op’e foto sjochst in baggerboatsje dwaande op’e nije mar. It is krekt of is de mar noch net ôf. Faaks wurdt der baggere om it gers fuort te heakkeljen, dat noch op’e boaiem groeie soe fan doe’t it hjir jit greidlân wie.

Blauwestad

Myn fytssinnige freon wennet yn Nijeskâns, in tsien minuten rinnen fan it eastlikste puntsje fan Nederlân. Dy oarde hawwe wy op in nachtlike kuier ek noch efkes opsocht. It echte eastpunt leit midden op’e A7, mar wy al even dêr deunby neist it blauwe boerd mei “Nederland” by de fangreels stûn. Wy hiene doe ek al oer tsjustere polderdykjes de grins oer west. Ik wie suver wat teloarsteld dat der gjin dûane- of Zoll-patrûlje wie dy’t ús fan smokkeljen fertocht. (Myn freon wie lêsten noch oanholden troch de maresjaussee, om’t er op in lyts blokje-om by syn eigen doarp it paspoart fergetten wie.)

Doe’t wy de oare deis út Nijeskâns fuortteagen, baarnde de sinne wer fûl. Daalks fytsten wy Dútslân yn. It earste plak dêr’t wy stopten, wie it stedsje Weener. Hjir in plaatsje fan it âlde gasthûs, dat der suver Grinslânsk útsjocht. Boppe de doar fan it gasthûs stiet de folgjende tekst: ANNO / 1797 / Is dit Arm Gast huis / Uit de liefde giften der / Interessenten gebouwt / onder het bestier van / 15 Directeuren.

Twahûndert jier lyn wie yn dit part fan Eastfryslân Nederlânsk noch de skriuwtaal. Religieus wie men yn it westen fan Eastfryslân bot op’e Nederlânske Republyk rjochte (noch altiten is de ev.-reformierte, herfoarmde, tsjerke hjir it grutst). Yn it gasthûs sit no in muséumke, mei in boerd derfoar wêrop’t se it Eastfryske Pladdütsch libben prebearje te hâlden. Je sjogge daalks hoefolle mear dizze streektaal op Nederlânsk as op Heechdútsk liket.

Twataligens yn Weener

It wie eins te hyt, mar dochs fierder. De dyk lâns de Yms by del nei Leer. It lânskip is grien greidelân, pleatsen op beammige pôlen en lytse doarpkes. Hiel Frysk fansels, mei terpen en fearten (it wie der hast de Legeaën), mar wol mei in folwoeksen rivier.

Leer útridend, sochten wy in plakje yn it skaad oan’e Yms. Yn’e gleone sinne koe ik it net úthâlde, dat wy joegen ús mar del ûnder de grutte brêge. Se soe de op ien nei grutste klapbrêge (nei de Erasmus- yn Rotterdam) fan’e wrâld wêze. Ûnder it ritmysk kedûng-kedûng fan it motorferkear kamen wy in bytsje by op miskyn wol it kuolste plakje bûten yn Eastfryslân. 

In daaldersk plakje ûnder de brêge by Leer

Dêrnei dûkten wy yn in swimmarke neist de yngong fan’e Emstunnel, foar’t wy fierder rieden. Yn’e stêd Leer en op it ‘strân’ hearde ik hast gjin Platt praten. Ynstee krige ik de yndruk dat in part fan’e jongerein oerskeakelet op in soarte fan gruttestêde-Dútsk, dat my op ien as oare manier (begryp my net ferkeard) wat ‘Russysk’ of ‘Turkskich’ oandocht. No ja, yn elts gefal lei ús guod op it swimstrân wol feilich tusken de tatûearre Russendeutsche.

Jûns waard de temperatuer draachlik en ferfolgen wy ús rûte lâns de âlde Reiderlânske doarpen oan’e Yms. It binne stille terpdoarpen efter de dyk yn’e binnenbocht fan’e rivier. Hiel kreas is Midlum, mei in 13e-ieuske tsjerke en in hiel aparte klokketoer. Hast alle midsieuske tsjerken eastlik fan it Eemskanaal hawwe in lossteande toer, mar gjin ien hat safolle lûdroppende galmgatten as dy fan Midlum by Jemgum.  

De toer fan Midlum

In pear doarpen fierder sieten wy yn Ditzum oan it haventsje. It herte fan dit moaie doarp is it syl, mei oan’e iene kant de âld tsjerke mei in toer as in skippersbeaken en oan’e oare de fiskershaven en de helling. Kinst hjir goed fisk ite, ek.

Op'e helling yn Ditzum

By Pogum stiene wy noch op’e dyk om in reade sinne en yn’e fierte Emden te sjen. Fan dêrôf begûnen de lêste 20 km werom nei Nijeskâns troch de ferlitten polders by de Dollard. De seedyk, skiep, nôtfjilden, de wjukslach fan in lette fûgel, in inkeld ljochtsje oan’e horizon. Hast in abstrakt lânskip, yn’e leechte op’e Dútsk-Nederlânske grins.

Op ien plak kinst de seedyk oer. Troch de kwelders komst op in âld boarplatform dat as in skiereilân yn’e Dollard stekt. Grize jûnsloft, in griisgriene streek oare kant, it brúngrize slik. Dollard at Dusk, frij nei Mark Rothko.

Moandei, tolve july 2010.

4 Responses to “Reiderlânske Reis”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

  2. It boatsje op’e Oldambtmar die bliken yndie dwaande te wêzen mei it meanen fan gers dat ûnder wetter groeit. Ik seach it juster sels op TV Noord: http://www.rtvnoord.nl/nieuws/nieuws.asp?pid=93168

    Ik siet nei it skriuwen fan boppesteand blôchke noch yn noed oer réaksjes op myn opmerking dat it Eastfryske Platt troch in ‘allochtoanich’ gruttestêde-Dútsk ferkrongen wurdt. Ik eange al foar ksenofoob útmakke te wurden, mar gjin ien hat him deroan steurd tink.

  3. Nynke said

    Bedankt voor de mooie reisreportage! Ik krijg er zelf ook zin van om in Oostfiesland te gaan fietsen, al woon ik niet meer handig in Groningen. En ik moest breed glimlachen om de Mark Rothko-verwijzing🙂.

    Dat ‘Turkenduits'(de officiële naam kan ik me even niet herinneren) hip is onder Duitse jongeren, is volgens mij wel een algemeen geaccepteerd feit. Dat het ook voorkomt in een niet heel erg kosmopolitisch stadje als Leer, vind ik dan wel weer opvallend…

    Verder vroeg ik me af wat de marechaussee nu eigenlijk doet als ze erachter komen dat je (in de buurt van je eigen huis) je paspoort niet bij je hebt. Kreeg je vriend een waarschuwing of bekeuring? Kwamen ze mee naar huis om zijn paspoort te zien?

  4. […] te wurden. Saved by the crunch, liket it no. Inkeld jildpine hat dizze oerdwylske Noard-Hollânske ‘Blauwestad’ keare […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: