Frysk Deiblôch

It blôch fan André Looijenga

De fjoertoer fan Deinum

Posted by André Looijenga on 19/07/2010

Yn Deinum stiet in sipel op’e toer. In moaie toer oars, en in tsjerke ek mei in samling útsûnderlik moaie renêssânse-serken. Ferline wike tongersdei wie ik yn Deinum mei ús ûndersyksgroepke néo-latynske ynskripsjes. Yn Frjentsjer hiene wy al hast twa oeren yn’e tsjerke nei âlde stiennen sjoen, hiene it stee fan’e âld universiteit opsocht, it Museum Martena en it stedhûs, mar de fiif Feytsma-stiennen yn it koar fan Deinum (en it freonlike echtpear Kuipers) makken de dei hielendal moai ôf.

De Latynske opskriften fan guon fan’e Feytsma’s hiene ús nei Deinum brocht. Ta beslút koe ik ek noch op de folgjende ynskripsje bûten yn’e noardmuorre fan’e toer wize:

Ut struxere Pharum fastigia lucida nautis,

     sic procul haec horas turris iterque notat.

.

Allyk’t se Pharos bouden as ljochtsjende spits foar seelju,

sa jout fan fierren dizze toer de oeren en de wei oan.

De toer fan Deinum, boud yn’e jierren 1550-1557, wurdt yn dit Latynske elegysk distichon fergelike mei de fjoertoer fan Pharos (yn Alexandrië), ien fan’e wûnders fan’e antike wrâld. Út it lettertype lied ik ôf dat dizze ynskripsje út’e tiid fan’e tuorbou datearret. It binne ommers echte sechtjinde-ieuske humaniste-majuskels, sa’t je op’e foto hjirûnder (rjochtsboppe: NAVTIS) sjen kinne. (De stien mocht oars wol ris himmele en byferve wurde…)

De fergeliking mei de fjoertoer fan Pharos hat gauris ta misferstannen laat yn’e ôfrûne ieuwen. Mear as ienris hawwe minsken dit Latynske fers oanhelle as bewiis dat de Deinumer toer eartiids in beaken foar de skipfeart wie. Dizze toer (út midden sechtjinde ieu!) soe sels boud wêze as fjoertoer foar skippen op’e Middelsee, — ek al wie dy see-earm ter hichte fan Deinum doe al in pear ieuwen lyn ynpoldere. Ek oer de Âldehou kin men fansels sokke fabeltsjes wol. Sûnder it Latyn goed te lêzen, sitearre bygelyks Jacob van Lennep dizze rigels yn dy rjochting. In foute oersetting fan’e earste rigel yn, ik leau, it géografysk wurdboek fan Van der Aa hat ek gjin fertuten dien foar in goed begryp.

Mar it kin noch mâlder as it letterlik nimmen fan in poëtyske fergeliking mei in wrâldferneamde fjoertoer: ik mien ris in stenciltsje ûnder eagen hân te hawwen mei in oersetting, wêryn’t it wurd vuurtoren by fersin úttypt wie as vuurwapen… Lykas wie de toer net in beaken mar in stik geskut.

Mar goed, lyts wiene de ambysjes net fan’e lju dy’t yn 1557 de nije toer fan Deinum ynwijden. Yn in geleard en goed rinnend Latynsk fers easken hja rom op foar harren nijbou mei in eksplisite ferwizing nei de toer fan Alexandrië. Hjir yn Deinum koe men syn klassiken, wist men dat de fjoertoer fan Pharos ek de biblioteek fan Alexandrië, it grutste antike sintrum fan geleardens, te binnen roppe soe. It wiene gelearde Friezen dy’t dizze toer delsetten, en dat lieten se graach witte.

Yn’e súdmuorre sit ek in stien yn it Latyn (dy’t minder te lêzen is as dizze) ynmitsele. Dêrop wurdt ferhelle oer de bou fan’e toer, mei fansels de fermelding fan’e lokale pommeranten dy’t deroan meiwurken. Foaroan stean de nammen fan Ruiardus a Feitsma en syn soan Magister Hesselus. It is gjin tafal dat dizze Ryuerdt van Feytsma (stoarn yn 1556) en M. Hessel van Feytsma (stoarn yn 1557) ûnder grutte stiennen mei Latynske frasen yn it koar lizze. Magister Hessel (hy hie dus studearre) krige op syn stien gelearde lof taswaaid as kenner fan’e filosofy fan Aristoteles. Hessel wie, yn Latyn mei in Gryksk lienwurd, ommers: Stagyritici callidus arte sophi “betûft yn’e keunst fan’e wiisgear fan Stagira”.

It gelearde Fryslân fan’e sechtjinde ieu, en as case study dizze Feytsma’s fan Deinum, har represintaasje en har netwurk, der sit grif in noch nijsgjirriger ferhaal yn.

Moandei, njontjin july 2010.

One Response to “De fjoertoer fan Deinum”

  1. […] Lês fierder by André Looijenga […]

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out / Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out / Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out / Change )

Google+ photo

You are commenting using your Google+ account. Log Out / Change )

Connecting to %s

 
%d bloggers like this: